[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Aerosol

Ut Wikipedy
Wolken

In aerosol, fan Gryksk aero ("lucht") en Latyn solve ("oplossing") is in kolloïdaal mingsel fan stofdieltsjes of floeistofdrippen yn gas. Harren grutte leit tusken 0,2 oant 200 mikrometer. Wolken en mist binne foarbylden fan in aerosol; hja bestean beide út hiel lytse dripkes wetter yn ’e loft. In foarbyld fan in aerosol dy't út fêste dieltsjes bestiet is reek. In aerosol mei fêste dieltsjes kin út natuerlike boarnen ûntstean, lykas sân of seesâlt, of troch minsklike aktiviteiten, bygelyks roet.

De term aerosol wurdt ek faak brûkt foar de ynhâld fan in spuitbus.

Aerosols hawwe in direkt en in yndirekt effekt op it klimaat.[1] Oan de iene kant trochdat hja ynfallende strieling fan de sinne absorbearje en wjerkeatse kinne ; it direkte effekt fan aerosols op it klimaat. Oan de oare kant dogge aerosoldieltsjes har ek yn de atmosfear foar as kondinsaasjekearnen foar wetter en dêrmei beynfloede sy it tal wetterdripkes en feroarsaakje se bewolking; it yndirekte effekt fan aerosols op het klimaat.

  1. Eftergrûnynformaasje op de webside fan it Keninklik Meteorologysk Ynstitút(KMI)