[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Honoarius III

Ut Wikipedy
Honoarius III
   kristlik lieder
Ofbyld fan paus Honoarius II (detail fan in skilderij fan Leandro Bassano) yn de Santi Giovanni e Paolo fan Feneesje
Ofbyld fan paus Honoarius II (detail fan in skilderij fan Leandro Bassano) yn de Santi Giovanni e Paolo fan Feneesje
amt en titulatuer
amt paus fan Rome
tsjerke Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Rome
sit Hillige Sit
amtsperioade 12161227
foargonger Innosintius III
opfolger Gregoarius IX
wapen
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Cencio Savelli
bertedatum 1148
berteplak Rome
stjerdatum 18 maart 1226
stjerplak Rome
etnisiteit Italjaansk

Honoarius III wie fan 1216 oant 1227 de 177e paus fan de Roomsk-Katolike Tsjerke.

Paus Honoarius III waard berne as Cencio Savelli yn 1148 yn Rome, Itaalje. Hy wie de soan fan Aimerico, mar der is twifel oer de fraach oft de famyljenamme Savelli wol kloppet. Oan it begjin fan syn tsjerklike karriêre wied er kanunnik fan de Santa Maria Maggiore en yn desimber 1189 waard er camerlengo (keamerhear) fan de Roomsk-Katolike Tsjerke. Op 20 febrewaris 1193 beneamde paus Selestinus III him as kardinaal-diaken fan St. Lucia yn Sisylje.

Under paus Klemens III en paus Selestinus III wied er skathâlder fan de Tsjerke en skreau er it "Liber Censuum", in registraasje fan de fêste ynkomsten fan de Tsjerke. Fan 1194 oant 1198 wied er fise-kânselier.

Pauslik (yn lead getten) segel fan in bul fan Honoarius mei de gesichten fan Petrus en Paulus op de foarkant

Cencio Savelli waard yn 1197 gûverneur fan de takomstige keizer Freark II, dy't in pleechsoan fan paus Innosintius III wie. Op 13 maart 1200 waard er kardinaal-preester mei de titel fan Hillige Jehannes en Paulus. Hy folge op 18 july 1216 paus Innosintius III op en regearre oant syn dea op 18 maart 1227 oer de Tsjerke.

Honoarius III waard troch Gregoarius IX opfolge. De namme Honoarius betsjut "earbere".

Op 18 july 1216 kamen alle kardinalen, dy't by de dea fan paus Innosintius III oanwêzich west wiene, by inoar yn Perugia om in nije paus te kiezen. Fanwegen de swierrichheden yn Itaalje, de driging fan de Tartaren en de mooglikheid fan tsjerkesegregaasje, akseptearren de kardinalen in kompromis: kardinaal Ugolino fan Ostia (de lettere paus Gregoarius IX en opfolger fan Honoaris III) en Guido fan Praeneste waarden oansteld om in nije paus te kiezen. Hja keazen Cencio "Camerario", dy't der al tsjin oan skytskoarre mar de kar dochs akseptearre en de namme Honoarius III oannaam. Yn Perugia waard er op 24 july 1216 yn it amt befêstige en op 31 augustus 1216 yn Rome kroand. Op 3 septimber 1216 sette er him nei wenjen yn it Lateraansk Paleis.

Lykas syn foargonger Innosintius III sette Honoarius as paus syn sinnen op twa grutte doelen: it behâld fan it Hillige Lân en de spirituële herfoarming fan de Tsjerke.

Religieuze oarders en oar wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Paus Honoarius III kart de Fransiskaanske oarder goed, San Domenicotsjerke, Siena

Paus Honoarius III joech syn goedkarring oan de Dominikaanske Oarder yn 1216, de Fransiskaanske Oarder yn 1223 en de Karmeliten Oarder neffens de regel fan Sint-Albertus fan Jeruzalim yn 1226. Yn syn pontifikaat kamen ek in soad tertiêre oarders ta stân.

Honoarius III joech yn 1217 de titel Kening fan Servje oan Stefanus de Earstkroande.

Sint-Fransiskus preket foar Honoarius III (Giotto)

De paus fûn it tige wichtich dat de geastliken goed ûnderwiis folgen, fral ek yn de teology. Yn it gefal fan bygelyks Hugo, dy't troch it kapittel fan Chartres keazen wie as biskop, wegere de paus syn segen te jaan om't de man net goed ûnderlein wie, lykas de paus yn in brief fan 8 jannewaris 1219 skreau: quum pateretur in litteratura defectum (tekoart oan kennis fan de skriften). In oare biskop sette er út syn amt om't dy net belêzen wie. Om it ûnderwiis te befoarderjen ferliende Honoarius privileezjes oan de universiteiten fan Parys en Bologna, de belangrykste ûnderwiissintra fan dy tiid. Om de bisdommen teologysk better ta te rissen joech er mei de bul Super specula Domini opdracht om út dy bisdommen jonge manlju mei talint op te lieden oan in erkende teologyske skoalle, mei it doel de learde kennis oer te dragen yn harren bisdommen.

Fiifde krústocht

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Fjirde Lateraansk Konsylje fan 1215 kundige in fiifde krústocht oan en Honoarius riede de boel ta om dêr yn 1217 mei útein te setten. Om de krústocht finansjeel mooglik te meitsjen foardere de paus fan alle kardinalen in tsiende en fan alle oare geastliken in tweintichste fan harren ynkommen. Dêrmei harke de paus in soad jild yn, mar it wie net genôch. It like der op dat de krústocht in súkses wurde soe doe't de paus Pierre de Courtenay yn april 1217 ta de Lantynske keizer fan Konstantinopel kroande. De nije keizer waard lykwols finzen nommen op syn reis nei it easten en ferstoar as finzene. Wichtich wie dat keizer Freark II ek oan de krústocht mei dwaan soe. De keizer swarde om nei it Hillige Lân op te tsjen, mar makke gjin risselwaasje om dy kant út te gean en de paus moast jimmeroan wer de krústocht útstelle. Ek nei't Freark II ta keizer fan it Hillige Roomske Ryk kroand waard, makke er gjin oanstalten om op krústocht te gean.

De ynname fan Damiate troch in Nederlânske float

De meast hearskers yn Europa hiene it fierstente drok mei oarloch yn harren eigen lannen en koene it harren net permitearje om foar in hiel skoft fuort te gean. Kening Andreas II fan Hongarije en, wat letter, in float fan krúsfearders út de Nederlannen, teagen lang om let nei it Easten. Hja namen Damietta yn en in pear oare plakken yn Egypte. Mar de ienheid wie fier te sykjen en der wie rivaliteit tusken de lieders en de pauslike legaat Pelagius, wertroch't de operaasje op in mislearring útrûn. De Egyptyske kampanje mislearre mei it ferlies fan Damietta op 8 septimber 1221.

De datum foar Freark II om ek nei it Hillige Lân te tsjen waard úteinlik op 24 juny 1225 fêststeld. Om him oan it doel te binen regele Honoarius III foar Freark II in houlik mei Isabella, erfgenaam fan it keninkryk Jeruzalim. Mar it Ferdrach fan San Germano yn july 1225 soarge op 'e nij foar in fertraging fan twa jier en doe't it Freark II lang om let earnst waard, ferstoar paus Honoarius III op 18 maart 1227 yn Rome sûnder mei te meitsjen dat syn hope útfierd waard.

Njonken de befrijing fan it Hillige Lân seach Honoarius III it ek as syn plicht om in ein te meitsjen oan de kataarske ketterij, te helpen by de kriich fan de ferdigening fan it kristendom op it Spaanske skiereilân, de fersprieding fan it kristendom yn de lannen oan de Baltyske See en it hanthavenjen fan de ûnhâldbere posysje fan it Latynske Ryk yn Konstantinopel. Fan al dy soargen makke Honoarius III him noch it drokste om de útroeging fan de ketterij. Yn it suden fan Frankryk wurke er fierder oan it eardere wurk fan Innosintius III. Hy droech it besit fan de ekskommunisearre Raymond VI fan Toulouse oer oan Simon fan Montfort, in wichtige lieder yn de striid tsjin de Kataren. Ek wist Honoarius de Frânske Kroan oer te heljen om yn it Kataarske konflikt posysje te nimmen. De grutste prestaasje yn dat tiidrek wie it belis en de oermastering fan Avignon yn 1226.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.