[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Foddeman

Ut Wikipedy
Foddeman (fotograaf: Eugène Atget, Parys, 1899)

In fodde(keap)man (soms: foddejoad) wie ien dy't âlde klean opkocht en wer trochferkocht foar de fabrikaazje fan papier as poetskatoen.

De foddeman gie de huzen bydel mei hynder en wein, bakfyts, hûnekarre as hânkarre oant, op plakken, begjin jierren sechtich fan de 20e iuw. Men koe oan him âlde klean, fodden en bêdguod kwyt. De jutesek mei fodden waard woegen mei in ingster. De priis waard de kilo bepaald.

Letter ferdwûn de foddekeapman folslein út it strjitbyld. Fodden of âlde klean geane no nei de werbrûkwinkels of wurde as tekstylôffal skieden sammele en fannijs brûkt.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]