[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Bebuording

Ut Wikipedy
Dizze side giet oer bebuording fan diken as paadwizers. Foar ferkearsbuorden yn it algemien, sjoch: Ferkearsboerd.
Paadwizers yn Lúksemboarch

Bebuording omfettet de foarm, de ynhâld en lokaasje fan paadwizers foar it ferkear. Der binne ferskate soarten paadwizers, sa as bygelyks dy foar it dykferkear, foar fytsers en fuotgongers, paadwizers yn bygelyks in stêd of gemeente dy't bygelyks nijsgjirrige gebouwen, parken, en yndustryterreinen oanjouwe, en paadwizers yn iepenbiere gebouwen, sa as fleanfjilden, stasjons, gemeentehuzen en museums.

Iere paadwiezers

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In poddestoel tusken Borger en Rolde

De earste paadwizers wiene de mylpeallen op de Romeinske wegen. Op de lange rjochte diken wie it dreech en fyn in lokaasje. Dêrom waarden der grutte stiennen om de safolle myl pleatst dy't de ôfstân oanjoegen yn Romeinske milen nei oankommende wichtige stêden, en ornaris ek de haadstêden fan de provinsjes. Om't de measte diken op Rome ôfkamen, wie ien fan de nûmers ornaris de ôfstan nei de Milliarum Aureum, in grutte gouden stiennen mylpeal dy't yn it sintrum fan Rome stie. Ek wiene der wol oare stiennen dy't tsjinnen as it mjitpunt wannear't it ûnmooglik wie om fan Rome ôf te mjitten.

It brûken fan mylpeallen gie nei de Romeinske tiid gewoan troch. Letter, doe't de hannel tusken stêden en gebieten tanaam, waard it brûken fan mylpeallen minder gaadlik, en waarden der hânwizers, paadwizers yn de foarm fan in peal mei earmen dêroan, dy't de rjochting fan in bepaald doel oanwiisden, brûkt. Sokke paadwizers waarden troch pleatslike parochys of kleasters pleatst en wiene goedkeaper en makliker te lêzen foar dejingen dy't mei it hynder reizgen.

In hânwizer fan de ANWB yn Marsum

De measte paadwizers wiene makke op grûnwurk fan de tradisjonele styl dy't yn in bepaald gebiet brûkt waarden. Yn Nederlân waarden der gauris poddestuollen brûkt, en letter waarden der hânwizers mei jitizeren earmen brûkt. Troch it brûken fan de automobyl waarden der gruttere diken en al rillegau autodiken oanlein. Dêrtroch kaam der ferlet fan bettere bebuording. Net eltsenien wie bliid mei fernijing, sa as bygelyks dyjingen dy't de tradisjonele styl moaier fûnen, en fan sake-eigeners by de oanbelangjende rûten del, dy't noed hiene dat by in standertsysteem ta geunst wie foar de nije diken en de âldere plattelânsdiken mijd wurde soene.

Yn de Twadde Wrâldkriich rekke it modernisearjen fan de bebuording yn Jeropa stil, en guon oerheden hiene sels paadwizers fuorthelle om't der noed wie dat dy de fijân helpe koene. De ein fan de Twadde Wrâldkriich bea mooglikheden by in soad Jeropeeske oerheden en ûntwerp fannijs harren bebuordingsysteem. Troch it bouwen fan nije autodiken, dêr't mei in gruttere faasje oerhinne riden wurde koe, betsjutte dat de tradisjonele systemen net mear gaadlik wiene. Gruttere buorden mei skreefleaze lettertypen en diagrammen, dy't de rydstripen oantsjutten, waarden ûntjûn.

It Ferdrach fan Wenen oangeande ferkearstekens op 8 novimber 1968, is in ynternasjonaal ferdrach dy't besiket ferkearsbuorden uniform ûntwerpe te litten, sa't der gjin betizing ûntstiet. Wat paadwizers oanbelanget, giet it ferdrach krapoan oer. Wol wurdt der oantrûnd op buorden dy't in rjochthoekige foarm hawwe en paadwizers yn in fiifhoeke yn pylkfoarm en dy moatte it dyknûmer en de rjochting nei ornaris in plak, mei of sûnder de ôfstân, befetsje. Mar nettsjinsteande dat brûkt elts lân fierder syn eigen systeem. Measte lannen brûke en boerd mei in blauwe of griene oerflak. Reade, oranje of oare skerpe kleuren binne allinnich tastien bygelyks foar needgefallen, lykas omlieding troch dykkonstruksje.

Benammen foar it autoferkear is it tige wichtich dat der goede en logyske buorden opsteld binne. In bestjoerder moat net betiisd wurde en ek net remje moatte om it boerd goed te lêzen. Tefolle ynformaasje kin der ta liede dat de bestjoerder tefolle nei it boerd sjocht ynstee fan nei oar ferkear. Te min ynformaasje kin der ta liede dat er him minder wis is fielt, en him dus minder feilich gedrage sil, troch bygelyks hommels te remjen, folle stadiger oan rydt of hommels fan rydstripe te wikseljen. Paadwizers hawwe ek de funksje it ferkear yn de krekte baan of rûte te begelieden. Bygelyks yn in stêd kin trochgeand ferkear om it sintrum laat wurde, sa't it sintrum net ferstoppe rekket. Dêrom steane om in soan binnenstêden de buorden "RING", "stedsring" of "trochgeand ferkear", dêr't it ferkear mei de stêd troch laat wurdt.

Njonken plaknammen, binne ek dyk- en ôfritnûmers wichtich, om't dy ek op kaarten en navigaasjesystemen oanjûn wurde. Yn de stêden komt bebuording minder foar en moatyn haadsaak nei strjitnammebuorden sjoen wurde.

De measte lannen brûke kleurkoaden foar de ferskillende dyksoarten. Foarbylden binne:

  • Nederlân en Belgje: wyt op blau (algemien); swart op wyt (doelen dy't gjin plakken binne, mar parten fan in plak, sa as in wyk. Bysûndere plakken sa as in rekreaasjeterrein, yndustryterrein of fleanjild steane almeast mei symboal dêrfoar oanjûn); read op wyt mei fytssymboal (fytsers en bromfytsers); en grien op wyt (lanlike fytsrûte). Yn Belgje wurde autodiken fan net-autodiken lykwols yn grien oan jûn.
  • Dútslân en Lúksemboarch: wyt op blau op autodiken; swart op giel op oare diken; swart op wyt op guon diken en ek foar bestimmings lykas wiken en parten fan in plak. Bysûndere bestiimings hawwe ek in symboal dêrfoar oanjûn.
  • Frankryk: blau op wyt op autodiken; swart op wyt op oare diken; wyt op grien op routes nationales.
  • Denemark: wyt op grien op autodiken; wyt op blau op oare autowegen; read op wyt op lytsere diken.
  • Eastenryk: wyt op blau op autodiken; swart op wyt op oare diken.
  • Itaalje en Sina: wyt op grien op autodiken; wyt op blau op oare diken.
  • Switserlân: wyt op grien op autodiken; wyt op blau op oare diken; swart op wyt op lytsere diken.
  • Spanje: wyt op blau op autodiken; wyt op grien op autowegen; swart op wyt op oare diken.
  • Feriene Keninkryk en Ierlân: wyt op blau op autodiken; wyt op grien op autowegen; swart op wyt op lytsere diken.
  • Súd-Afrika: wyt op blau op autodiken; wyt op grien op oare diken.

Yn de Feriene Steaten, Kanada, Austraalje en Nij-Seelân binne alle algemiene buorden wyt op grien. Allinnich buorden foar bysûndere bestimmings, lykas sikehuzen en rêstplakken wurde yn wyt op blau oanjûn, en toeristyske bestimmings yn wyt op brún. Yn Austraalje en Ontario wurde toldiken ek mei in oare kleur oanjûn.

Omliedings en opkear wurde almeast oanjûn troch tydlike buorden mei in skerpe kleur, sa as bygelyks swart op read of oranje. Om betizing tefoaren te kommen wurde de omlate doelen op de gewoane buorden dan tydlik beplakt.

Op autodiken wurde ôfslachoantsjuttings meardere kearen oanjûn, om't in bestjoerer maklik ien boerd misse kin omreden syn faasje of frachtferkear dy't it sicht op de boerd behinderet. Ek op oare diken wurde de bestimmings gauris werhelle. Ynearsten wurde se op in foaroankundigingsboerd oanjûn op inkelde hûnderten meters foar de krusing, dêr't de bestimmings op de krusing mei paadwizers fannijs oanjûn steane.

Der wurdt besocht stêden oan te jaan op in foar de bestjoerder sa logysk mooglike manier. Yn Nederlân en in soad oare lannen wurde in soarte fan linebeneiering brûkt. De eindoel fan in rûte stiet oanjûn, tagelyk mei oare wichtige plakken oan de rûte, dy't haaddoel binne. Sa wurdt bygelyks Ljouwert al op de Ring Amsterdam oanjûn en is dan de eindoel op de rûte A8/A7 oant it knooppunt Surch. Haaddoelen oan dy rûte binne Saandam, Purmerein, Hoarn en De Helder. Om't de rûte nei Ljouwert dêrnei oer de A31/N31 ôfspjalt, wurdt Grins de eindoel en binne Boalsert, Snits, De Jouwer, It Hearrenfean en Drachten de haaddoelen oer de fierdere rûte oer de A7.

Foar in stêd op de buorden oanjûn te stean is suver fergeze reklame. Gemeentebestjoeren trune der by de nasjonale oerheid dan ek gauris op oan harren stêd sa fier mooglik oanjûn te krijen.

De Wikipedy hat ek in side Ferkearsbuorden yn Nederlân.
Paadwizer yn Wierden. Op de earm loftsûnder stiet gjin autosymboal, mar lykwols is dy earm allinnich faor fluch ferkear, want der is in oare rûte foar (brom)fytsers. De earm loftsboppe is foar alle ferkear.

Yn Nederlân hat de ANWB mar as in iuw it pleatsen en it ûntwerpen fan de buorden fersoarge. Sûnt 2004 hat Rykswettersteat dy funksje, fan dat it rykswegenet oanbelanget, oernommen en is it ûntwerpen fan de buorden útbestege oan it bedriuw Tebodin. De ANWB fersoarge oant 2013 noch wol hieltyd de bebuording op provinsjale en gemeentlike diken. Sûnt 1 april 2013 waard de Nasjonale Bebuordingstsjinst (NBd) ferantwurdlik foar it ôfstimmen en koördinaasje tusken de ferskillende dykbehearders oangeande in gelikense útfiering fan de bebuording

Sûnt 2008 waarden der nije buorden mei in nije foarm op de autodiken pleatst. Nei in proef waarden de buorden sa stadichoan op alle autodiken pleatst. Dy nije bebuording soe neffens Rykswettersteat mear oersichtlik en dúdlik wêze, en boppedat in better ûnderskied tusken wichtge en net-wichtige ynformaasje meitsje. De nije buorden lykje op it yn Dútslân brûkte systeem.

It nije bebuordingsssysteem by Fenlo.

De wichtichste feroarings:

  • De rjochtingspylken wurde altyd nei boppe pleatst, ynstee fan nei ûnderen. Dat soe it ferrinnen fan de rydbanen better oanjaan.
  • De folchoarder fan plaknammen op de buorden; it plak tichtste by komt ûnderoan te stean, ynstee fan boppe.
  • Ofslaggen wurde oankundige troch buorden, lykas nei Dútsk foarbyld, mei in nei boppe ta wizende pylk mei in ôfspjalting nei rjochts. By de ôfspjalting steane de bestimmings fan de ôfslach, en boppe de rjochttrochgeande pylk wurdt de folgjende ôfslach neamd.
  • De bestimmingsbuorden steane nei de ôfslach ynstee fan foar de ôfslach.
  • De plaknammen dy't op de buorden steane, wurde feroare. Ynstee fan plakken dy't oan de rûte lizze oan te jaan ("linebeneiering"), wurde plakken oanjûn dy't by in wichtich knooppunt lizze ("netwurkbeneiering"). Dat betsjut dat guon plakken, de netwurkdoelen, faker oanjûn wurde, en guon plakken oan de trochgeande dyk fan de buorden ferdwine sille. Ek bûtenlânske plakken sille faker oanjûn wurde, om't it Nederlânske wegenet part fan it Jeropeeske is.
  • Wannear't in bestimmingsboerd ek plakken oanjouwe, dy't net oan de dyk sels lizze en dêr't dus letter foar ôfslein wurde moat, wurdt der in horizontale streek op de boerd set. Boppe de streek stea de bestimmings dy't oan de dyk sels lizze, en ûnder de streek steane plakken dy't oan de ôfspjaltings lizze.
  • By it oankundigjen fan in ferkearsknooppunt wurdt der in ynternasjonaal symboal brûkt ynstee fan "knooppunt". Ek it "ôfrit" wurdt ferfongen troch in ynterbasjonaal symboal . Dêrmei wurdt it makliker foar de bûtenlânske bestjoerders. It "út"-boerd hat in pylk dy't nei rjochts wiist, ynstee fan nei rjochtsboppe.
  • Ringwegen wurde oantsjutten mei RING + dyknûmer, ynstee fan RING + plaknamme.
Dútske paadwizers yn 1936

Yn Dútslân jilde hast deselde regels oangeande de bebuording. Der wurdt standert op alle buorden it lettertype DIN 1451 brûkt.

Der binne inkelde grûnregels dêr't de buorden oan foldwaan moatte:

  • De buorden moatte unifoarm wêze op it gânse wegenet.
  • De buorden moatte goed te lêzen wêze.
  • De buorden moatte nettsjinsteande de tiid fan it jier altyd goed te sjen te wêzen.
  • Plaknammen dy't op de buorden ferskine besteane út ein- en haaddoelen.
  • Plaknammen moatte trochgeand op de buorden ferskine. It fierste plak komt boppe te stean, wylst it tichtste plak ûnderoan stiet.
  • Pylken wize nei boppe ta.
  • Unifoarme kleuren fan it boerd. Op autodiken wyt op blau, en op net-autodiken swart op giel.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch: