[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Alliearden

Ut Wikipedy
Wrâldkaart mei dielnimmers oan de 2e Wrâldkriich: De Alliearden binne oantsjut mei grien (ljochtgrien binne de lannen, dy't earst nei de oanfal op Pearl Harbor dielnamen), Asmogendheden binne blau en neutrale lannen mei griis.

De Alliearden, de ferbûnenen, is in namme foar de groepen lannen dy't yn de Earste Wrâldkriich en yn de Twadde Wrâldkriich fochten tsjin Dútslân en de oare aggressors.

De namme is ûntstean yn de Earste Wrâldkriich doe't der wier in ferbûn wie, de "Triple Entente", wêrfan de trije lidden, Ruslân, Frankryk en Grut-Brittanje fan hast it begjin fan de oarloch alle trije tsjin Dútslân, en de oare Sintrale Steaten fochten. Oare lannen fochten letter ek mei oan de kant fan dy alliearden, benammen de Feriene Steaten en de lannen ûnder de Britske Kroan. Nei de Russyske Revolúsje foel Ruslân wei út it ferbûn.

Yn de Twadde Wrâldkriich fjochten op 'e nij Frankryk en Grut-Brittanje tsjin Dútslân, en de oare Assteaten. Dêrom waard al gau wer de namme "De "Alliearden" brûkt, hoewol der dizze kear net sa'n ferbûn bestie. Op 'e nij fochten ûnder oaren de Feriene Steaten oan de kant fan de "alliearden", en yn de rin fan de oarloch rûn de Sowjetuny ek oer nei de Ingelsk/Frânske side.