Ympresjonisme
Ympresjonisme (fan it Latynske impressio, 'yndruk') is in styl yn de keunstskiednis dy't yn de twadde helte fan de 19e iuw yn Frankryk ûntstie. Ynearsten wie it in revolte foaroer it destiids algemiene, offisjeel erkende akademyske klassisisme, mar ek in folslein nije styltechnyske konsepsje. De streaming wurke ek troch yn de klassike muzyk, film, fotografy en yn de literatuer.
Skiednis
bewurkje seksjeDe beweging krige syn namme yn 1874 troch in tafallich krante-artikel. De revoltearjende beweging wie doe lykwols al in 10-tal jierren âld en Edouard Manet hie doe al in kearmannich de offisjele salonsjueries tsjin de hierren yn strutsen. Syn "Absintdrinker" waard al yn 1859 wegere, wylst syn "Olympia" en "Déjeuner sur l'herbe" sokke grutte skandalen feroarsake hiene, dat se oanlieding wiene foar it earste Salon des Refusés yn 1863.
Earder al, yn 1855 waard de "Begraffenis yn Ornans" fan Gustave Courbet wegere en hie men yn 1850 de Barbizon-skilders al útmakke foar "ûnfersniene demokraten".
Pas 11 jier nei de earste "Salon des Refusés" soe it ympresjonisme, as beweging, yn byld komme en dan út in net ferwachte hoeke. Under lieding fan Edgar Degas en Pierre-Auguste Renoir hiene 31 jonge Frânske skilders 165 wurken byinoar brocht yn it atelier fan de fotograaf Nadar oan de Boulevard des Capucines 35 yn Parys. Se wiene feriene yn de "Societé anonyme coopérative d'artistes peintres, sculpteurs, graveurs, à capital et personnel variables". Se iepenen harren eksposysje op 15 april 1874, krekt in moanne foar de iepening fan de offisjele "Salon". Neist de neamde inisjatyfnimmers wie dêr ek wurk te sjen fan bygelyks Paul Cézanne, Claude Monet, Berthe Morisot, Alfred Sisley, Camille Pissarro, Eugène Boudin, Adolphe Félix Cals, Félix Bracquemond, Stanislas Lépine en Henri Rouart.
De eksposysje wie goed foar in skandaal sawol fanwege de ûnferwacht banale ûnderwerpen as fanwege de destiids ûngewoane en net akseptearre styltechniken. Yn it Paryske blêd "Charivari" fan 25 april 1984 woe kritikus Louis Leroy it doek fan Claude Monet "Impression du soleil levant" ridukulisearje en neamde hy de eksposanten "Les impressionistes". De beweging hie syn úteinlike namme krigen en soe oant 1886 mei 10 eksposysjes yn in tiidrek fan 12 jier noch gâns stof opwaaie litte en hast einleaze diskusjes opleverje.
Kenmerken
bewurkje seksjeWat ynhâld en technyk oanbelanget wie it ympresjonisme dus in reaksje op de doe hearskjende konservative klassisistyske opfettings fan de salonsjueries. It doel fan de jonge skilders wie om direkt it byld fan de werklikheid te projektearjen. Dat joech gjin romte foar krekt tekene bylden fan dy werklikheid. By de kar fan ûnderwerpen rjochten se harren benammen op saken út it deistich libben, fier fan allegoryen of nasjonalistysk triomfalisme. Benammen de kleuryndieling, it mingen dêrfan, wurdt folslein oars oanpakt. De elemintêre kleuren wurde yn losse toetsen njonken elkoar op it doek oanbrocht, sadat se op ôfstân de winske kleurefariaasjes foarmje en sa subtile nuansearringen mooglik meitsje. De stoflike krektens fan de foarmen yn de natoer wie minder wichtich as de kleurrike oplossing dy't sinne, ljocht en loft as yndruk werjouwe.
Dy kenmerken binne lykwols net allinnich as redaksjonele reden ta stân kaam. De technologyske ûntwikkelingen yn de 19e iuw hawwe ek in rol deryn spile. De opkomst fan de fotografy bedrige it fuortbestean fan keunstner, mar joech ek nei ympuls oan de byldzjende keunst. De ympresjonisten makken gebrûk fan de mooglikheden dy't it nije medium harren bean. De flechtige werjefte fan objekten en minsken op sommige skilderijen binne fergelykber mei dy fan in fototoestel. Der binne ek dúdlike parallellen te trekken tusken foto's út dy tiid en it wurk fan Monet: beide fertoane deselde skimmige minskefigueren yn beweging. Ek de kadrearing feroare. Ofsnijing, of sels folslein lege plakken yn in komposysje (bygelyks by Degas), binne likegoed te werom te lieden nei de kennis fan de fotografy.
De ympresjonisten neamden harsels 'Ylluministen' en hawwe de skelnamme ympresjonisten letter as geuzenamme oannommen. Lang foardat dat spile wiene dizze skilders al bûten dwaande it krekte ljocht fan it momint te fangen yn harren wurk (fan 1863 ôf). Hoe binne se ûntstien? Nei alle gedachten troch de útfining fan de tube troch Geoffrey Rand yn 1836. Al yn 1838 wiene der trije Ingelske firma's dy de ferve yn tuben op 'e merk brochten, en dêrmei de skilders de gelegenheid joegen bûten te wurkjen. Foar dy tiid waard de ferve meastentiids yn bargebongels meinommen, mar dy lieten soerstof troch sadat de ferve útdrûge.
Ympresjonalistyske skilders
bewurkje seksjeSkilders dy't oer it algemien (alhiel of foar in part) ta de streaming fan it (neo/let-)ympresjonisme rekkene wurde:
- Claude Monet
- Edouard Manet
- Eugène Boudin
- Camille Pissarro
- Edgar Degas
- Pierre-Auguste Renoir
- Alfred Sisley
- Berthe Morisot
- Mary Cassatt
- Frédéric Bazille
- Paul Gauguin
- Vincent van Gogh
- Georges Seurat
- Paul Signac
- Pierre Bonnard
- James Abbot McNeill Whistler
- Winslow Homer
- Paul Cézanne
- Armand Guillaumin
- Max Liebermann
- Maurice Prendergast
- John Constable
- William Turner