[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Abraham Kuyper

Ut Wikipedy
Abraham Kuyper
politikus
Abraham Kuyper
Abraham Kuyper
echte namme Abraham Kuyper
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 29 oktober 1837
berteplak Maassluis
stjerdatum 8 novimber 1920
stjerplak De Haach
partij ARP
Nederlânsk minister fan Binnenlânske saken
amtsperioade 1901-1905
foargonger Hendrik Goeman Borgesius
opfolger Pieter Rink

Abraham Kuyper (Maassluis, 29 oktober 1837De Haach, 8 novimber 1920) wie in Nederlânsk teolooch, predikant, steatsman en sjoernalist.

Kuyper wie oprjochter fan de earste politike partij yn Nederlân, de ARP, stifter fan de Frije Universiteit en droech by oan de foarming fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân en wie fan 1901 oant 1905 earste minister.

Gronologysk oersjoch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier Barren
1837 29 oktober: Abraham Kuyper wurdt berne yn Maassluis
1855 stúdzje teology en klassike talen oan de Universiteit Leien (promovearre yn de teology yn 1862)
1863 1 july: houlik mei Johanna Hendrika Schaaij
1863 wurdt beroppen as predikant te Beesd (Betuwe)
1867 wurdt predikant te Utert
1870 wurdt predikant te Amsterdam
1872 rjochtet it deiblêd De Standaard op, dêr't er oant 1920 haadredakteur bliuwt
1874 wurdt keazen as lid fan de Twadde Keamer foar de anti-revolúsjonêren
1877 ferlit de Twadde Keamer
1878 spilet in wichtige rol bij het petitsjonnemint tsjin de skoallewet fan Jan Kappeyne van de Coppello en by it stypjen fan it bysûnder ûnderwiis; rjochtet de Vereeniging voor Hooger Onderwijs op Gereformeerden Grondslag op
1879 rjochtet de Anti Revolúsjonêre Partij (ARP) op
1880 stichtet de Frije Universiteit te Amsterdam
1886 jout lieding oan de beweging dy't him yn de Doleânsje ôfsplisse fan de Nederlânsk Herfoarme Tsjerke, wat it ûntstean fan de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke (Dolearende) fan gefolgen hie. Dizze fusearre yn 1892 mei de Kristlik Grifformearde Tsjerke ta de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân
1891 sprekt de iepeningsrede út op it Kristlik Sosjaal Kongres fan it Nederlandsch Werkliedenverbond Patrimonium
1894 Kuyper wurdt op 'en nij yn de Twadde Keamer keazen
1901 nei in ferkiezingsoerwinning fan de katoliken en anti-revolúsjonêren foarmet Kuyper it Kabinet-Kuyper
1903 Kabinet-Kuyper komt fanwegen tsjin de Spoarstakings fan 1903
1905 'rjochts' ferliest de ferkiezingen; Kuyper komt net werom yn de Keamer
1909 yn de lintsjesaffêre docht bliken dat ien, dy't op foarspraak fan Kuyper in ûnderskieding krige hie, yn 1903 jild yn de ARP-partijkas stoart hie.
1920 8 novimber: Kuyper komt te ferstjerren en wurdt beïerdige te De Haach
Spotprint fan Albert Hahn

Kuyper syn húshâlding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kuyper troude op 1 july 1863 mei Johanna Hendrika Schaay (1842-1899). Der waarden acht bern berne, ien stoar yn de bernejierren:

Utsein de twadde soan (dy't teosoof waard) hawwe alle bern fan Abraham Kuyper in rol spile yn de pylder fan de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân.


  • De Christus en de sociale nooden en democratische klippen - Amsterdam
  • Het Calvinisme, oorsprong en waarborg van onze constitutionele vrijheden. een Nederlandse gedachte. Amsterdam 1874.
  • Antirevolutionair óók in uw Huisgezin. Amsterdam 1880.
  • Het Sociale Vraagstuk en de Christelijke religie - Rede by de iepening fan it Sosjaal-Kongres op 9 novimber 1891.
  • De gemene gratie
  • Pro Rege
  • Het Calvinisme - Seis lêzingen, de saneamde 'Stone-lezingen', dy't Kuyper yn oktober 1898 te Princeton (Feriene Steaten) hold.
  • Antirevolutionaire Staatkunde ( twa dielen, 1916-1917 )
  • Bilderdijk in zijn nationale betekenis
  • Onze Eeredienst
  • Geen vergeefs woord - Samle Deputaten-Redevoeringen
  • Vrouwen uit de Heilige Schrift
  • Voor een distel een mirt ( deiboek )
  • Gomer voor den Sabbath ( deiboek )
  • Om de oude wereldzee ( twa dielen )

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]