[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Joaram fan Juda

Ut Wikipedy
Kening Joaram fan Juda

Joaram (Hebriuwsk: יוֹרָם; "JWHW is ferheven") wie in kening fan Juda. Syn regear foel tusken 849 en 842 f.Kr. (ek: 848841 f.Kr.

Joaram wie de âldste soan en waard op syn twaentrichtichste opfolger fan kening Josjafat. Sadree't Joaram de macht stevich yn hannen hie, liet hy al syn bruorren deadzje.

Hy troude mei Atalja, in dochter fan Israel's goddeleaze kening Achab. Mei dit houlik yntrodusearre Joaram ek de Baäl-kultus yn it hûs fan David. Tidens it regear fan Joaram kamen de Edomiten tsjin Juda yn opstân. It besykjen fan Joaram om de opstân del te slaan mislearre. Om't kening Joaram him ôfkeard hie fan God, skuorde yn deselde tiid ek de stêd Libna him ôf fan Juda.

Joaram's aktive befoardering fan de Kanaänytsyke ôfgoaderij yn it lân en de moard op de soannen fan Josjafat rôp de grime op fan de profeet Elía, dy't de kening yn in brief foarsei dat him in soad ûnheil te wachtsjen stie en profetearre dat de kening in slimme kwaal oan de yngewanten treffe soe.

Efkes letter foelen de Filistinen en de Arabieren it lân binnen. Hja plonderen it paleis, rôfden de harem fan de kening en fermoarden alle soannen fan de kening, útsein syn jongste soan. Dêrnei waard Joaram siik, hy krige lêst fan syn yngewanten en dat waard sa slim dat hy der oan stoar. Botte rouwich oer de dea fan de kening wie it folk net, de plechtichheden wiene sober en de kening waard net byset yn de keningsgrêven.

It regear fan Joaram duorre acht jier. Hy waard opfolge troch Achazja.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 2 Kroniken 21