[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Fryske flagge

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


De Fryske flagge
Flagge oan flaggestôk.
Flagge oan flaggemêst.
Flagge as Skoutingynsynje

De Fryske flagge is: "Yn blau trije rjochtsskeane banen, mei dêrop sân reade pompeblêden, oardere twa, trije, twa." Dat tal fan sân banen en sân pompeblêden is in ferwizing nei de Sân Seelannen. De foarm fan de pompeblêden is presiis fêstlein; it meie gjin herten wêze.

De flagge is nei alle gedachten yn dizze ferzje makke troch de famylje De Zee fan Jirnsum, om 1895 hinne, en sa'n twa jier letter yn de hannel brocht. De flagge wie nei sizzen makke nei in âlde print fan it Fryske wapen, dy't spitigernôch yn 1923 troch brân ferlern gien is. Sûnt likernôch 1880 wienen yn inkelte gefallen al eardere flaggen mei sa'n selde motyf brûkt. Dat motyf is oernaam fan de wapens fan de Fryske keningen sa't dy yn de 15e iuw en letter yn de wapenboeken stiene. It tal banen en pompeblêden wie op de ôfbylden al oars. Der wienen gauris acht banen, en it tal pompeblêden wie meast alve, al is elts getal fan sân oant alve wolris tekene. In opfallend ferskil mei de hjoeddeiske flagge is dat de lytse baan boppenoan yn de punt yn de ôfbylden altyd wyt is, dêr't dy by de flagge blau is. Men nimt oan dat neffens dy wapenboeken, oan it begjin fan de 19e iuw in wapen mei it no bekende patroan tekene waard en oan de ein fan de iuw de Fryske flagge mei datselde patroan.

Noch âlder as de wapenboeken is it Noardske Gûdrûnliet, út likernôch de âlfde iuw. Dat ferhellet fan foarfallen út de njoggende iuw en wurdt de flagge fan Hear Herwik fan Seelannen beskreaun, dy't in wolkeblaue flagge mei seeblêden hat.

Op 14 oktober 1897 waard de flagge troch Deputearre Steaten erkend, yn de ferzje dy't tekene wie troch Heerke Wenning, foar de kroaningsfeesten fan keninginne Wilhelmina. It duorre oant 1927 ear't de provinsje de flagge sels ek brûke soe op it provinsjehûs. Earst yn 1957 is de flagge troch Provinsjale Steaten goedkard. De flagge waard derby net omskreaun as flagge fan de provinsje, lykas dat by oare provinsjes bard is, mar as: Fryske flagge.