Longwood House
Longwood House wie de lêste residinsje fan Napoleon Bonaparte, ûnder syn ballingskip op it eilân Sint-Helena, fan 10 desimber 1815 oant syn dea op 5 maaie 1821. It hûs leit op in winige, kâlde flakte sa'n seis 6 km fan Jamestown.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Longwood wie oarspronklik in pleats fan de Britske East-Yndyske Kompanjy en waard it bûtenferbliuw fan de waarnimmend gûverneur. It waard yn 1815 foar it gebrûk fan Napoleon ferboud. It Britsk regear joech lang om let ta dat it hûs net in gaadlik plak foar de eardere keizer en syn gefolch wie en hie in nij hûs yn de buert foar him sette litten dat er nea bewenne hat fanwegen syn te betiid ferstjerren. Yn febrewaris 1818 stelde gûverneur Sir Hudson Lowe oan Lord Bathurst foar om Napoleon te ferhúzjen nei Rosemary Hall op in gastfrijer part fan it eilân, yn 'e lijte en it skaad, sa't Napoleon it graach hawwe woe. Mar beskate dingen dy't generaal Gourgaud yn Londen oan it ljocht brocht diene Lord Bathurst konkludearjen dat it feiliger wie om Napoleon op Longwood te hâlden, dêr't ûntkommen dreger wie. De bou fan it nije hûs begûn earst yn oktober 1818, trije jier nei de oankomst fan Napoleon op it eilân.
Nei Napoleons dea
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de dea fan Napoleon, kaam Longwood House wer oan de Britske East-Yndyske Kompanjy, en yn 1833 oan de Britske Kroan, en krige it in lânboubestimming. Napoleon III ûnderhannele fan 1854 ôf mei de Britske regearing om it, wilens frijwat fertutearze, hûs en grûn oan Frankryk oer te dwaan. Dat barde yn 1858, tagelyk mei de 'Delling fan de Tombe', it plak dêr't Napoleon ynearsten beïerdige waard, foar in bedrach fan £ 7.100. Sûnt hat it Frânske ministearje fan Bûtenlânske Saken it behear oer beide monuminten. Yn 1959 krige de Frânske regearing fan Dame Mabel Brookes in tredde eigendom, paviljoen The Briars, dêr't Napoleon de earste twa moannen wenne ûnder it tarieden fan Longwood.
Yn de 40er jierren fan de 20e iuw driigde der sloop fan it troch termiten oantaaste hûs, mar Longwood House waard rêden en is restaurearre troch Frânske kuratoaren. De stiennen trep oan de foarkant fan it hûs is it iennichst oerbleaune oarspronklike materiaal.
Longwood House is no in museum en ek de wenning fan de Frânske konsul op it eilân. It is ien fan de twa museums op it eilân, it oare is it Museum fan Sint-Helena.
Galery
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
De stjerkeamer fan Napoleon yn 1875
-
Plattegrûn fan Longwood, 1862
-
Longwood House, 1837
Fierder lêze
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jean-Paul Kauffman, The Dark Room at Longwood (2000)
- Julia Blackburn, The Emperor's Last Island: Journey to St.Helena (2000). Nederlânske oersetting: Het laatste eiland van de keizer: Een reis naar Sint Helena, 1992. Utjouwerij G. A. van Oorschot, Amsterdam. Oer Napoleon Bonaparte op Sint Helena en eat oer de skiednis fan dat eilân.