[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Burn Bright

Ut Wikipedy
Burn Bright
algemiene gegevens
auteur Patricia Briggs
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 2018, New York
oarspr. útjwr. Ace Books
rige
rige Alpha and Omega
● foarich diel Dead Heat
● folgjend diel Wild Sign
kodearring
ISBN 978-0 35 65 06 005

Burn Bright is it sechsde diel fan 'e Alpha and Omega-searje fan 'e Amerikaanske skriuwster Patricia Briggs. De titel betsjut: "Brân Helder" of "Brân Fûl", wat hjir dûbelsinnich bedoeld is, mei't ien fan 'e haadpersoanen (Frank) Bright hjit. It is in fantasyroman fan it subsjenre fan 'e urban fantasy, dy't skreaun is yn it personele perspektyf, en ferhellet oer de aventoeren fan it wearwolvepear Charles en Anna Cornick. Burn Bright waard foar it earst publisearre yn 2018, troch de New Yorkske útjouwerij Ace Books, as hardcoveredysje. Hast tagelyk dêrmei ferskynde der ek in werprintinge yn paperbackfoarm by de Britske útjouwerij Orbit Books.

Yn Burn Bright is Bran Cornick, de marrok (de lieder fan alle wearwolven yn Noard-Amearika), ynienen en sûnder útlis op fakânsje gien nei Afrika, dêr't syn soan Samuel as dokter wurket. Sadwaande hat syn oare soan en plakferfanger, de heal-Yndiaanske Charles Cornick, tydlik de lieding oer de Noardamerikaanske wearwolven, en yn it bysûnder oer syn heite eigen troep, yn Aspen Creek, yn 'e Amerikaanske steat Montana. Dat is gjin gewoane wearwolvetroep, mar ien dêr't alderhanne âlde wearwolven yn sammele binne dy't geastlik ynstabyl rekke binne, sadat se eins net mear los fertroud binne en dêrom goed yn 'e rekken holden wurde moatte. De slimste gefallen, de saneamde 'wyldlingen', libje yn ôfsûndering op plakken yn 'e omlizzende bergen dy't geheim holden wurde foar eltsenien dy't sokke lokaasjes net hoecht te witten. Om 'e troep berêde te kinnen, binne Charles en syn frou Anna tydlik ferhuze nei Bran syn hûs, dêr't Anna tige wenne moat oan alle oanrin fan troepleden dy't wat mei de lieder te bepraten hawwe. De spande ferhâlding mei de net botte sympatike Leah, Bran syn frou en Charles syn styfmem, makket de sitewaasje der net folle better op.

De deistige rûtine wurdt rou ferbrutsen as in pear fan 'e wyldlingen heech yn 'e bergen oanfallen wurde troch in mysterieuze fijân. It giet om Hester, in âlde wearwolvinne, en har libbenspartner Jonesy, in ierdgeast. Hester wurdt troch de fijannen fongen yn in koai dy't makke is fan in metaal dêr't sulver yn ferwurke is, dêr't wearwolven net oer kinne. Jonesy, dy't geastlik alhiel net mear ynoarder is en folle machtiger is as dat er him foardocht, set de ynfallers fêst troch in kring fan beammen om harren hinne opsjitte te litten, dy't dwers troch harren fiertugen hinne groeie. Hy hie harren maklik deadzje kinnen, mar hâldt him oan syn ûnthjit oan Bran dat er nimmen kweadwaan soe. As Charles en Anna op it toaniel ferskine, weve se fluch ôf mei de ynkringers, mar in twadde tiim wurdt koart dêrnei ôfset troch in helikopter, en Hester wurdt deasketten troch ien fan 'e nij oankommen lju foar't Charles se útskeakelje kin. Neitiid berôvet Jonesy himsels fan it libben.

Charles beslút yn oerlis mei Leah en Asil, 'de Moar', in oare âlde, neat te stabile wearwolf, om Hester en Jonesy yn en mei harren blokhutte te kremearjen. Ear't se dat dogge trochsykje Charles en Asil it hûs om alle magyske foarwerpen fuort te heljen. Tag, ien fan 'e wearwolven dy't noch it measte kontakt hie mei Hester en Jonesy, fertelt dat Jonesy in bern fan Lugh wie, wat it grutte oantal magyske foarwerpen ferklearret dat Charles en Asil fine. Wat se ek fine, is in lêste skreaun boadskip fan Jonesy oan Charles: Hester hat tsjin him sein dat der in ferrieder yn 'e wearwolvetroep sit. It is ûnwis wat de ynkringers mei Hester en Jonesy woene, mar se makken dúdlik diel út fan in gruttere organisaasje, dat Charles ornearret dat it gefaar net wykt is. Hy beslút dat alle isolearre libjende wyldlingen warskôge wurde moatte. Dêrmei wurdt de oare moarns betiid úteinset. Trije tiims tsjogge de wyldernis yn, besteande út Anna en Asil; Leah en de út Frankryk ôfkomstige wearwolf Juste; en Charles en Sage Carhardt, in wearwolvinne dy't in knipperljochtrelaasje mei Asil ûnderhâldt.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Anna en Asil besykje in negroïde wearwolf dy't himsels Wellesley neamd, hoewol't bekend is dat dat in oannommen namme is. Hy is al njoggentich jier lang ien fan 'e wyldlingen om't er syn wolf mar kwealk mear yn 'e macht hat. As omegawolf is Anna bejeftige mei it fermogen om dominante wearwolven te kalmearjen, mar as se dat by de agitearre Wellesley besiket, wurdt se syn gedachtewrâld binnensûgd, dêr't se ûntdekt dat it net syn eigen wolf is dêr't Wellesley tsjin fjochtet, mar in betsjoening fan swarte magy dy't him oplein is troch in heks. Troch de mystike partnerbân dy't Anna mei Charles hat, ropt se him by har. Se besykje de betsjoening te ferbrekken troch enerzjy op te roppen út 'e mystike bannen dy't Charles mei de wearwolvetroep ûnderhâldt, mar dêrmei rêde se it net op. Pas as Charles fia syn heit Bran enerzjy opropt út alle wearwolvetroepen yn Noard-Amearika, kin de betsjoening ferbrutsen wurde.

Troch harren mystike kontakt wit Charles no dat syn heit net yn Afrika is, mar earne folle tichterby. Mei ferskate oare lytse oanwizings komt Charles ta de konklúzje dat Hester har boadskip al oan syn heit trochjûn hie ear't er ôfreizge, en dat syn heit benaud is dat Leah de ferrieder yn 'e troep is. Hy kin de libbenspartner fan syn eigen wolf net deadzje, en is dêrom útpykt sadat Charles dat putsje opknappe kin. It probleem is wol dat Bran syn wolf soks net akseptearje sil: as Charles Leah deadet, sil er dêrnei ek syn heit deadzje moatte.

Nei't Charles ek fysyk (mei Sage) arrivearre is, fertelt Wellesley, dy't no wer min ofte mear de âlde is, syn libbensferhaal. Hy waard berne yn Afrika as telch út in laach fan mystike genêzers, mar syn doarp waard platbaarnd troch slavehellers dy't syn âlden fermoarden en himsels ta slaaf makken. Op in slaveskip makke er de oerstek nei it Karibysk Gebiet, dêr't er yn Barbados ferkocht waard oan in slavehâlder dy't ûnder ynfloed stie fan in swarte heks. Dyselde hie it fermogen om halsbannen te meitsjen dêr't se minsken har wil mei oplizze koe. Ek hie se in wearwolf fongen, dy't se brûkte om mear wearwolven te meitsjen. Sa waard ek Wellesley in wearwolf, en jierrenlang droech er ien fan 'e halsbannen fan 'e heks en wied er twongen om alles te dwaan dat se fan him woe. Uteinlik briek er lykwols los, deade de heks en ûntsnapte nei it fêstelân fan Noard-Amearika. Dêr late er ûnder de namme Frank Bright in libben as genêzer en bestrider fan kwea, oant er om 1930 hinne yn it doarpke Rhea Springs, yn Tennessee, yn 'e fâle fan in oare heks rûn, dy't him de betsjoening oplei.

Charles, Anna, Asil en Sage wurde by Wellesley weiroppen troch in tillefoantsje fan Leah en Juste, dy't by de wente in oare wyldling, Jericho, de liken fan nochris trije ynkringers fûn hawwe. As Charles-en-dy dêr oankomme, fine se Jericho, dy't him deunby weromlutsen hat yn in grot. Hy liket folle helderder te wêzen as oars, mar dat lit by Charles fuort gjin alaarmbellen rinkelje. Yn harren petear jout Jericho oan dat er de ynkringers ôflústerfinke hat ear't er harren út 'e ljochten holp, en dat er de identiteit fan 'e ferrieder yn wearwolvetroep fan Aspen Creek ken. Ta ferrassing fan eltsenien blykt dat net Leah mar Sage te wêzen, dy't daliks útnaait mei Leah, Asil en Juste efter har oan. Charles en Anne bliuwe efter mei Jericho, dy't like sterk op Anna har omega-fermogens reägearret as Wellesley earder, sadat Charles har net mei him allinnich doar te litten.

As it Charles einlings ynfalt wat him sa oan Jericho steurt (de eagen fan 'e âlde wearwolf binne blau ynstee fan giel), is it suver al te let. Jericho hat de konfrontaasje mei de ynkringers net oerlibbe, mar is it slachtoffer wurden fan in hûddrager, in kwea-aardige lânseigen Amerikaanske foarm fan 'e heks. Sokken kinne de hûd (en dêrmei it stal) fan harren slachtoffers oernimme, persoanlikheid en ûnthâld ynbegrepen. Charles giet de striid oan mei dizze hûddraachster, dy't ûnder it gefjocht al rillegau it stal fan in Kodiakbear oannimt. Charles syn pake, dat in machtich ier-njoggentjinde-iuwsk Yndiaansk medisynman wie, hat him ferteld dat hûddragers inkeld te deadzjen binne troch de magy fan genêzers of troch fjoer. As er dy kennis troch de partnerbân oan Anna trochjout, set dy ôf nei de auto's om benzine en in oanstekker te heljen.

Yn 'e tuskentiid ferslacht Charles de bear en deadet him. Tinkend dat syn pake mis wie, draait er it bearelyk de rêch ta, wêrnei't de bear wer ta libben komt en him swier ferwûnet. Leah, Asil en Juste hawwe ûnderwilens harren efterfolging fan Sage ôfbrutsen, en arrivearje krekt op 'e tiid om Charles syn libben te rêden en de bear by him wei te hâlden. By de auto's moetet Anna Wellesley, dy't harren efternei kommen is. As Anna him fertelt wat der oan 'e hân is, rekket er derfan oertsjûge dat de hûddraachster deselde is as de heks dy't him njoggentich jier lyn yn Rhea Springs de betsjoening oplei. It liket derop dat de hiele operaasje tsjin 'e wyldlingen bedoeld wie om efter it ferbliuwplak fan Wellesley te kommen, dy't oer kennis beskikt dy't de hûddraachster hawwe wol (nammentlik: hoe't men halsbannen meitsje moat dêr't men oaren harren eigen wil mei ûntnimme kin). Mei de magy dêr't Wellesley mei berne is, as telch út in lange line fan sjamanistyske genêzers, leit er no in tsjoen op 'e hûddraachster yn har foarm fan 'e bear, dy't yn flammen útbarst en brânt as in fakkel oant der inkeld in (minsklik) skelet oerbliuwt, dat ta stof fergiet as Wellesley it oanrekket.

Neitiid betteret Charles stadichoan wer op. Sage is ûntkommen en hat op har flecht in oare wyldling, Devon, fermoarde. Se hâldt har beskûl yn in motel yn Billings, mar as se dêr de oare moarns wekker wurdt, sit Asil, dy't goed befreone wie mei Devon, njonken har bêd. (Fan Sage wurdt dêrnei troch nimmen ea noch wat fernommen.) Ut ûndersyk docht bliken dat de famylje dy't yn 'e tritiger jierren de waarmwetterboarnen fan Rhea Springs runden, de Hardesty's, in laach fan heksen binne, dat oant no ta ûnder de radar operearre. De hûddraachster wie in tige âld wêzen, dat de namme Daisy Hardesty droech. Sage har oarspronklike efternamme wie ek Hardesty (foar't se letter de namme Carhardt oannaam), en it wurdt dúdlik dat sy tweintich jier lyn mei opsetsin yn posysje brocht is om 'e Aspen Creek-troep fan binnenút te bespionearjen.

Charles syn heit Bran komt wer thús, en jout ta dat er yndie syn frou Leah derfan fertocht de ferriedster te wêzen. Hy wie wier fan doel en gean nei Afrika, mar syn wolf wegere him fierder gean te litten as Spokane, yn 'e oanbuorjende steat Washington, dêr't er sa lang yn in hotelkeamer omhúsmanne hat. Charles leart dêrmei wat nijs oer syn heit. Bran wie nammentlik smoarfereale op Charles syn mem, dy't lykwols kaam te ferstjerren by Charles syn berte. Neitiid swarde Bran dat er nea wer trouwe soe mei immen fan wa't er hold. Doe't lykwols dúdlik waard dat syn wolf wol deeglik in partner hawwe woe, keas er sadwaande (jierren letter) de net botte sympatike Leah as libbenspartner út. Noch altyd beart Bran dat er net fan Leah hâldt, mar Charles, dy't wit dat syn heit al fyftjinhûndert jier lang syn wolf ûnder in izeren kontrôle hâldt, leaut der neat fan dat it bist syn heit no ynienen op eigen manneboet belette koe om fierder as Spokane te gean doe't er miende dat Leah har libben yn 'e kiif stie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Mercy Thompson (romansearje)
Silver* • Fairy Gifts* • Gray* • Moon Called • The Star of David* • Blood Bound • Iron Kissed • Bone Crossed • Roses in Winter* • Silver Borne • In Red, with Pearls* • River Marked • Frost Burned • Redemption* • Night Broken • Hollow* • Fire Touched • Silence Fallen • Storm Cursed • Smoke Bitten • Soul Taken • Winter Lost
Alpha and Omega (romansearje)
Seeing Eye* • Alpha and Omega* • Cry Wolf • Hunting Ground • Fair Game • Dead Heat • Burn Bright • Wild Sign • Dating Terrors
fet = roman; *) koart ferhaal yn 'e ferhalebondel Shifting Shadows