EADS HC-144 Ocean Centry
EADS HC-144 Ocean Centry | ||
algemiene ynformaasje | ||
rol | Patrûlje, opspoaring en rêding | |
lân f. oarspr. | Feriene Steaten Spanje | |
makker | Airbus Military (haadoannimmer EADS North America) | |
gebrûk | ||
earste flecht | 2006 | |
yn tsjinst | 2009 | |
tal makke | 18 | |
grutste brûker | United States Coast Guard |
De EADS HC-144 Ocean Sentry is in fleantúch, oandreaun troch twa turboprops, foar de middellange ôfstân dat troch de Amerikaanske kustwacht brûkt wurdt foar siik- en rêdingsmissys en maritime patrûljes. It tastel is basearre op de Airbus Military CN-235 en waard oanskaft as in "Medium Range Surveillance Aircraft". De HC-144 wurdt levere troch Airbus Group, Inc, foarhinne EADS North America, en wurdt boud yn Spanje troch Airbus Military.
De earste Ocean Sentry waard yn desimber 2006 oan de kustwacht levere en waard yn april 2009 folslein operasjoneel.
Untwerp en ûntwikkeling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De HC-144 A Ocean Sentry is bedoeld om de Dassault HU-25 Guardian jet te ferfangen en sit yn it Integrated Deepwater System-programma fan de kustwacht foar werkapitalisaasje en de oankeap fan nije apparatuer. It fleantúch is basearre op de CN-235-300 MP Persuader, de maritime patrûljeferzje fan it CN-235 militêr transportfleantúch, mar hat in langer úthâldingsfermogen as de HU-25 dy 't er ferfangt yn tsjinst fan de Amerikaanske kustwacht en prestearret better by fleanen op lege hichte.
De HC-144 A kin goed acht oeren yn de loft bliuwe, wat it in gaadlik tastel makket foar in kommando- en bestjoeringsplatfoarm en de siik- en rêdingsrol op see. De skeante fan de efterromp mei grutte laaddoar makket it mooglik om standert frachtpallets te ferfieren. It tastel kin ek koart opstige en lânje.
Systemen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De HC -144 A makket gebrûk fan elektroanyske systemen op de Mission System Pallet roll-on, roll-off elektroanikacontainer fan Lockheed Martin, dy 't nei ynstallaasje oansletten wurdt op de systemen fan it fleantúch. De útrissing fan de HC-144 A is ferlykber mei dy fan de HC-130 fleantugen fan de kustwacht, dêrtroch binne de ûnderhâld- en trainingskosten leger.
Spesifikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Algemien
- Bemanning: seis persoanen
- Lingte: 70 ft 3 in (21,41 m)
- Spanwiidte: 84 ft 8 in (25,81 m)
- Hichte: 26 ft 10 in (8,18 m)
- Fleugeloerflak: 636 sq ft (59,1 m²)
- Gewicht leech: 21,605 lb (9.800 kg)
- Maks. startgewich: 36,380 lb (16.502 kg)
- Oandriuwing: 2 × General Electric CT7 turboprop, 1.870 hk (1,390 kW) it stik
- Prestaasjes
- Maks. faasje: 437 km/o
- Fleanberik: 2.898 km
- Maks. fleantiid: 8,7 oere