[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Goudjakhals

Ut Wikipedy
goudjakhals
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse sûchdieren (Mammalia)
skift rôfdieren (Carnivora)
famylje hûneftigen (Canidae)
skaai hûnen (Canis)
soarte
Canis aureus
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet

De goudjakhals of goudwolf (Canis aureus) is in middelgrutte hûneftige út it skaai Canis. De goudjakhals stiet tichterby de wat foarsere prêrjewolf (Canis latrans) en de folle gruttere wolf (Canis lupus) as de sealjakhals (Canis mesomelas). Yn Europa waard de goudjakhals oarspronklik fral yn East-Europa oantroffen, mar hy wreidet syn gebiet út en tsjintwurdich wurdt de goudjakhals ek yn Denemark, Dútslân en Nederlân sjoen.

Yn febrewaris 2022 waard foar it earst in goudjakhals yn Fryslân yn 'e gemeente De Fryske Marren sjoen.[1] Yn jannewaris 2023 waard oannommen dat de goudwolf him yntusken yn it bûtendykske Waadgebiet fêstige hat.[2]

Soaltsjes fan de poaten

De goudjakhals liket op in lytsere wolf, mar hat in slankere bou mei koartere poaten, in spitsere snút en in sturt dy't altiten omleech hinget. De earen fan de goudjakhals binne neffens dy fan de wolf grutter. Syn facht is rossich brún oant goudread mei grutte fariaasjes en fral yn 'e winter fakentiden wat swart op 'e rêch. Oars as by alle oare hûneftigen binne by de goudjakhals de soaltsjes fan de twa foarteannen oan de efterkant oan inoar fergroeid. Dêrmei hat de goudjakhals in poatôfdruk, dy't maklik is te ûnderskieden fan dy fan de foks, de wolf of in hûn. Wyfkes binne yn 'e regel lytser as reukes.<ref<[Wolven in Nederland, oproppen 2 july 2023]</ref>

De goudjakhals is wat iten oanbelanget net tier, it komt him net krekt en hy jaget op lytse sûchdieren (foaral kjifdieren lykas wrotmûzen en rotten), kninen, en lytse hoefdieren lykas hertekealtsjes, lytse fûgels, fisken, amfibyen en ynsekten. Dêrnjonken yt de goudjakhals ek ôffal, aas en/of plantaardich iten lykas fruchten, blombollen of kalebassen. Somtiden achterfolgje oare rôfbisten, om de resten fan harren jacht op te fretten. De goudjakhals kin langere tiid sûnder wetter. Syn hoale leit faak op iepen flakten ferside stoppe tusken de begroeiïng. It is selsgroeven hoale of in hoale fan bygelyks in taks dat ferlitten is. Yn 'e skimer en de nacht ferlit er de hoale om te jeien.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Reuke en teefke fan in pearke goudjakhalzen (Sri Lanka)

In pearke goudjakhalzen bliuwt in libben lang by inoar. Se libje yn famyljeferbân en somtiden bliuwe folwoeksen jongen (sawol reuen as teefkes) langer by de âlden. Sa foarmet him in gruttere groep om it alfapear mei harren welpen hinne. Meastentiids libje der sa'n fiif bisten yn in groep, mar de groep kin wol oant tritich bisten grut wurde. De bisten jeie meiïoar en soargje ek meiïnoar foar de jongen. Meastal plantet allinnich it alfapear him fierder. It alfapear set it it territoarium ôf mei urine. Ek litte se op opfallende plakken stront efter, lykas by strûken en stiennen en lâns de grinzen fan it territoarium. Mei meardere famyljes foarmje se somtiden grutte groepsterritoaria, as der teminsten genôch iten oanwêzich is. De goudjakhals hat in hiele rige oan lûden, dêrûnder blaffen en grommen. Ek gûlt de goudjakhals lykas in wolf, meastal docht er dit moarns. Fierders kint de soarte in soad fan deselde ekspresjes en hâldings as wolven en húshûnen.

In goudjakhals mei welpen

De peartiid falt yn Europa yn 'e maitiid. As it teefke swier is, bringt it reuke iten foar har. Nei in draachtiid fan sa'n 63 dagen wurde de welpen yn 'e simmer berne. Der wurde meastentiids twa oant fjouwer jongen berne, mar dat tal kin fariearje fan ien oant njoggen. By de berte binne de welpen 200 oant 250 gram swier. Nei trije wike ferlitte de jongen foar it earst harren hoale en krije se foar it earst fêst iten. Oare groepsleden nimme dan iten yn 'e mage mei, dat se foar de jongen opkoarje. Nei acht wiken wurde se boartlik en nei fiif oant seis moanne kinne de jongen foar harsels soargje. De goudjakhals is yn 'e regel yn in âldens fan om de tweintich moanne hinne geslachtsryp. Yn finzenskip kin in goudjakhals sechtjin jier wurde, yn it wyld leit dy leeftyd ôfhinklik fan it leefgebiet leger.

De goudjakhals kin him oeral al gau rêde, mar hy mei graach oer iepen, drûgere gersgebieten met strewellen. In goudjakhals komt somtiden ek yn doarpen, dêr't ôffal te finen is.

De goudjakhals is ynhiemsk op it Arabysk Skiereilân, Lyts-Aazje, it Yndiaaske subkontinint en Sri Lanka. Yn Europa is de soarte yn Bulgarije, Grikelân en Roemeenje al sûnt de lêste iistiid oanwêzich. Yn 'e rin fan de 20e iuw sette de goudwolf útein mei in útwreiding yn Sintraal-Europa. De goudwolf is tsintwurdich ek ynhiemsk yn de rest fan de Balkan en Hongarije. Itaalje, Sloveenje en Eastenryk wiene de folgjende lannen dêr't de goudwolf him fêstige. De lêste tiid lit de goudwolf him ek mear sjen yn Dútslân, Switserlân, Poalen, Denemark, de Baltyske steaten en Nederlân.

Yn 2016 en 2017 waard de goudjakhals foar it earst yn Nederlân op de Feluwe sjoen. Dêrnei folge Drinte yn 2019. Twa jier letter waard der in goudjakhals op de kamera set yn Uithuizermeeden en yn itselde jier waard by Zeist nei in oanriding in dea eksimplaar fûn. Yn 2022 dy by DNA-ûndersyk bliken dat in goudwolf by Ferwert in pear skiep deabiten hie.[3]

De Oekraïne en de trije Baltyske lannen beskôgje de goudjakhals as eksoat en dêr wurdt útroeging oantrune. De goudjakhals is neffens de definysje dêrfan lykwols gjin eksoat, om't it bist him op eigen krêft útwreidet, him net-eksponinsjoneel fuortplantet en net troch minken yntrodusearre wurdt. Om't de soarte op Taheakke V fan de habitatrjochtline stiet, is in folsleine úroeging yn guon East-Europeeske lanen yn striid mei de behearsregels.

Afrikaanse jakhals yn Algerije

De wittenskiplike namme fan de soarte waard yn 1758 publisearre troch Carl Linnaeus. Lang waard tocht dat goudjakhalzen út Afrika, Europa en Aazje fan de selde soarte wiene. In yn 2015 publisearre wittenskiplike stúdzje ornearre dat de yn Afrika libjende goudjakhalzen genetysk ôfwike fan de Jeraziatyske goudjakhals. Nei oanlieding dêrfan wurdt dy groep no as in aparte soarte beskôge en ta de Afrikaanske goudjakhals (Canis anthus) rekkene.

Fersprieding ûndersoarten fan de gewoane goudjakhals

Neffens "Mammal Species of the World" fan Wilson & Reeder (2005) wiene der tolve ûndersoarten. De Afrikaanske ûndersoarten wurde lykwols hjoed-de-dei ûnder de yn 2015 beskreaune soarte Canis anthus rekkene. Dêrfandinne binne der no noch sân ûndersoarten fan de gewoane goudjakhals of de goudwolf (Canis aureus) te ûnderskieden:

  • Canis aureus aureus – Arabysk Skiereilân, Irak en Iran oant Noardwest-Yndia
  • Canis aureus cruesemanni Matschie, 1900 – Noardeast-Yndia en it fêstelân fan Súdeast-Aazje
  • Canis aureus ecsedensis Kretzoi, 1947 – Hongarije; ûndersoartestatus twifeleftich[4]
  • Canis aureus indicus Hodgson, 1833 – Noard-Yndia en Nepal
  • Canis aureus moreotica I. Geoffroy Saint-Hillaire, 1835 – Lyts-Aazje, Transkaukaazje, East- en Súdeast-Europa
  • Canis aureus naria Wroughton, 1916 – Sri Lanka en Súd-Yndia
  • Canis aureus syriacus Hemprich & Ehrenberg, 1833 – Levant

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: (ned) Goudjakhals