[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Audoënus

Ut Wikipedy
Audoënus
   hillige
persoanlike bysûnderheden
bertenamme Dado
bertedatum 609
berteplak Sancy by Soissons
stjerdatum 24 augustus 686
stjerplak Clichy by Parys
wurkpaad
berop biskop fan Rouen
hillichferklearring
fereare troch Roomsk-Katolike Tsjerke

Audoënus (berne yn it jier 609 yn Sancy by Soissons; ferstoarn op 24 augustus 686 yn Clichy by Parys) is in roomske hillige. Yn Frânsktalige lannen stiet de hillige bekend as Saint-Ouen, yn Ingelsktalige lannen as Saint-Owen.

Audoënus wie de soan fan Autharius en waard yn 640 biskop fan Rouen. Hy stifte kleasters en soarge foar frede tusken Neustrje en Austraasje nei de dea fan hofmeier Ebroin yn 681. It hôf fan Dagobert I hie grut respekt foar Audoënus, om 't er libbe neffens de regel fan it Ierske kleasterlibben, yn Galje yntrodusearre troch Sint-Kolumbanus.

Syn deugden en wiisheid makke him geskikt foar it biskopsamt fan Rouen, dat nei de dea fan biskop Romanus yn 639 fakant wie. Om him dêr op ta te rieden reizge er nei Spanje op missy om de Spaanske arianen de otterdokse opfettings oer de Trije-ienheid by te bringen. Wylst de regio dêr't er wie te lijen hie fan grutte drûchte, bidde Audoënus om genede út de himel en de oerfloedige rein dy't folge soarge foar in rike rispinge.

Hy waard op 13 maaie 641 yn de katedraal fan Rouen tagelyk mei syn freon Eligius (Frânsk: Saint-Éloi), dy't biskop fan Noyon waard, konsakrearre ta biskop. It wie doe dat er de namme "Ouen" keas (Audoenys yn it Latyn).

Sint Audoënus leit de reliken fan Sint-Eligius yn in relykkast (Michel Honoré Bounieu)

Audoënus bestjoerde it bisdom mei grutte wiisheid. Hy soarge foar de útballing fan de heidenske brûkmen ûnder de kristlike befolking en focht mei krêft tsjin de pleagen fan de geastlikheid: de hannel yn geastlike amten en it brek oan disipline. Hy befoardere de ûntwikkeling fan it kolumbaanske kleasterwêzen en hy holp Sint-Wandregesilus by de stifting fan de abdij fan Fontenelle, Sint-Filibertus by de abdij fan Jumièges en by it stiftsjen fan oare monastike delsettings: de abdij fan de Trije-ienheid fan Fécamp, de abdij fan Montivilliers, de abdij fan Pavilly en it kleaster fan Belcinac.

Hy wijde him oan de ûntwikkeling fan teologyske stúdzjes en hie syn bydrage yn de gearfoeging fan de Ierske rigel mei dy fan Sint-Benediktus.

Yn de tiid fan it regear fan keninginne Bathildis, de frou fan Klovis II dy't yn 657 ferstoar, waard er ien fan de belangrykste adviseurs fan de keninginne.

Doe't er hast 75 wie makke de biskop noch in pylgertocht nei Rome. Hy besocht de hillichdommen en ferdielde jelmissen oan de earme bewenners fan de stêd. Faaks hat er ek in besite brocht oan paus Adeodatus II. Hy sammele yn Rome ek reliken om dy mei werom nei Rouen mei te nimmen. Al dy tiid bleau hy rie en stipe jaan oan hofmeier Ebroin.

Audoënus waard by gelegenheid wer steatsman op fersyk fan hofmeier Ebroin en Teoderik III (Frânsk: Thierry III), de broer en opfolger fan Gildebert III, om harren skeel mei de aristokrasy by te lizzen.

Dea en ferearing

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't Ebroin ferstoar reizge Audoënus op útnûging fan Teoderik III nei Keulen om de frede tusken Neustrje en Austraasje werom te bringen.

Gaueftich nei dy tiid waard er siik en op 24 augustus 684 ferstoar er oan koarts yn it keninklik paleis fan Clippiacum (Clichy). It hôf bewize him in lêste ear ear't er nei Rouen oerbrocht waard en dêr yn de Sint-Pitertsjerke plechtich begroeven waard.

In offisjele hilligenferklearring troch Rome hat der nea west. Mar it liket der op dat Audoënus dochs hiel bysûnder west hat, want hast fuort nei syn dea ferearden syn tiidgenoaten him al as in hillige. Al in pear jier letter waarden syn reliken yn opdracht fan biskop Anbert wer opgroeven en ferhûze nei in plak efter it heechalter. Nei syn dea yn Clichy waard syn lichem oerbrocht nei de Sint-Pitertsjerke yn Rouen. Syn namme gyng letter oer op de yn it jier 750 stifte abdij fan Rouen.

Fral yn it noarden fan Frankryk ûntstiene tsjerken dy't nei him ferneamd binne. Yn Frankryk is der hast gjin departemint sûnder doarp of stêd ferneamd nei harren Saint-Ouen.

Doe't de Wytsings Normandje ynfoelen hellen muontsen de reliken út it grêf en ferhûzen se fan it iene nei it oare plak. Nei 70 jier brochten de muontsen de reliken werom nei Rouen, mar mei de reformaasje waarden de bonken fan Audoënus troch kalvinisten ferbaarnd. Mar oeral wer't de reliken west hiene bleaune fragminten efter en ek dy waarden wer ferdield en op 'e nij ûnderferdield en fûnen harren wei nei ferskillende lannen. Yn de 10e iuw besiet ek de katedraal fan Canterbury in diel fan de plasse fan Sint-Audoënus. As immen de genêzing wurdich wie ferdwûnen de sykten by it oanreitsjen fan de plasse, sa net dan waard dyjinge de katedraal útdreaun troch hallusinaasjes fan wraak sykjende ingels. Fragminten fan de plasse kamen yn Malmesbury en Dublin telâne.

De nammedei fan de hillige is 24 augustus. Hy wurdt oanroppen tsjin dôvens en tonger.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side