[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Komoaren

Ut Wikipedy
Union des Comores
Udzima wa Komori
الإتّحاد القمريّ
Al-Ittihad al-Qumuriyy
Flagge fan Komoaren Wapen fan Komoaren
Flagge Wapen
Lokaasje fan Komoaren
Offisjele taal Komoreesk, Arabysk, Frânsk
Haadstêd Moroni
Steatsfoarm Republyk
Ynwenners
Munt Komoreeske-frank (KMF)
Tiidsône UTC +3
Nasjonale feestdei 28 maaie
Lânkoade COM
Ynternet .km
Tillefoan 269

De Komoaren is in lân besteande út trije eilannen Grut Komoare (Njazidja), Mohély (Mevali) en Anjouan (Narvani) plus noch wat lytse eilantsjes dy't foar de eastkust fan Afrika lizze. De haadstêd is Moroni.

De Komoaren wurde begrinzge troch:

De eilannen fan de Komoaren binne foar it grutste part fan fulkanyske oarsprong: de heechste fulkaan is de noch hieltyd aktive Kartala (2361 meter heech). De berchmassiven binne begroeid mei rainwâld. Foar de kust lizze koraalriffen.

Mayotte is mei goed 5,4 miljoen jier it âldste eilân, Grut Komoare mei 130.000 jier de jongste. De fulkaan op Grut Komoare (Kartala) is noch aktyf, en kaam yn 1977 ta útbarsting.

De see om de eilannen hinne hat in djipte fan 3000 meter.

Al yn de 16e iuw hawwe de eilannen behearske west troch Arabieren. De yn 1843 troch Frankryk stifte koloanje op it buoreilân Mayotte waard yn 1912 útwreide mei de Komoaren. Yn 1975 waarden de Komoaren selsstannich, Mayotte bleau Frânsk.


De Komorezen meitsje 97% fan de befolking út en de Makûa 1,5%.

Yn de Komoren wurde sân ferskillende talen sprutsen; fjouwer dêrfan binne farianten fan it Komoreesk en binne Niger-Kongotalen dy't hiel bot op it Swahily like. Mei likernôch 260.000 sprekkers is it Ndzwany-Komoreesk de wichtichste taal fan it lân, it foarmet mei it Frânsk en Arabysk de offisjele talen.

Mei in persintaazje fan 98,9% is de islam (soennisme) de grutste religy, 1% fan de befolking is kristen (Roomsk-katolyk) en 0,1% oanhinger fan bahay.

Kaart fan de Komoaren