[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Herfoarme tsjerke (Wâlterswâld)

Ut Wikipedy
Herfoarme tsjerke
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak Wâlterswâld
adres Tsjerkeloane 34
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier Toer 17e iuw, skip 1805
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 11703
offisjele webside
Side fan de gemeente

De Herfoarme tsjerke oan de Tsjerkeloane is de tsjerke fan de herfoarme gemeente yn Wâlterswâld.

De tsjerke op in tekening fan Jacob Stellingwerf (1722)

It âldste diel oan it gebou is de toer, dy't nei alle gedachten yn de 17e iuw fan brûkt boumaterjaal boud waard oan in tsjerke fan bakstsien mei in fûnemint fan fjildstiennen. Eastlik fan de toer waard yn 1805 op it plak fan de foargonger de tsjintwurdige tsjerke mei in trijesidige ôfsluting boud. Is is oannimlik dat tagelyk mei de bou fan de nije tsjerke de toer it sealtek ferlear en de hjoeddeiske fjouwersidige spits krige.[1] Oan de noardlike kant fan de toer stiet it saneamde "barehokje".

Sûnt 1968 is de tsjerke in ryksmonumint.[2]

De preekstoel yn it eastlike koer is ienfâldich, mar draacht houtsnijwurk út de 18e iuw. De lessener op de preekstoel stamt út 1841. Foarhinne besiet de tsjerke in kânselbibel út 1664, mar dy waard fanwegen de dreech te lêzen goatyske letters ferkocht. De hjoeddeiske kânselbibel datearret fan 1864.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de âlde klok troch de Dútsers foardere en omsmolten. De ferfangende klok waard yn 1949 yn Heiligerlee getten.

It oargel waard yn 1894 troch de firma Bakker & Timmenga út Ljouwert boud.

Dat feroarings ek ferdieldheid bringe kinne, die bliken mei de foarming van de Protestanske Tsjerke yn Nederlân yn 2004. Dûmny P. den Ouden en in lytse mearderheid fan de tsjerkeried woene de gemeente bûten de Protestanske Tsjerke yn Nederlân hâlde, wylst in minderheid foar oansluting by it nije ferbân wie. De fúzje fan de grifformearde en herfoarme tsjerken liede yn de herfoarme tsjerke fan Wâlterswâld ta in skuorring fan de gemeente.[3] In wichtich diel fan de gemeente hat him doe ôfsnije litten en is oergien yn it yn 2004 oprjochte ferbân fan de Hersteld Herfoarme Tsjerke. De likernôch 260 leden fan de nije gemeente tsjerkje sûnt yn de frijmakke tsjerke fan Wâlterswâld.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Monumenten van Geschiedenis en Kunst, Dantumadeel, Herma M. van den Berg, útjefte fan de Rijksdienst voor de Monumentenzorg, Zeist
  2. Herfoarmd Wâlterswâld
  3. Nederlânsk Deiblêd
  4. Digibron