[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Aias

Ut Wikipedy
Aias
algemiene gegevens
oarspr. titel Αίας
auteur Sofoklês
taal Aldgryksk
foarm toanielstik
sjenre trageedzje
skreaun 455-450 f.Kr.
1e opfiering 4?? f.Kr., Atene
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Aias
publikaasje 1998, Aldemardum
útjouwer eigen behear
oersetter Klaas Bruinsma
ISBN oers. gjint

Aias, yn it oarspronklike Aldgryksk: Αίας, Aias, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Sofoklês (496-406 f.Kr.). It is in trageedzje dy't weromgrypt op it wurk fan Homêros en spilet tusken de ein fan 'e Ilias en de Grykske oerwinning yn 'e Trojaanske Oarloch yn. It stik ferhellet oer it lot fan 'e Grykske kriger Ajaks, de kening fan Salamis, dy't ek wol Ajaks de Mânskere neamd wurdt om him te ûnderskieden fan Ajaks de Lytsere, de soan fan kening Oïléus fan Lokris. Aias moat earne tusken 455 en 450 f.Kr. skreaun wêze. De Fryske fertaling fan Klaas Bruinsma ferskynde yn 1991. Hoewol't sawol de titel fan dit toanielstik as de namme fan 'e haadpersoan yn 'e regel oerset wurdt ta "Ajaks" (of "Ajax"), hâldt Bruinsma foar allebeide fêst oan 'e Grykske foarm "Aias", mooglik om in assosjaasje mei de Amsterdamske fuotbalklub Ajax foar te kommen.

As it toanielstik iepenet, is Aias poermâl om’t de wapenrissing fan syn neef Achilles nei dy syn dea oan Odusseus jûn is ynstee fan oan him. Hy sjocht der in gearspanning tsjin himsels yn troch de lieders fan 'e Griken, benammen troch de Atreïden Agamemnon en Menélaos, en swart dat er se allegear om hals bringe sil. Mar ear't er syn wraak yn 'e praktyk bringe kin, wurdt er betsjoend troch de goadinne Atene, sadat er de keppels skiep en kij dy't de Acheeërs bútmakke hawwe op 'e Trojanen foar de Grykske keningen oansjocht. Hy slacht in stikmannich fan 'e bisten dea mei syn swurd, en sleept dêrnei in pear oaren, mei dêrûnder in raam wêrfan't er mient dat it syn fijân Odusseus is, mei werom nei syn kamp, om se te marteljen.

As de betsjoening útwurke rekket, komt Aias ta de ûntdekking wat er dien hat. Hy wurdt dan tramtearre troch spyt en skamte, net om wat er de oare keningen oandwaan woe, mar om't er sa folslein en iepentlik foar gek set is. Dêrby beseft er dat de wrâld allegeduerigen oan it feroarjen is, en hy, dy't himsels "de ûnferoarlike" neamd hat, kin dêr net mei omgean. Heal dêrom en heal om syn ferlerne eare werom te winnen, prakkesearret er deroer en meitsje in ein oan syn libben. Syn bysliep Tekmessa smeket him om har en harren jonge soan Eurusakês net ûnbeskerme efter te litten; dêrop jout Aias de pjut syn skyld. Hy giet nei bûten ta en seit dat er himsels suverje sil en dat er it swurd dat Hektor him jûn hat, bedobje sil.

Underwilens komt Teukros, Aias syn healbroer, yn it Grykske kamp oan, en wurdt dêr om 'e wille fan Aias mei hún en spotslach ûnthelle. De sjenner Kalchas warskôget dat Aias foar de ein fan 'e dei syn tinte net ferlitte mei, oars sil er stjerre. Teukros stjoert gau-gau in boadskipper nei Aias-en-dy ta, mar syn broer is al nei bûten ta gien. Tekmessa en Aias syn soldaten geane him efternei, mar komme te let. Hy hat, krekt sa't er sein hie, syn swurd bedobbe. Mar hy hat de punt út 'e grûn stekke litten en himsels dêrop falle litten.

Aias riedt him ta op syn selsmoard.

Oars as dat yn Sofoklês syn tiid wenst wie, doe't moarden, selsmoarden en stjergefallen inkeld op it poadium berjochte mar dêr net toand waarden, fynt de selsmoard fan Aias àl plak op it poadium. Yn syn monolooch dy't deroan foarôfgiet, ropt er om wraak op Agamemnon en Menélaos en it hiele Grykske leger. Hy sprekt fierders de hope út dat syn lichem fûn wurde sil troch syn broer Teukros, sadat him syn begraffenis net ûntholden wurde sil (wat ien fan 'e slimste straffen wie dy't jin yn it Alde Grikelân oerkomme koe). It is Tekmessa dy't him dea fynt, mar Teukros arrivearret frijwol daliks dêrnei. Hy lit Tekmessa en de lytse Eurusakês nei syn tinte ta bringe, om harren te beskermjen tsjin Aias syn fijannen.

Dan ferskynt Menélaos op it toaniel en jout oarders dat Aias syn lichem dêr lizzen bliuwe moat. Suver de hiele lêste helte fan it stik draait om 'e fraach oft Aias no al of net begroeven wurde moat. Teukros is wisberet om syn healbroer te begraven, wat Menélaos en Agamemnon dêr ek fan fine meie. Dyselden binne like wisberet dat de begraffenis gjin trochgong fine sil. Uteinlik is it Odusseus, earder ien fan Aias syn slimste fijannen, dy't de beide Atreïden bepraat troch te sizzen dat sels in fijân respekt fertsjinnet as er dea is. Odusseus wurdt dus Aias syn bûnsgenoat en bewiist dêrmei op 'e nij de feroarlikens fan 'e wrâld dy't Aias sels sa ferspijde. It toanielstik einiget as Teukros einlings en te'n lêsten sûnder tsjinwurking de begraffenis beävensearje kin.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan Aias ferskynde yn 1998 fan 'e hân fan klassyk oersetter Klaas Bruinsma. dy't ek ferantwurdlik wie foar de Fryske oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee. Bruinsma brocht it toanielstik yn in boekje fan 33 siden yn eigen behear út. It is op te freegjen by Tresoar ûnder oanfraachnû. 10873 fr folio.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Sofoklês, Aias (oers. Klaas Bruinsma), Aldemardum, 1998 (eigen behear), gjin ISBN, Tresoar oanfraachnû. 10873 fr folio.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Further reading, op dizze side.

de oerlevere toanielstikken fan Sofoklês
Aias | Elektra | Filoktêtês | De Froulju fan Trakhis | de Tebaanske Trilogy (Kening Oidipoes • Oidipoes yn Kolonos • Antígoné)