[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Carmen Electra

Ut Wikipedy
Carmen Electra
akteur
Carmen Electra yn 2011
Carmen Electra yn 2011
persoanlike bysûnderheden
echte namme Tara Leigh Patrick
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 april 1972
berteplak Sharonville (Ohio)
etnisiteit Dútsk
Iersk
Ingelsk
Nederlânsk
jierren aktyf 1990 – no
offisjele webside
carmenelectra.com

Carmen Electra (wiere namme: Tara Leigh Patrick; Sharonville (Ohio), 20 april 1972) is in Amerikaansk model, aktrise, sjongster en presintatrise. Se sette har wurkpaad yn 1990 útein as sjongster, nei't se yn Minneapolis yn 'e kunde kommen wie mei Prince, dy't har debútalbum produsearre. Yn 1996 begûn se mei wurk as glamourmodel, wylst se ek ferskate kearen as neakenmodel posearre foar de Playboy. Se groeide út ta sekssymboal, en nei't se ferfearn wie nei Los Angeles, boude se fierders in karriêre as aktrise op. Har wichtichste rollen hie se yn 'e aksjesearje Baywatch, de tekenfilmsearje Tripping the Rift, en films as American Vampire, Starsky & Hutch, Scarie Movie, Date Movie, Epic Movie, Meet the Spartans en Disaster Movie.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carmen Electra waard yn 1972 berne as Tara Leigh Patrick yn Sharonville, yn 'e Amerikaanske steat Ohio, as de dochter fan gitarist en artyst Harry Patrick en dy syn frou Patricia, in sjongster. Hja wie de jongste yn in húshâlding mei seis bern. Se hie fjouwer bruorren en ien suster, en hie in tige nauwe bân mei har mem en har suster Debbie. Electra is fan mingd Dútsk, Iersk, Ingelsk en Nederlânsk etnysk komôf. Se folge leger ûnderwiis oan 'e Ann Weigel Elementary School, en krige as jong famke al dûnslessen.

Doe't se njoggen jier wie, gie Electra nei de School for Creative and Performing Arts (SCPA), in toanielskoalle yn Cincinnati. Se wie dêr in klasgenoate fan 'e lettere akteur en sjonger Nick Lachey, mei wa't se spile yn in opfiering fan it toanielstik Peter Pan. Oan 'e SCPA krige se sjonglessen en fierdere dûnslessen, en as tiner makke se al har eigen goreografy. Yn in ynterview dat Electra yn 1997 oan it tydskrift People joech, fertelde se dat it yn har bernetiid har dream wie om yn Broadway-foarstellings te dûnsjen. Yn 1988 waard se oerpleatst fan 'e SCPA nei de Princeton High School, in middelbere skoalle yn Sharonville, dêr't se yn 1990 foar har eineksamens slagge. Yn dyselde snuorje slagge se ek foar har oplieding oan 'e Barbizon Modeling and Acting School yn Cincinnati.

Carmen Electra yn 2013.

As sjongster en dûnseresse

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Electra sette yn 1990, mei achttjin jier, útein mei har wurkpaad as dûnseresse yn it ferdivedaasjepark Kings Island, yn Mason (Ohio), yn 'e show It's Magic. Yn 1991 ferhuze se nei Minneapolis, yn Minnesota, om tichter by har suster te wenjen. Dêr kaam se yn 'e kunde mei de ferneamde sjonger en lietsjeskriuwer Prince, dy't dejinge wie dy't har artystenamme betocht. Se dûnse by optredens fan him, en yn 1992 tekene Electra in platekontrakt by Paisley Park Records, de platemaatskippij fan Prince, wêrnei't se in eigen karriêre as sjongster begûn.

Se brocht, yn 1993, ien album út, mei as titel Carmen Electra. Nettsjinsteande Prince syn krewearjen foar har súkses waard dat in flop. Dêrnjonken brocht se yn dy jierren ek trije singles út: Go Go Dancer (1992), Everybody Get on Up (1993) en Fantasia Erotica (1993), yn 1998 folge troch Fun. Dêr hie se net folle súkses mei, en pas jierren letter pakte Electra har muzykkarriêre wer op, mei singles as I Like It Loud (2012), Bigger Dick (2013) en Around the World (2014). Ek trede se út en troch op mei The Pussycat Dolls, bgl. yn 2004 foar it tillefyzjeprogramma VH1 Divas.

Carmen Electra yn har rol as Lani McKenzie yn Baywatch.

Yn maaie 1996 ferskynde der in fotoreportaazje fan Carmen Electra as neakenmodel yn it neakenblêd Playboy. Troch hat status as Playboy Playmate krige se mear bekendheid by in breder publyk. Se soe neitiid noch fjouwer kear neaken posearje foar de Playboy: yn juny 1997, desimber 2000, april 2003 en foar de jubileumútjefte fan jannewaris 2009. By de lêste trije edysjes stie se ek op omslach fan it blêd. Fierders wurke se mei oan in Playboy-fideo mei de titel Playboy Cheerleaders. Electra hat troch de jierren hinne ek foar tal fan blêden út 'e hiele wrâld posearre. Hja is bygelyks it âldste model dat ea op 'e omslach fan it manljusblêd FHM stien hat.

Yn 1997 posearre Electra foar de omslaggen fan it stripalbum Razor and the Ladies of London Night, fan útjouwerij London Night Studios. Yn 1999 wurke se mei oan 'e fideoklip fan it nûmer The Inevitable Return of the Great White Dope fan 'e Bloodhound Gang. Fan 2004 oant 2005 wurke se mei oan reklamespotsjes foar hierferveprodukten foar manlju fan it tydskrift Maxim. Electra rjochte yn 2005 de Naked Women's Wrestling League op, in organisaasje op it mêd fan (neaken) showwrakseljen, dêr't se foar fungearre as organisator en promoater.

Yn 2006 wurke se mei oan reklamespotsjes fan 'e fastfoodrestaurantkeatling Taco Bell, en teffens waard se doe oansteld as wurdfierster foar Ritz Camera Centers. Dêrfoar ferskynde se û.m. yn reklamespotsjes en advertinsjes fan dat bedriuw mei algemien direkteur David Ritz. Datselde jiers waard se ek it gesicht fan in reklamekampanje fan it kosmetikamerk Max Factor. Fan 12 maaie 2007 ôf soe Electra yn Las Vegas optrede as de assistinte fan 'e Nederlânske yllúzjonist Hans Klok, yn dy syn show Faster than Magic. Safier kaam it lykwols net mei't Electra ôfsizze moast om't hja har klaustrofoby net baas wurde koe. Pamela Anderson kaam doe yn it plak fan Electra by Klok.[1]

Carmen Electra posearret foar in fan op 'e reade loper by de premiêre fan I Want Candy, yn 2007.

Om te profitearjen fan har nije bekendheid as Playmate ferfear Electra mids 1996 frij hommels nei Los Angeles, dêr't se in nije karriêre as aktrise begûn. Se krige gastroltsjes yn ôfleverings fan tillefyzjesearjes as All That, Just Shoot Me! en Baywatch Nights. Dy lêste rol late ta har opname yn 'e cast fan 'e populêre aksjesearje Baywatch, dêr't Baywatch Nights in spin-off fan wie.

Electra kaam yn Baywatch, in rige oer it wol en wee fan in team strânwachten oan 'e Kalifornyske kust by Malibu, binnen yn it achtste seizoen, en moast de leechte opfolje dy't ûntstien wie trochdat Pamela Anderson oan 'e ein fan seizoen 7 út 'e searje skreaun wie. Electra spile de rol fan Lani McKenzie yn Baywatch mar ien seizoen, hoewol't se ek te sjen wie yn twa tillefyzjefilms dy't op 'e searje basearre wiene: Baywatch: White Thunder at Glacier Bay (1998) en Baywatch: Hawaiian Wedding (2003). Se makke yn har rol fan Lani McKenzie ek in crossover nei de plysjesearje Pacific Blue, wêryn't se yn ien ôflevering in gastoptreden hie.

Fierders hie Electra yn 1998 in weromkearende rol yn 'e searje Hyperion Bay. Se makke har debút as filmaktrise yn 1997 yn 'e horrorkomeedzje American Vampire. Ek wie se yn 'e twadde helte fan 'e 1990-er jierren te sjen yn films as Good Burger (1997), Starstruck (1998), The Chosen One: Legend of the Raven (1998) en The Mating Habits of the Earthbound Human (1999). Yn 2000 spile se de rol fan Drew Decker yn 'e horrorkomeedzje Scary Movie, en yn 'e folgjende jierren wie se te sjen yn Sol Goode, Perfume en Get Over It (alle trije út 2001), Rent Control (2002), Uptown Girls (2003) en My Boss's Daughter (2003). Yn 2004 spile se mei û.o. Ben Stiller en Owen Wilson yn 'e aksjekomeedzje Starsky & Hutch, dy't basearre wie op 'e plysjesearje út 'e 1970-er jierren mei deselde namme. Foar har fertolking fan 'e rol fan Staci, yn dy film, wûn se neitiid in MTV Movie Award yn 'e kategory bêste tút.

Carmen Electra nimt in reklamespotsje op foar de 'Thigh Styler', in fitnessapparaat.

Yn 'e 2000-er jierren hie Electra gastrollen yn 'e detektivesearje Monk, de komeedzjesearjes Hope & Faith en Joey en de mockumentary-plysjesearje Reno 911! Se hie in weromkearende rol yn fiif ôfleverings fan 'e dramasearje Summerland, en wurke as stimaktrise mei oan in ôflevering fan The Simpsons en fan American Dad! Yn 2004 liende Electra har stim oan personaazjes yn 'e fideospultsjes Def Jam: Fight for New York en ESPN NFL 2K5. Yn 'e sikehûssearje House hie se yn 2005 in gastrol yn in ôflevering wêryn't se it ûnderwerp fan dokter House syn seksuële fantasij spile. Datselde jiers wie se ek te sjen yn in gastrol yn Pamela Anderson har komeedzjesearje Stacked, en ferfong se Gina Gershon as de stim fan 'e seksy androïde Six yn 'e tekenfilmsearje Tripping the Rift.

Op it wite doek spile Electra yn 'e 2000-er jierren yn films as Dirty Love (2005), Getting Played (2005), Cheaper by the Dozen 2 (2005), Date Movie (2006), Scary Movie 4 (2006), Epic Movie (2007), I Want Candy (2007), Meet the Spartans (2008), en Disaster Movie (2008). Yn 'e 2010-er jierren hie Electra gastrollen yn tillefyzjesearjes as 90210, Suburgatory, Franklin & Bash en The Birthday Boys. Yn dyselde snuorje spile se yn films as Barry Munday (2010), Mardi Gras: Spring Break (2011) en Lap Dance (2014).

As presintatrise

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Electra wurke yn 1996 foar it earst as presintatrise, doe't se Jenny McCarthy ferfong as gastfrou fan 'e show Singled Out, op 'e tillefyzjestjoerder MTV. Yn 2000 presintearre se The 100 Greatest Artists of Hard Rock, op it Amerikaanske tillefyzjestasjon VH1, en fan 2002 oant 2004 wie se presintatrise fan it tillefyzjeprogramma Livin' Large. Fan 2004 oant 2005 fersoarge se de presintaasje fan 'e talintejacht Manhunt: The Search for America's Most Gorgeous Male Model. Op 'e Britske stjoerder E! UK presintearre se yn 2009 it programma Perfect Catch, en fan 2008 ôf wie se ek presintatrise fan it programma ChartBlast, op MTV Italy.

Carmen Electra yn 2013.

Yn july 2011 wie Electra te gast yn in ôflevering fan 'e talintejacht So You Think You Can Dance, dêr't se de sjuery foarme yn 'e mande mei Nigel Lythgoe, Mary Murphy en Travis Wall. In jier letter wie se in skoftke gastsjuerylid yn 'e Britske talintejacht Britain's Got Talent, dêr't se tydlik Amanda Holden ferfong nei't dy komplikaasjes by de befalling fan har poppe krigen hie.

Carmen Electra prublisearre yn 2007 it boek How to Be Sexy, wêryn't se (froulju) riejout oer hoe't se in seksy imago kreëarje kinne.

Yn augustus 1998 kaam Electra har mem te ferstjerren oan harsenskanker, en twa wiken letter stoar har âldere suster Debbie folslein ûnferwachts oan in hertoanfal. Om dyselde tiid hinne hie Electra in relaasje mei NBA-basketballer Dennis Rodman. Sy en Rodman trouden yn novimber 1998 yn 'e Little Chapel of the Flowers yn Las Vegas. Njoggen dagen letter liet Rodman it houlik lykwols neatich ferklearje, om't er op it tiidstip fan 'e houlikssluting net goed by sûpe en stút west hawwe soe. Ear't de neatichferklearring dertroch komme koe, fermoedsoenen Rodman en Electra harren, mar fjouwer moannen letter, yn april 1999, besleaten se te skieden, hoewol't se as freonen útinoar giene. Fiif jier letter joech Electra yn in fraachpetear mei it tydskrift Glamour ta dat har houlik mei Rodman fuortkommen wie út har besykjen om 'e pine te ferdôvjen dy't se field hie nei it ferstjerren fan har mem en suster.

Carmen Electra yn 2018.

Op 22 novimber 2003 wertroude Electra mei Dave Navarro, in gitarist dy't lid west hie fan sawol de rockband Jane's Addiction as fan 'e Red Hot Chili Peppers. Se leine harren hofmakkerij fêst yn it realitytillefyzjeprogramma Carmen and Dave: An MTV Love Story, en harren houlik yn 'e sândielige realitysearje ’Til Death Do Us Part: Carmen and Dave. Op 17 july 2006 kundigen se lykwols oan dat se útinoar giene, en op 10 augustus fan dat jier frege Electra in skieding oan, dy't op 20 febrewaris 2007 definityf waard. Yn april 2008 befêstige in wurdfierder fan Electra dat se har ferloofd hie mei de hardrockmuzikant Rob Patterson fan 'e bands Otep en Filter. Hoewol't dy ferloving ferskate jierren duorre, folge der gjin trouwerij. Yn 2012 naam Electra as frijfaam diel oan 'e datingshow The Choice.

Goeddiedichheid

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Carmen Electra organisearre yn 2011 in galajûn yn Hollywood om jild yn te sammeljen foar Head to Hollywood, in non-profitorganisaasje dy't oerlibbenen fan harsenskanker helpt, de sykte dêr't Electra har mem oan stoar. Oare goede doelen dêr't se har troch de jierren hinne foar ynset hat, binne Elevate Hope, in organisaasje dy't mishannele en yn 'e steek litten bern helpt, en de HollyRod Foundation, dy't medyske, lichaamlike en emosjonele stipe biedt oan lju dy't oanhelle binne mei libbensferwoastgjende sykten, yn 't bysûnder de sykte fan Parkinson.

Yn 2002 waard in útstoarne soarte mich nei Carmen Electra ferneamd: de Carmenelectra shechisme. As reden foar dat earbetoan joech de oangeande wittenskipper Electra har "treflike lichemsstruktuer" op.

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1996 Erotic Confessions manager gastrol; 1 ôflevering
1996 Baywatch Nights Candy gastrol; 1 ôflevering
1997 All That Sue gastrol; 1 ôflevering
1997 Singled Out harsels as presintatrise
1997 Just Shoot Me! harsels gastrol; 1 ôflevering
1997-1998 Baywatch Lani McKenzie fêste rol; 1 seizoen
1997 Pacific Blue Lani McKenzie gastrol; 1 ôflevering; crossover út Baywatch
1998 Hyperion Bay Sarah Hicks weromkearende rol; 8 ôfleverings
1998 Baywatch: White Thunder at Glacier Bay Lani McKenzie tillefyzjefilm
2000 VH1's 100 Greatest Artists of Hard Rock harsels as presintatrise
2002 Off Centre harsels gastrol; 2 ôfleverings
2002 Carmen and Dave: An MTV Love Story harsels realitytillefyzjeprogramma
2002 The Simpsons harsels as stimaktrise; gastrol; 1 ôflevering
2002 BattleBots harsels as presintatrise
2002 Cleavage harsels tillefyzjefilm
2002 Electra's Guy harsels tillefyzjefilm
2002-2004 Livin' Large harsels as presintatrise
2003 Dance Fever harsels 6 ôfleverings
2003 Baywatch: Hawaiian Wedding Lani McKenzie tillefyzjefilm
2004 ’Til Death Do Us Part: Carmen and Dave harsels realitytillefyzjesearje; 7 ôfleverings
2004 Monk Chloe Blackburn gastrol; 1 ôflevering
2004-2005 Manhunt: The Search for America's Most Gorgeous Male Model harsels as presintatrise; realitytillefyzjeprogramma
2004-2005 Tripping the Rift Six as stimaktrise; fêste rol; 13 ôfleverings
2005 Summerland Mona weromkearende rol; 5 ôfleverings
2005 Hope & Faith Carmen gastrol; 1 ôflevering
2005 American Dad! Lisa Silver as stimaktrise; gastrol; 1 ôflevering
2005 House harsels gastrol; 1 ôflevering
2005 Stacked Nikki gastrol; 1 ôflevering
2005-2006 Joey harsels gastrol; 2 ôfleverings
2006 Lolo's Cafe Desiree as stimaktrise; tillefyzjefilm
2007 Full Frontal Fashion harsels as gastpresintatrise
2008-no ChartBlast harsels as presintatrise; op MTV Italy
2009 Perfect Catch harsels as presintatrise; op E! UK
2009 Reno 911! Miss Uecker gastrol; 1 ôflevering
2011 So You Think You Can Dance harsels as gastsjuerylid; talintejacht
2012 90210 Vesta gastrol; 2 ôfleverings
2012 The Choice harsels as dielnimster oan in datingshow
2013 Suburgatory harsels gastrol; 1 ôflevering
2013 Fra Sydhavn til West Coast harsels gastrol; 1 ôflevering
2014 Franklin & Bash Bridget Barnes gastrol; 1 ôflevering
2014 The Birthday Boys Myrtle gastrol; 1 ôflevering
2016 Jane the Virgin harsels gastrol; 1 ôflevering
films
1997 American Vampire Sulka
1997 Good Burger Roxanne
1998 Starstruck Iona Shirley
1998 The Chosen One: Legend of the Raven McKenna Ray / The Raven
1999 The Mating Habits of the Earthbound Human Jenny Smith
1999 Christmas Vacation 2000 Esmerelda
2000 Scary Movie Drew Decker
2001 Sol Goode Treasure
2001 Perfume Simone
2001 Get Over It Mistress Moira
2002 Rent Control Audrey
2002 Whacked! Laura
2003 Uptown Girls Celebrity
2003 My Boss's Daughter Tina
2004 Starsky & Hutch Staci
2004 Mr. 3000 harsels
2004 Max Havoc: Curse of the Dragon Debbie
2004 Monster Island harsels
2005 Dirty Love Michelle Lopez
2005 Lil' Pimp Honeysack as stimaktrise
2005 Getting Played Lauren
2005 Cheaper by the Dozen 2 Serena Murtaugh
2005 Searching for Bobby D Rebecca
2006 Date Movie Anne
2006 Scary Movie 4 Holly
2006 Hot Tamale Riley
2006 National Lampoon's Pledge This! harsels
2007 Epic Movie Mystique
2007 I Want Candy Candy Fiveways
2007 Full of It harsels
2008 Christmas in Wonderland Ginger Peachum
2008 Meet the Spartans Gorgo
2008 Hollywood Residential harsels
2008 Disaster Movie Beautiful Assassin
2009 Leisure Suit Larry: Box Office Bust Ginger Vitus as stimaktrise
2009 Oy Vey! My Son Is Gay!! Sybil Williams
2010 Barry Munday Iconic Beauty
2011 Mardi Gras: Spring Break harsels
2012 2-Headed Shark Attack Anne Babish
2012 The Axe Boat Veronica koarte film
2014 Lap Dance Lexus
2015 Chocolate City Club DJ
2015 Book of Fire Theodora
  • 1993 – Carmen Electra
  • 1992 – Go Go Dancer
  • 1993 – Everybody Get on Up
  • 1993 – Fantasia Erotica
  • 1998 – Fun
  • 2012 – I Like It Loud
  • 2013 – Bigger Dick (mei Mams Taylor)
  • 2014 – WERQ
  • 2014 – Around the World

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Perssupport.nl Parseberjocht show yn Las Vegas.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.