[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Frjentsjertersk

Ut Wikipedy
Frjentsjertersk
algemien
eigen namme Franekers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers ±4.500 (2009, skatting)
skrift Latynsk alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Nederlânsk
              ● Hollânsk
                ● Hollânsk-Frysk
                  ● Stedsk
                    ● Frjentsjertersk
dialekten gjint
taalstatus
offisjele status gjint
erkenning as
minderheidstaal
Nederlân:
  ● Fryslân (as streektaal)

It Frjentsjertersk (Frjentsjertersk: Franekers) is in dialekt fan it Stedsk dat fan âlds sprutsen wurdt yn 'e stêd Frjentsjer, it haadplak fan 'e gemeente De Waadhoeke. Dizze taalfoarm ûntstie yn 'e rin fan 'e sechstjinde en santjinde iuw, en is in Hollânsk dialekt mei sterke Fryske ynfloeden. It hat in protte wei fan 'e Stedske dialekten dy't yn oare Fryske stêden sprutsen wurde. Der binne soargen oer it fuortbestean fan it Frjentsjertersk, no't de measte stedsjers tsjintwurdich de bern Nederlânsktalich grutbringe.

It Frjentsjertersk is ûntstien yn 'e rin fan 'e sechstjinde iuw en it begjin fan 'e santjinde iuw, safolle is wol bekend, mar hoe't dat krekt yn syn wurk gien is, dat is net alhiel dúdlik. Neffens de tradisjonele teory binne it Frjentsjertersk en de oare Stedske dialekten ûntstien doe't hartoch Albrecht fan Saksen yn 1498 yn Fryslân de macht grypte en foar syn regear in grut tal útlânske amtners oanloek, benammentlik út Hollân wei. Dy amtners setten har nei wenjen yn 'e Fryske stêden en brochten dêr sa harren eigen taal, it Hollânsk, dat him troch de ynfloed fan it Frysk meitiid ta it Stedsk ûntjûn hawwe soe. In oare teory wol hawwe dat it Stedsk net de taal fan ymport út Hollân wie, mar fan 'e Fryske boargerij yn 'e stêden, dy't dy taal fan 'e bestjoerlike elite oernaam. Taalkundigen Reitze Jonkman en Arjen Versloot binne fan betinken dat de Stedske dialekten net troch amtners, mar troch keaplju yn Fryslân brocht binne. It is lykwols frijwol ûndwaanlik om no noch út te meitsjen hoe't it doedestiden echt om en ta gien is, mei't der gjin skreaune boarnen út 'e begjintiid fan it Frjentsjertersk oerlevere binne.

De lokaasje fan it Frjentsjertersk yn 'e provinsje Fryslân.

Oant djip yn 'e njoggentjinde iuw wie it Frjentsjertersk yn Frjentsjer de taal fan 'e begoedige boargerij, en hie it in folle hegere maatskiplike status as it Frysk. Pas tsjin it begjin fan 'e tweintichste iuw begûn men it te sjen as in breklike fariant fan it Standertnederlânsk. Doe ferwaard it ta it dialekt fan 'e legere sosjale fermiddens, wylst de stedselite oergie op it Nederlânsk. Ek it Frysk krige fan dy tiid ôf wer in hegere status as it Stedsk, dat lju dy't yn 'e tweintichste iuw fan it omlizzende plattelân nei Frjentsjer ta ferfearen, giene yn 'e stêd faak troch mei Frysk te praten, of oars namen se it Nederlânsk oer. Yn earder tiden pasten sokken har yn 'e stêd ornaris oan 'e dêr besteande taalsitewaasje oan en begûnen se Frjentsjertersk te praten.

Taaleigenskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Frjentsjertersk ferskilt net sa'n mâle soad fan 'e oare Stedske dialekten. It komt benammen sterk oerien mei it Ljouwertersk, dat yn Ljouwert sprutsen wurdt. Wylst it Dokkumersk en it Kollumersk in sterkere ynfloed fan it Frysk ûndergien hawwe, it Harnzersk en it Starumersk as havenstedsdialekten histoarysk mear kontakt hân hawwe mei Hollânsk dialekten oare kant de Sudersee, en der yn it Snitsersk en it Boalsertersk in beskate Súdwesthoekske ynfloed falt te bespeuren, foarmje it Ljouwertersk en it Frjentsjertersk tegearre de meast karakteristike Stedske dialekten. De ferskillen tuskken dy beide taalfarianten lizze deroan dat yn Ljouwert benammen ek de ynfloeden fan de oanwêzigens fan it Stedhâlderlik Hof meispilen, wylst it Frjentsjertersk beynfloede is troch de taal dy't de studinten en perfesters fan 'e Universiteit fan Frjentsjer mei it miene folk sprutsen. Troch de agraryske sintrumfunksje binne yn it Frjentsjertersk dochs ek sterke Fryske skaaimerken trochkrongen.

Neffens Wim Aalbers, skriuwer fan it Franeker Woardeboek, is it Frjentsjertersk "un wat lêbuge taal," mar is it "dêrdeur onderskeidend en herkenbaar."[1] Dat komt om't it fol sit mei lange fokalen dy't yn it Nederlânsk (mar faak net yn it Frysk) koart binne. Foarbylden binne wurden as hôn ("hûn"), rôt ("rôt"), prîns ("prins") en brûge ("brêge").[1] In oar skaaimerk fan it Frjentsjertersk is dat it in kompakte taal is: sprekkers feie faak wurdlidden gear (aaklughyd ynstee fan akeligheid) en koartsje fokalen yn langere wurden ôf (befobbeld ynstee fan bijvoorbeeld).[1] Foar in priuwke fan it Frjentsjertersk as skriuwtaal, sjoch de Frjentsjertersktalige tekst fan it artikel oer it Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers.

It riedhûs fan Frjentsjer.

Oangeande it sprekkerstal fan it Frjentsjertersk binne gjin sekuere sifers bekend, mar dochs is it wol mooglik om ta in rûge skatting te kommen. De Bosatlas van Fryslân (2009) jout nammentlik oan dat yn 'e gemeente Frjentsjerteradiel troch 11% fan 'e befolking Stedsk sprutsen wurdt.[2] Mei in gemeentlike befolking fan (neffens deselde boarne) 20.542 minsken, komt dat út op in oantal fan 2.260 Stedsktaligen yn Frjentsjerteradiel.

Dêrby moat men betinke dat Frjentsjer yn it noardwesten fan 'e provinsje in beskate sintrumfunksje ferfollet en dat Frjentsjerter stedsjers har ek oer it omlizzende plattelângebiet ferspraat hawwe. Neffens De Bosatlas fan Fryslân is bgl. fan 'e befolking fan Littenseradiel 2%, fan dy fan Menameradiel 6% en fan dy fan it it Bilt 3% Stedsktalich.[3] As men dy persintaazjes oer de hiele provinsje omrekkenet ta absolute oantallen en se dan ferrekkenet mei it oandiel dat de oare Stedske dialekten deryn hawwe sille, komt men foar it Frjentsjertersk út op in totaal fan sa'n 4.500 sprekkers. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it benammen om âldere stedsjers giet, mei't it meastepart fan 'e jongerein de eigen taal net folle mear brûkt. It sprekkerstal fan it Frjentsjertersk nimt sadwaande stadichoan ôf.

Begjin septimber 2016 kaam de Taalgids foar ut Franekers út, dy't Wim Aalbers yn gearwurking mei it Genoatskap foar ut Behoud fan ut Franekers gearstalde. Yn dit boekje binne de staveringsregels en de grammatika fan it Frjentsjertersk fêstlein, mei dêropta in tal typysk Frjentsjerterske útspraken en siswizen. De Taalgids foar ut Franekers moast de opmjitte wêze foar in wier Franeker Woardeboek[4] mei fyftjintûzen lemma's.[5] It Franeker Woardeboek fan Albers-en-dy kaam yn it neijier fan 2021 ree, nei sân jier bodzjen troch frijwilligers.[1][6] It omfiemet likernôch 17.000 lemma's,[1][6] is 11 sm tsjûk[1] en weaget 2 kg.[6] Foar de stavering waard de stavering fan it nau besibbe Ljouwertersk yn it Woardeboek fan ut Leewarders as útgongspunt nommen.[1] It earste eksimplaar fan it nije wurdboek waard op sneon 13 novimber 2021 troch Sinteklaas oerhannige oan boargemaster Marga Waanders fan De Waadhoeke.[1][6]

Gebrûk troch de oerheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't op 1 jannewaris 2018 de fúzjegemeente De Waadhoeke ûntstie, dêr't Frjentsjerteradiel yn opgie, waard it Frjentsjertersk ien fan 'e fjouwer lânseigen talen dy't yn dy nije gemeente sprutsen waarden, yn 'e mande mei it Frysk, it Biltsk en it Nederlânsk. De Waadhoeke rjochte in taalplatfoarm op, wêryn't fertsjintwurdigers fan 'e fjouwer taalgroepen fertsjintwurdige wiene. Dêrtroch koe it Frjentsjertersk him oplûke oan 'e bettere posysje dy't it Frysk en it Biltsk as minderheidstaal yn 'e gemeente hiene. It earste resultaat dêrfan wie dat it sluten fan it boargerlik houlik yn De Waadhoeke mei yngong fan 14 febrewaris 2020 behalven yn it Nederlânsk, Frysk of Biltsk ek yn it Frjentsjertersk mooglik waard. Der wiene yn 'e gemeente trije trou-amtners dy't it Frjentsjertersk machtich wiene. De Waadhoeke wie de earste gemeente yn Fryslân dêr't yn it Stedsk troud wurde koe, en it Frjentsjertersk wie it earste fan 'e Stedske dialekten dat foar trouplechtichheden brûkt wurde mocht.[7]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

referinsjes:

  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 Vogelzang, Elizabeth, Eigen Woardeboek voor Lêbuge Franekers, yn: de Ljouwerter Krante, 12 novimber 2021, s. 20-21.
  2. De Bosatlas van Fryslân, s. 242.
  3. De Bosatlas van Fryslân, s. 228-289.
  4. Franeker zegswijzen en taalregels vastgelegd, yn: de Ljouwerter Krante, 6 septimber 2016.
  5. Webside fan it Genoatskip foar it Behâld fan it Frjentsjertersk
  6. 6,0 6,1 6,2 6,3 ——, Franeker Woardeboek overhandigt aan Waanders, yn: de Frjentsjerter Krante, 17 novimber 2021, s. 1.
  7. ——, "Ja, ik wil" kan ook in het Franekers, yn: de Ljouwerter Krante, 13 febrewaris 2020, s. 33.

boarnen:

Talen en Dialekten yn Fryslân
Frysk Aastersk ● Hylpersk ● Klaaifrysk (Bjirmsk) ● Molkwardersk † ● Noardhoeksk (Eastnoardhoeksk • Westnoardhoeksk) ● Skiermûntseagersk ● Skylgersk ● Súdwesthoeksk (Lemsterlânsk) ● Wâldfrysk (Westereindersk)
Hollânsk Hollânsk-Frysk Amelânsk (Eastamelânsk • Westamelânsk) ● Biltsk (Eastbiltsk • Westbiltsk) ● Midslânsk ● Stedsk (Boalsertersk • Dokkumersk • Feanstersk † • Frjentsjertersk • Harnzersk • Kollumersk • Ljouwertersk • Snitsersk • Starumersk)
Westfrysk            Flylânsk †
Nedersaksysk   Kleastersk ● Pompstersk ● Stellingwerfsk (Eaststellingwerfsk • Gitersk † • Haadstellingwerfsk • Kúndersk • Westhoeksk) ● Westerkertiersk (Kollumerlânsk)