[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Jubeljier

Ut Wikipedy
De hillige doar fan de Sint-Piter yn it Fatikaan

It Jubeljier of Hillich jier (Italjaansk: Anno Santo; Latyn annus iubilaeus of annus sanctus) is in bysûnder jier dat yn it Kristendom, mar ek yn it Joadendom, fierd wurdt.

De bul Nuper per alias, in oanfolling op de troch Bonifatius VIII útfeardige bul Antiquorum habet, wêrmei't it earste hillich jier 1300 ôfkundige waard

It kristlike jubeljier fynt syn oarsprong yn it joadendom. Neffens Levitikus 25:8-55 moat it fyftichste jier in hillich jier wêze, wêryn't kwytskelding ôfkundige wurdt foar hiel it folk Israel. It wurd jubeljier stamt fan it Hebriuwske wurd jobel (יובל), dat oarspronklik ram betsjut. Fan de hoarn fan in ram waard it blaasynstrumint sjofar makke (fakentiden oerset as bazún[1]), dêr't op blaasd waard om in joadsk jubeljier te iepenjen. Yn de latynske 4e-iuwske Fulgata waard it Hebriuwske wurd foar jubeljier oerset as annus iubilæus.

Yn de Roomsk-Katolike Tsjerke kin yn in hillich jier ûnder betingsten in ôflaten fertsjinne wurde. It earste jubeljier waard yn 1300 troch paus Bonifatius VIII ôfkundige. It folgjende jubeljier soe oarspronklik pas nei in iuw folgje, mar it tiidrek waard jimmeroan lytser fêststeld. Fanôf 1475 waard om de 25 jier in hillich jier fierd. Ek tuskentiids kin de paus in jubeljier oankundigje. Sa wiene de jierren 1933 en 1983 ta neitins oan de 1900e en 1950e stjerdei fan Jezus hillige jierren.

It hillich jier begjint hjoed-de-dei mei it iepenjen fan de Porta Santa (hillige doar) troch de paus, in tradysje dy't yn it hillige jier 1500 ûntstie. It jubeljier wurdt ôfsletten mei it fersegeljen fan de hillige doarren; eartiids waard de iepening efter de doarren tichtmitsele. Itselde ritueel fynt plak mei de hillige doarren fan de oare trije patriarchale basiliken yn Rome: de Santa Maria Maggiore, de San Giovanni in Laterano en de San Paolo fuori le Mura.

List fan hillige jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. 1300 : Paus Bonifatius VIII
  2. 1350 : Paus Klemens VI
  3. 1390 : útfeardige troch paus Urbanus VI, foarsitten troch Bonifatius IX
  4. 1400 : Paus Bonifatius IX
  5. 1423 : Paus Martinus V
  6. 1450 : Paus Nikolaas V
  7. 1475 : útfeardige troch paus Paulus II, foarsitten troch Sikstus IV
  8. 1500 : Paus Aleksander VI
  9. 1525 : Paus Klemens VII
  10. 1550 : útfeardige troch paus Paulus III, foarsitten troch Julius III
  11. 1575 : Paus Gregoarius XIII
  12. 1600 : Paus Klemens VIII
  13. 1625 : Paus Urbanus VIII
  14. 1650 : Paus Innocentius X
  15. 1675 : Paus Klemens X
  16. 1700 : útfeardige troch paus Innocentius XII, foarsitten troch Klemens XI
  17. 1725 : Paus Benediktus XIII
  18. 1750 : Paus Benediktus XIV
  19. 1775 : útfeardige troch paus Klemens XIV, foarsitten troch Pius VI
  20. 1825 : Paus Leo XII
  21. 1875 : Paus Pius IX (sûnder bysûndere plechtichheden)
  22. 1900 : Paus Leo XIII
  23. 1925 : Paus Pius XI
  24. 1933 : Paus Pius XI
  25. 1950 : Paus Pius XII
  26. 1966 : Paus Paulus VI
  27. 1975 : Paus Paulus VI
  28. 1983 : Paus Jehannes Paulus II
  29. 2000 : Paus Jehannes Paulus II, Grut Jubileum
  30. 2016 : Paus Fransiskus, Hillich Jier fan Barmhertigens

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: