[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

30 febrewaris

Ut Wikipedy
<< Febrewaris >>
mo ti wo to fr so si
01 02 03 04
05 06 07 08 09 10 11
12 13 14 15 16 17 18
19 20 21 22 23 24 25
26 27 28 29  
2024

30 febrewaris hat it faaks yn trije gefallen west:

Yn Sweden hie men op it ein fan de 17e iuw betocht dat men fan de Juliaanske kalinder op de Gregoriaanske kalinder oergean koe sûnder in sprong fan 11 dagen te meitsjen. Dat soe barre troch mei yngong fan 1700 gjin skrikkeldei mear te nimmen oant Sweden lyk wie mei de nije kalinder.

Mar nei't de Sweden yn 1700 de earste skrikkeldei weilitten hienen (dat wol sizze: neffens de Juliaanse kalinder), fûn men út dat it gjin dwaan wie en haw 40 jier in oare kalinder as alle oare lannen. Yn 1704 en 1708 hat men al in skrikkeldei hâlden, en yn 1712 is de Sweedske kalinder wer lyk brocht troch in twadde skrikkeldei: 30 febrewaris.

Yn de Sowjetuny hie men 1 oktober 1929 in revolúsjonêre kalinder ynfierd, mei alle moannen 30 dagen, dy't brûkt west hat oant 1 desimber 1931. Sa hie men dêr 30 febrewaris 1930 en 30 febrewaris 1931.

Men is der net wis fan hoe't de kalinder dy't Julius Caesar ynsteld hie yn it begjin opboud wie, mar it kin goed sa west hawwe dat febrewaris yn it earst 29 dagen hie.

Doe't Augustus Octavianus, mei yngong fan it jier 8, augustus in dei langer makke; is dy dei dan by febrewaris weihelle. Mar yn dy tuskentiid moat eltse skrikkelmoanne sa ien dei mear as njoggenentweintich hân hawwe: Febrewaris mei tritich dagen.

Om't it yn it begjin noch wat skeef gong mei dy skrikkeldagen hat der dan nei alle gedachten yn 43 f.Kr., 40 f.Kr., 37 f.Kr., 34 f.Kr., 31 f.Kr., 28 f.Kr., 25 f.Kr., 22 f.Kr., 19 f.Kr., 16 f.Kr., 13 f.Kr. en 4 n.Kr. in datum 30 febrewaris west.