[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Kruševo

Ut Wikipedy
Kruševo
Bestjoer
Lân Noard-Masedoanje
Regio Pelagoanje
Gemeente Kruševo
Sifers
Ynwennertal 9.600 (2005)
Oerflak 190,68 km (gemeente)
Hichte 1.250 - 1.350 m
Oar
Tiidsône CET UTC+1
Simmertiid CEST UTC+2
Offisjele webside
krusevo.gov.mk/
Tradisjonele arsjitektuer yn Kruševo

Kruševo (útspr.: "Krûsjevo"; Syrillysk: Крушево) is in stêd yn it súdwesten fan Noard-Masedoanje mei likernôch 9600 ynwenners.

It is in lytse stêd, en leit op de berch Bušava, 1250-1350 meter boppe de seespegel. Kruševo leit 159 km fan de haadstêd Skopje, 55 km fan de stêd Bitola, 32 km fan de stêd Prilep en 68 km fan de Macedoanysk-Grykske grinsoergong Medżitlija/Niki.

In iuw lyn (1900) hie de stêd in tal ynwenners fan likernôch 14.000. Yn de ûnôfhinklikensstriid fan de Kruševo yn 1903, doe hja tsjin de Turkske oerhearsking fochten, waard de stêd foar it grutste part útbaarnd en as risseltaat in protte ynwenners ferstoarn.

Op in lyts oerflak binne yn Kruševo in soad monuminten lykas it hûs fan Nikola Karev, it monumint fan it Ilindenferset en de Republyk Kruševo, in galery fan ikoanen en in samling fan skilderwurk fan de Masedoanyske skilder Nikola Martinoski. De St. Nikola, St. Jovan en oare tsjerken binne fan grutte histoaryske en kulturele wearde troch harren ikoanen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]