[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Berchein

Ut Wikipedy
berchein

Jerk (l.) en sijke (rj.) fan 'e berchein.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Anseriformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai bercheinen (Tadorna)
soarte
Tadorna tadorna
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     simmerfûgel
     wintergast

De berchein (Tadorna tadorna) is in grutte ein, maar dúdlik lytser as in goes. It fearrekleed is bûnt fan kleur en by it hijke en it sijke itselde.

De berchein is in 1 oant 1,5 kg swiere, grutte ein fan 55 oant 65 sm lang mei in spanwiidte fan 70 sm by it wyfke en 115 sm by it mantsje. Mantsje en wyfke hawwe allebeide in reade snaffel, mar it mantsje hat der in knobbe op. De kop en de hals binne donkergrien en de fearren binne wyt mei in pear swarte streken. Oer it boarst hat de fûgel in brune bân. De berchein hat irisearjende griene sekundêre slachpinnen en rôze poaten. De measte pearkes binne trou oan inoar, neffens ûndersyk siket mar 2,4% fan bercheinen alle jierren in oare partner.[1] De ein wurdt likernôch 4,5 jier âld, mar de âldste berchein wie 14,5 jier âld, wat op grûn fan it ringjen mei betrouberens fêststeld wurde koe,.[2]

De berchein yt slakkeguod, skaaldieren en wjirms, somtiden ek ynsekten en wetterplanten.

Aaien fan 'e berchein
Sijke mei einepiken

De berchein mei graach yn in hol briede yn 'e dunen, kwelders, feangreide en oan rivieren. Dêrfoar brûkt er graach in kninehol dat de stân fan 'e berchein hinget gear mei it tal kninen. It nêst bestiet út 8 oant 12 aaien, dy't troch it sijke útbret wurde. It sijke bret se yn 28 dagen út en de einepiken kinne nei 8 wiken fleane.

De berchein is oan 'e kust fan West-Europa in fûgel dy't gauris sjoen wurdt. De ein hat de lêste dessinia syn briedgebiet nei it oanbuorjende binnenlân útwreide. Oan 'e kust fan 'e Middellânske See libbet de fûgel lykwols lokaal. De grutste Nederlânske konsintraasjes fan bercheinen binne te finen yn Seelân, it noarden fan 'e provinsje Noard-Hollân, it Iselmargebiet en it Waadgebiet. It tal briedende bercheinen nimt al sûnt de santiger jierren ta en ek mear yn it binnenlân lykas op de Fryske en Grinslânske klaai is de berchein hjoed de dei in briedfûgel. As it brieden foarby is trekke bercheinen nei de Waadsee om troch de fearren te gean. Ynearsten wie dat fral it Dútske Waadgebiet, mar it tal einen is dêr wat ôfnommen en yn it Nederlânkse Waadgebiet foars tanommen.

It tal Nederlânske briedpearen wurdt troch SOVON op 4900-8200 rûsd (2018-2020), it tal oerwinterjende bercheinen op 41.900-61.400 (2016-2021). De totale populaasje fan 'e berchein waard yn 2015 op 415.000-500.000 folwoeksen fûgels rûsd.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Joan Roughgarden: Evolution's Rainbow: Diversity, Gender, and Sexuality in Nature and People. University of California Press, Berkeley 2004, ISBN 0-520-24073-1, side 55
  2. Janet Kear (Hrsg.): Ducks, Geese and Swans. Oxford University Press, 2005, ISBN 0198546459, side 422

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Berchein fan Wikimedia Commons.