[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Friedrich Sertürner

Ut Wikipedy
Friedrich Wilhelm Adam Sertürner

Friedrich Wilhelm Adam Sertürner (Neuhaus, no part fan Paderborn, 19 juny 1783 - Hameln, 20 febrewaris 1841) wie in Dútsk apteker, dy't yn 1804 morfine ûntduts.

Sertürner wie in soan fan lânmjitter en arsjitekt Josephus Simon Sertürner en Maria Theresia Brockmann.

Yn 1805, wie er, als assistint-apteker (by Franz Anton Cramer) yn Paderborn, de earste dy't it slagge en isolearje morfine út opium. Hy neamde dat alkaloïde "morfine" nei de Grykske god fan de sliep en dreamen, Morfeus. Yn de jierren dêrnei makke er stúdzje fan de effekten fan morfine. It guod waard earst nei 1815 algemien brûkt. Yn 1809 iepene Sertürner syn earste eigen apteek yn Einbeck en 1822 kocht er de haadapteek yn Hameln (Rathaus Apotheke), dêr't er oan syn dea ta wurkje soe.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Friedrich Sertürner fan Wikimedia Commons.