[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Eigenskipswurd

Ut Wikipedy

Eigenskipswurden binne in wurdsoarte. Eigenskipswurden jouwe, sa’t it wurd al seit, in eigenskip, skaaimerk, hoedanichheid of in oare bysûnderheid oan (hast altiten) in haadwurd. De neikommende wurden kinne ta de bynwurden rekkene wurde: dreech, nuver, read, djoer. Om noch spesifiker oan te jaan wat foar eigenskip bedoeld wurdt, of om in noch bettere nuânse te jaan, kin der gebrûk makke wurde fan bywurden. Yn ‘in tige griene beam’ is in it lidwurd, tige it byword, griene it eigenskipswurd en beam it haadwurd. Eigenskipswurden kinne ferskillende dingen oanjaan:

  • eigenskip of kwaliteit;
  • in stofnamme;
  • in geografyske namme;
  • in persoansnamme;
  • oantsjutting fan plak, tiid, rjochting, djoer.

Eigenskipswurden kinne dêrneist ek abstrakt brûkt wurde, lykas yn ‘in steande resepsje’ wêrby net de resepsje stiet, mar de minsken stean.

In eigenskipswurd kin op twa manieren brûkt wurde: attributyf en net-attributyf. Net-attributyf hat wer twa ûnderskate kategoryen: predikatyf en bywurdlik.

  • Attributyf: at it foar it haadwurd stiet.
  • Predikatyf: at it eigenskipswurd efter it haadwurd stiet, stellend.
  • Bywurdlik: at it brûkt wurdt as bywurd.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikiwurdboek Wikiwurdboek: eigenskipswurd – betsjutting, etymology, synonimen, besibbe wurden, oersetting en grammatika