Berjocht:Side fan de wike 2022/wike 13
Greve Dracula (yn it Ingelsk Count Dracula) is it titelpersonaazje fan 'e horrorroman Dracula, fan 'e Ierske skriuwer Bram Stoker, út 1897. Hy wurdt yn it boek foarsteld as in ealman út Transsylvaanje, dy't in machtich, kweadaardich en iuwenâld fampier is. Benammen troch de populariteit fan it grutte tal films dat op basis fan Stoker syn roman makke is, krige greve Dracula neitiid in wol suver legindaryske status. Hy kin beskôge wurde as de basis foar it moderne byld fan 'e fampier, mar yn it oarspronklike boek waard er ek beskreaun as in wearwolf. Yn Dracula wurdt fierders suggerearre dat greve Dracula eins de fyftjinde-iuwske foarst Vlad de Speetser is, en beskate aspekten fan it fiktive personaazje lykje troch Stoker yndie oan dy histoaryske persoan ûntliend te wêzen. It uterlik fan greve Dracula basearre de auteur fierhinne op dat fan 'e Ingelske akteur sir Henry Irving, mei wa't er beropsmjittich gearwurke hie.