Grifformearde tsjerke (Rinsumageast)
Grifformearde tsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Dantumadiel | |
plak | Rinsumageast | |
adres | Tsjerkestrjitte 4 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1902 | |
arsjitekt | Tjeerd Kuipers |
De eardere Grifformearde tsjerke oan de Tsjerkestrjitte wie foarhinne it tsjerkegebou fan de grifformearde gemeente yn Rinsumageast. It gebou docht sûnt 2020 tsjinst as fakânsjehûs.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1913 boud neffens in ûntwerp fan Tjeerd Kuipers en ferfong de grifformearde tsjerke út 1888 oan de Thomas Sjolles Siniawei. Nei de foltôging waard de âlde tsjerke ferkocht oan de herfoarme dûmny, ûnder betingst dat it gebou gjin tsjerklike bestimming krije mocht. Nei it ôfbrekken fan it tuorke waard it tsjerkje in beukerskoalle en tsjintwurdich is der in Bêd en Brochje ûnderbrocht.
Yn de jierren 1994-1995 fûn der noch in ferbouwing plak yn de tsjerke, mar dêrnei naam de tsjerkegong yn Rinsumageast drastysk ôf. Fyftjin jier letter waard der besletten om de tsjerke ôf te stjitten.[1] Op snein 20 juny 2010 waard de lêste tsjerketsjinst holden.[2]
De tsjerke waard yn 2015 ferkocht en is ferboud ta fakânsjehûs.[3] De preekstoel en it glês-yn-lead bliuwe yn de plannen bewarre.
De grifformearde gemeente gyng op yn de Protestanske Gemeente Claercamp en makket tsjintwurdich gebrûk fan de Aleksandertsjerke.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It relatyf jonge oargel fan de grifformearde tsjerke waard yn 1993 troch Sicco Steendam út Roodeschool boud. Foar de bou brûkte Steendam piipwurk fan it oargel fan Valckx & van Kouteren út 1937. It front fan it ynstrumint wie in ûntwerp fan Tjibbe Heidinga út Ljouwert.
De Hersteld Herfoarme tsjerke fan Kesteren kocht it oargel oan en dêr waard it ynstrumint nei de demontaazje yn 2013 mei in pear wizigings wer opboud. It front fan it oargel waard yn it ramt fan de ferpleatsing ferhege en krige in swarte kleur, sa't it ynstrumint yn de nije tsjerke better ta syn rjocht komt.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|