[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Brühl

Ut Wikipedy
Brühl
Flagge Wapen
Polityk
Lân Dútslân
Dielsteat Noardryn-Westfalen
Lânkring Rhein-Erft-Kreis
Sifers
Ynwennertal 43.673 (2020)
Oerflak 36,12 km²
Befolkingstichtens 1.209 ynw./km²
Hichte 65 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Koördinaten 50° 50' N 6° 54' E
Webside www.bruehl.de

Brühl is in stêd en gemeente yn de Rhein-Erft-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Noardryn-Westfalen.

Brühl krige yn 1285 stedsrjochten.

Sûnt 1567 wie Brühl de offisjele residinsje fan de prinsbiskoppen fan Keulen. Nei't oan it ein fan de 17e iuw in skeel om de macht tusken Keulen en Hannover yn it foardiel fan Hannover einige waarden de stedsmuorren fan Brühl delhelle.

Brühl yn de 17e iuw (Sebastian Furck)

Yn de 18e iuw liet prinsbiskop Klemens August in âld kastiel ferfange troch de barokke paleizen Augustusburg en Falkenlust. Hjoed-de-dei steane de gebouwen ynskreaun op de list fan it wrâlderfskip fan UNESCO. Oant de Dútske ienwurding brûkte it federale regear fan West-Dútslân de Augustusburg om bûtenlânske steatshaden te ûntfangen.

De stêd waard al yn 1942 bombardearre, mar yn 1944 folge in swierder bombardemint dat it súdlike stedsgebiet foar in grut part ferneatige. By it bombardemint kamen 180 minsken om. Op 7 maart 1945 kaam der foar de ynwenners fan Brühl in ein oan de Twadde Wrâldkriich doe't de Amerikaanske troepen de stêd oermasteren. Fan de joadske mienskip fan Brühl binne 65 minsken deportearre en ombrocht.

Op snein 6 febrewaris 2000 fûn op it stasjon in slim treinûngelok plak. In trein út Amsterdam nei Basel ûntspoarde ried mei hege faasje oer in trajekt dêr't net hurder as 40 kilometer yn't oere tastien wie. By it ûngelok kamen njoggen reizgers om, wylst 52 minsken slim ferwûne rekken.[1]

Stedsferdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gemeenteyndieling Brühl

De gemeente Brühl is te ferdielen yn 'e folgjende stedsdielen:

  • Badorf (mei Eckdorf en Geildorf)
  • De kearnstêd Brühl (Nord-, Ost-, Süd-, West- en Mitte)
  • Heide
  • Kierberg
  • Pingsdorf
  • Schwadorf
  • Vochem

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Augustusburg en Falkenlust yn Brühl hearre ta de wichtichste barokke en rokoko bouwurken yn Dútslân. Sûnt 1984 steane de slotten op de UNESCO-list fan it wrâlderfgoed.
  • It yn 2005 iepene Max Ernst Museum is in museum mei surrealistyske keunst fan de yn Brühl berne Max Ernst en oare moderne keunst.
  • Phantasialand

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Reformatorysk Deiblêd, 7 febrewaris 2000