[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Oermûnigen

Ut Wikipedy
Oermûnigen
Inketfisken hearre ta de oermûnigen.
Inketfisken hearre ta de oermûnigen.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
(sûnder rang): weefseldieren (Eurmetazoa)
tuskenryk: twasidigen (Bilateria)
(sûnder rang): termdieren (Nephrozoa)
boppestamme: oermûnigen (Protostomata)
Grobben, 1908

De oermûnigen (Latynske namme: Protostomata of Protostomia) foarmje in boppestamme fan it ryk fan 'e dieren (Animalia), it ûnderryk fan 'e echte dieren (Metazoa), it tuskenryk fan 'e twasidigen (Bilateria) en de rangleaze groep fan 'e termdieren (Nephrozoa). Oermûnigen ûnderskiede har fan har sustergroep, de nijmûnigen (Deuterostomata), trochdat by de embryonale ûntwikkeling de earste lichemsiepening de mûle wurdt, wylst dat by de oermûnigen de anus wurdt (de lichemsiepening dy't him as twadde ûntwikkelet, ûntjout him by nijmûnigen ta de mûle). Dêrfandinne de wittenskiplike namme Protostomata of Protostomia, wat yn it Gryksk "earste mûle" bestjut.

Ta de oermûnigen hearre û.m. de lidpoatigen (Arthropoda), de weakdieren (Mollusca), de rûnwjirms (Nematoda) en de platwjirmeftigen (Platyzoa). Fierwei de grutste groep binne de lidpoatigen, dêr't û.m. de ynsekten (Insecta), de spineftigen (Arachnida), de kreefteftigen (Crustacea), en de tûzenpoatigen (Myriapoda) ûnder falle. Oermûnigen rinne dêrmei útinoar fan 'e neakenslak oant de skorpioen en fan 'e reinwjirm oant de oktopus.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.