[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Frjentsjer (gemeente)

Ut Wikipedy
Frjentsjer

It Noarderbolwurk fan Frjentsjer.
flagge wapen

Wapen fan Frjentsjer
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Fryslân
sifers en geografy
haadplak Frjentsjer
grutste plak Frjentsjer
ynwennertal 12.657 (1981)[1]
befolkingstichtens 734,2 / km²
oerflak 17,24 km²[2]
tal stêden 1
tal doarpen 0
skiednis
oprjochte 1374
opheft 1984
opgien yn (nij) Frjentsjerteradiel
no part fan De Waadhoeke
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
Dizze side giet oer de eardere gemeente Frjentsjer. Foar de stêd, sjoch: Frjentsjer.

Frjentsjer (Nederlânsk en offisjeel: Franeker) is in eardere gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, dy't inkeld de histoaryske stêd Frjentsjer en syn klokslach omfieme. De gemeente hie op 1 jannewaris 1981 12.657 ynwenners,[1] en besloech in oerflak fan 17,24 km².[3] Frjentsjer waard by de gemeentlike weryndieling fan 1984 opheft as selsstannige bestjoerlike ienheid en gearfoege mei it âlde Frjentsjerteradiel en it grutste part fan Barradiel ta it nije Frjentsjerteradiel.[2]

De gemeente Frjentsjer lei yn it noardwestlike part fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân en waard ynklamme tusken de beide trimdielen fan it âlde Frjentsjerteradiel: it Noardertrimdiel mei û.m. de doarpen Doanjum, Sweins, Peins en Skalsum yn it noarden en noardeasten, en it Sudertrimdiel mei û.m. de doarpen Achlum, Hitsum, Tsjom en Hjerbeam yn it suden en westen. Yn it noardwesten hie Frjentsjer in koarte grins mei de gemeente Barradiel, en yn it easten grinzge it oan 'e noardpunt fan Hinnaarderadiel (mei it doarp Wjelsryp). Yn totaal hie de gemeente Frjentsjer in oerflak fan 1.724 ha.[2] De iennichste offisjele wenkearn yn 'e gemeente wie de stêd Frjentsjer, mar dêrnjonken leine der ek in stikmannich buorskippen binnen de gemeentegrinzen, wêrûnder Kie, Lankum en Lytselollum.

It stedhûs fan Frjentsjer.

As delsetting datearret Frjentsjer teminsten út 'e alfde iuw en miskien wol fan noch earder tiid.[1] Omtrint 1200 waarden de earste stedswâlen om it plak hinne opsmiten, en yn 1374 krige Frjentsjer stedsrjochten, wat sjoen wurde kin as it begjin fan it gemeentlik bestjoer.[1] It wie it sintrum fan 'e saneamde Frjentsjerter Fiifdielen, en hearde ta it kertier Westergoa, krektlyk as de stêden Boalsert, Drylts, Harns, Hylpen, Snits, Starum en Warkum. De nije stêd waard lange tiid fierhinne bestjoerd troch de haadlingegeslachten fan 'e Sjaerdema's en de Hottinga's.[1]

Yn 'e oarloggen dy't Westergoa troch de iuwen hinne teheisteren, spile Frjentsjer faak in wichtige rol. Sa wie it ûnder de partijskippen tusken de Skieringers en de Fetkeapers in bolwurk fan 'e Skieringers. Yn 1496 waard in oanfal fan 'e Fetkeapers en de stêd Grins ôfslein.[1] Yn 'e Saksetiid foarme Frjentsjer jierrenlang it bestjoerssintrum fan Westerlauwersk Fryslân, dêr't Hindrik de Fromme en Joaris mei it Burd, de soannen fan Albrecht fan Saksen, wei regearren. As beleanning foar stânfêstige stipe oan 'e Saksers ûnder de opstannen fan 1500 en 1512 krige Frjentsjer û.m. in wykmerk en twa jiermerken.[1]

Under de Tachtichjierrige Oarloch gie Frjentsjer yn 1572 even oer nei de Opstân yn de Nederlannen, ear't it wer inkele jierren yn Spaanske hannen weromfoel. Doe't Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg yn 1584 as steedhâlder fan Fryslân keazen wie, makke de stêd lykwols in nije perioade fan bloei troch.[1] Yn 1585 waard de Universiteit fan Frjentsjer stifte, dy't oant yn 'e achttjinde iuw in wichtich sintrum fan heger ûnderwiis bliuwe soe. Uteinlik waard it ynstitút yn 1811 op oarder fan Napoleon sletten. Dêrfoar yn 't plak krige Frjentsjer doe in ryksateneum, dat bestie fan 1815 oant 1843.[1]

Yn 'e tweintichste iuw wreide de stêd Frjentsjer him foar it earst oant bûten de âlde stedswâlen út en kamen inkele buorskippen (wêrûnder Fiifhuzen) binnen de stedsgrinzen te lizzen, dêr't se beboud waarden en har eigen identiteit folslein ferlearen. Foar ferkear fan Harns nei Ljouwert en oarsom waard der in rûnwei om 'e stêd hinne oanlein, wat it oansjen fan 'e âlde Akademystêd sterk feroare, hoewol't de histoaryske binnenstêd, mei û.m. it stedhûs fan Frjentsjer en it Planetarium fan Eise Eisinga, ûnoantaaste bleau.[1]

By de grutte gemeentlike weryndieling fan 1984 waard Frjentsjer as gemeente opheft en mei de âlde gemeente Frjentsjerteradiel en it grutste part fan Barradiel gearfoege ta de nije gemeente Frjentsjerteradiel.[2] By in nije gemeentlike weryndieling waard it nije Frjentsjerteradiel op 1 jannewaris 2018 ek opheft om mei de gemeenten It Bilt en Menameradiel en fjouwer doarpen út noardlik Littenseradiel op te gean yn 'e nije fúzjegemeente De Waadhoeke.

De Bogt fen Guné, in kafee yn Frjentsjer sûnt 1641.

Op 1 jannewaris 1981 hie de gemeente Frjentsjer in befolking fan 12.657 minsken.[1] De befolkingstichtens bedroech doe 734,2 minsken de km².

Op it mêd fan 'e godstsjinst wie yn 1971 27,5% fan 'e befolking fan Frjentsjer herfoarme, 21,0% grifformeard en 12,0% roomsk. It persintaazje fan 31,5% ateïsten en agnosten lei fier boppe it Fryske gemiddelde.[4]

Wat de polityk oangie, holden it CDA en de PvdA inoar yn Frjentsjer yn lykwicht. By de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten fan Fryslân fan 1978 krigen de CHU, ARP en KVP (dy't yn 1980 fúzjearje soene ta it CDA) mei-inoar 38,6% fan 'e stimmen; de PvdA 35,7%; de VVD 12,2%; D66 4,5%; en de FNP 4,3%.[4]

In brêge foar fytsers en fuotgongers oer de N384 by Frjentsjer.

Yn 1971 wie fan 'e befolking fan 'e gemeente Frjentsjer 3,4% wurksum yn 'e lânbou; 35,1% yn 'e yndustry; en 55,2% yn 'e tsjinstesektor. It wurkleasheidspersintaazje bedroech yn 1981 foar manlju 6,3% en foar froulju 8,2%.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 20.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 858.
  3. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 858.
  4. 4,0 4,1 4,2 Jansma, Klaas, Friesland en Zijn 44 Gemeenten, Ljouwert, 1981 (Frysk Deiblêd), ISBN 9 06 48 00 154, s. 21.

             Provinsje Fryslân
Flagge fan de Provinsje Fryslân
hjoeddeistige gemeenten
Achtkarspelen • It Amelân • Dantumadiel • Eaststellingwerf • Flylân • De Fryske Marren • Harns • It Hearrenfean • Ljouwert • Noardeast-Fryslân • Opsterlân • Skiermûntseach • Skylge • Smellingerlân • Súdwest-Fryslân • Tytsjerksteradiel • De Waadhoeke • Weststellingwerf
eardere gemeenten
Aenjewier (1851–1934) • Baarderadiel (1851–1984) • Barradiel (1851–1984) • It Bilt (1851–2018) • Boalsert (1455–2011) • Boarnsterhim (1984–2014) • Doanjewerstâl (1851–1984) • Dokkum (1298–1984) • Dongeradiel (1984–2019) • Drylts (1268–1984) • East-Dongeradiel (1851–1984) • Ferwerderadiel (1851–2019) • Frjentsjer (1374–1984) • (âld) Frjentsjerteradiel (1851–1984) • (nij) Frjentsjerteradiel (1984–2018) • Gaasterlân (1851–1984) • Gaasterlân-Sleat (1984–2014) • Haskerlân (1851–1984) • Hylpen (1372–1984) • Himmelumer Aldefurd (1851–1984) • Hinnaarderadiel (1851–1984) • Idaerderadiel (1851–1984) • Kollumerlân (1851–2019) • Lemsterlân (1851–2014) • Littenseradiel (1984–2018) • Ljouwerteradiel (1851–2018) • Menameradiel (1851–2018) • Nijefurd (1984–2011) • Raerderhim (1851–1984) • Skarsterlân (1984–2014) • Skoatterlân (1851–1934) • Sleat (1426–1984) • Snits (1292–2011) • Starum (1061–1984) • Utingeradiel (1851–1984) • Warkum (1399–1984) • West-Dongeradiel (1851–1984) • (âld) Wymbritseradiel (1851–1984) • (nij) Wymbritseradiel (1984–2011) • Wûnseradiel (1851–1984)
· · Berjocht bewurkje