[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Alvestêde Oldtimer Rally

Ut Wikipedy
Alvestêde Oldtimer Rally
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Fryske alve stêden
tiid fan it jier ± 2e sneon fan maaie
bysûnderheden
oare namme Auto-alvestêdetocht
gelegenheid alvestêdetocht
soarte evenemint oldtimer-toertocht
bestean 1984 – no
org. troch St. Alvestêde Oldtimer Rally
offisjele webside
www.elfstedenoldtimerrally.nl

De Alvestêde Oldtimer Rally, better bekend as de Auto-alvestêdetocht, is in alvestêdetocht foar âlde auto's en oare fiertugen út earder tiid, dy't bekendsteane as oldtimers. It is in 245 km lange toertocht dy't elts jier holden wurdt oan it begjin fan maaie, faak op 'e twadde sneon fan dy moanne. De Alvestêde Oldtimer Rally fûn foar it earst plak yn 1984, doe't in stikmannich entûsjaste eigners fan oldtimers op it idee kamen om 'e alvestêderûte te riden. De namme fan it barren is wat misliedend, om't de oantsjutting rally in wedstrydelemint suggerearret dat winliken net bestiet. Hjoed de dei wurdt it evenemint organisearre troch de Stifting Alvestêde Oldtimer Rally yn De Fochtel, yn gearwurking mei de stifting Nederlânsk Kultureel Mobyl Erfgoed.

Der dogge net inkeld auto's oan 'e Alvestêde Oldtimer Rally mei, mar ek frachtauto's, bromfytsen en motorfytsen. It iennichste betingst foar it meidwaan oan 'e toertocht is dat jins fiertúch foàr 1950 makke wêze moat. De measte dielnimmende oldtimers datearje út 'e perioade tusken 1920 en 1930, mar de âldsten stamje út 1904. Yn 2018 diene der 400 auto's en 200 motorfytsen en bromfytsen mei; dêrmei is de rally it grutste iendeiske oldtimerevenemint fan Jeropa.

De start fan 'e Alvestêde Oldtimer Rally fynt moarns tusken 7.00 en 9.00 oere plak fanôf in parkearterrein njonken camping 't Hop yn Wikel. Dêrwei wurdt in rûte folge dy't de dielnimmers oer Drylts, Snits, Ljouwert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Boalsert, Warkum, Hylpen en Starum tsjin 'e klok yn by de Fryske alve stêden lâns fiert. De finish is yn Sleat, dêr't de dielnimmers jûns foar 19.00 oere oankomme moatte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • ——, Eén groot rijden museum, yn: 11 fan Fryslân (hûs oan hûs besoarge ynfokrantsje), 2 maaie 2018, s. 5.