[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Crossover (pornografy)

Ut Wikipedy
De Dútske pornoaktrise Gina Wild is nei it beëinigjen fan har karriêre yn 'e pornoyndustry in súksesfol mainstream-aktrise wurden ûnder har bertenamme Michaela Schaffrath.

Mei in crossover wurdt yn 'e pornografy in oerstap út 'e pornoyndustry nei de mainstream-film-, -tillefyzje- of -muzykyndustry bedoeld. It is oer it algemien noch net iens sa maklik om sa'n oerstap te meitsjen, om't it meiwurke hawwen oan it meitsjen fan pornografyske films en byldmateriaal, benammen yn 'e Feriene Steaten, tige stigmatisearjend is. Allinne de grutste pornoaktrises, lykas Jenna Jameson, Jesse Jane, Tera Patrick en Lisa Ann, kinne harren gauris ridlik frij tusken de beide sjenres bewege. Foar manlju is pornografysk wurk minder stigmatisearjend, en dat hat pornoakteur Ron Jeremy by steat steld om wrâldferneamd te wurden, al is er yn 'e mainstream-yndustry noch altyd net echt trochbrutsen. Yn Jeropa wurdt der minder delsjoen op pornoakteurs, en ferskate aktrises hawwe dan ek nei it beëinigjen fan harren pornokarriêre mei súkses in definitive crossover makke. Sa is it bgl. Katja Kean yn Denemark en Gina Wild yn Dútslân slagge om in postpornografyske karriêre as mainstream-aktrise te begjinnen.