[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Bronisław Malinowski

Ut Wikipedy
Bronislaw Kasper Malinowski
Malinowski op de Trobiand-eilannen

Bronisław Kasper Malinowski (Kraków, 7 april 1884New Haven, Connecticut, 16 maaie 1942) wie in Poalske antropolooch. Hy wurdt wrâldwiid sjoen as ien fan de meast wichtige antropologen fan de tweintichste iuw. Hy is begûn mei etnografysk fjildwurk.

Malinowski heit wie professor en syn mem wie in dochter fan in famylje mei in soad lân. As bern wie hy swak, hy wie faak siik, mar hy koe goed leare. Hy krige syn doktoraat yn 1908 fan de Jagiellonian Universiteit. Hy hat dêrnei noch twa jier studearre oan de universiteit fan Leipzig, dêr is hy ûnder ynfloed kaam fan Wilhelm Wundt mei syn teoryen fan folkspsychology. Dit late by Malinowski wer ta ynteresse yn de antropology. Yn dizze tiid wienen Britske auteurs lykas James Frazer de ferneamdste antropologen fan de wrâld. Dêrom reizge Malinowski nei Ingelân om te studearjen op de Londenske skoalle fan de Ekonomy yn 1910.

Yn 1914 is hy nei Papua reizge (it lettere Papoea Nij-Guinea), dêr is hy begûn my echt fjildwurk by de Mailu en letter op de Trobriand-eilannen bewesten Nij-Guinea. Op dizze ferneamde reis rekke hy fêst. De Earste Wrâldkriich bruts út en as in Eatenrykse Poal op Britsk gebiet mocht hy net fuort. Yn de earste perioade woe hy gjin kontakt ha mei de ynlânske Trobianders, hy fûn se mar wylden, mar omdat er sa allinnich wie besleat hy om dôchs mar mei te dwaan yn harren beskaving. Nei in koarte tiid learde Malinowski de lokale taal en hy foarme freonskippen mei minsken. Der wurdt sels sein dat er fereale waard om in lokaal famke. Yn dizze perioade dy hy fjildwurk op de Kula Ring en betocht er syn teory oer meigeande observaasje. Dizze meigeande observaasje wurdt hjoed de dei as hiel gewoan beskôge. Hie de Earste Wrâldkriich net útbrutsen en wie Malinowski net hingjen bleaun op de eilannen dan hie hy nea de fûneminten lein fan de moderne antropology.

Yn 1922 krige Malinowski in doktoraat yn de antropology en joech les op de Londenske Skoalle fan de Ekonomy. Yn 1922 kaam ek it boek “Argonauts of the Western Pacifig” út. It boek is wrâldwiid erkend as in masterwurk, Malinowski is troch dat boek ien fan de meast wrâldferneamde antropologen wurden.

Ideeën en wat er dien hat

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Malinowski wurdt neamd as de earste net op “de sitstoel antropolooch”. Dat hâld yn dat hy de earste wie dy’t kontakt hie mei de minsken dy’t hy ûndersocht. Ek hat er ynterviews hâlden mei ynformanten. Malinowskie fûn dan ek dat jo in goed byld fan minsken krije koenen troch alle dagen kontakt te hawwen en mei te dwaan yn it normale libben. Hy sei it dan ek sa: Jo moatte de lokale sjochwize besjen, harren relaasje mei it libben, it realisearjen fan harren fyzje op harren wrâld.

Universiteits posysjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • The Trobriand Islands (1915)
  • Argonauts of the Western Pacific (1922)
  • Myth in Primitive Society (1926)
  • Crime and Custom in Savage Society (1926)
  • Sex and Repression in Savage Society (1927)
  • The Sexual Life of Savages in North-Western Melanesia (1929)
  • Coral Gardens and Their Magic: A Study of the Methods of Tilling the Soil and of Agricultural Rites in the Trobriand Islands (1935)
  • The Scientific Theory of Culture (1944)
  • Magic, Science, and Religion (1948)
  • The Dynamics of Culture Change (1945)
  • A Diary In the Strict Sense of the Term (1967)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]