[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/Springe nei ynhâld

Noardfrysk

Ut Wikibooks

It Noardfrysk (Nordfrasch) is in taal yn it Deensk-Dútske grinsgebiet. Hûndert jier ferlyn waard sein dat it Noardfrysk súdlik fan de Deenske grins gau útstjerre soe. De taal hat no noch sawat 10.000 sprekkers en besiket stadich by de wâl op te klatterjen.

It Noardfrysk wurdt opmakke út net minder as tsien sterk faninoar ferskillende dialekten, elk mei syn eigen stavering, grammatika en wurdskat. Ien fan dy dialekten, it Suder-Goeshiirder, is lykwols yn 1981 útstoarn, wylst teminsten trije oaren, it Middel-Goeshiirder, it Noard-Goeshiirder en it Karhiirder, op it rântsje fan it útstjerren balansearje.

De Noardfryske dialekten wurde ornaris opdield yn twa groepen, de fêstelândialekten en de eilândialekten. Dy groepen binne mar foar in part ûnderling fersteanber, eat dat nei alle gedachten weromfierd wurde kin op 'e ferskillende kolonisaasjeperioaden fan 'e eilannen en it fêstelân, dy't trijehûndert jier útinoar leinen. Mar ek yn 'e beide groepen besteane tusken de dialekten grutte ferskillen; fral yn 'e eilângroep is dat it gefal. Foar dit stúdzjeboek is keazen foar it Noardfryske Mooringer dialekt. It Mooringer fêstelândialekt wurdt troch it grutste part fan'e Noardfriezen sprutsen.

Sjoch de ynhâld.

Sjoch ek