Wikel (plak)
Wikel is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, súdlik fan de Sleattemer Mar tusken Balk en Sleat. Yn de himrik fan it doarp lizze de buorskippen De Bargebek en Iwert.
Wikel (plak) | ||
Komboerd fan Wikel | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 650 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 11,71 km² (9,37 km² lân, 2,34 km² wetter) | |
Befolkingsticht. | 55 ynw. /km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | N359 | |
Postkoade | 8563 | |
Netnûmer | 0514 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 53' NB, 5° 37' EL | |
Offisjele webside | ||
https://www.wikel.nl/ | ||
Kaart | ||
Kaart | ||
Himrik fan Wikel (grien) yn de eardere gemeente Gaasterlân-Sleat |
Wikel hat 650 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1132 wurdt it doarp foar it earst neamd as Wicle, Wycle of Wile. Dy boarne is yn in kopij út 1245 oerlevere. Yn 1422 komme Wickell en Wycla foar. Yn 1664 komt Wyckel op 'e kaart foar en yn 1700 Wykel. It twadde part fan de namme wurdt yn ferbân brocht mei *lo/*la (iepen plak yn 'e bosk) en it earste in persoanenamme Wike.[2]
It gebiet súdeastlik fan de De Luts yn Balk en westlik fan De Ie yn Sleat hearde oarspronklik ta de himrik fan Wikel.
Tsjerke
bewurkje seksjeYn de buorren stiet de Fêste Boarchtsjerke, de herfoarme tsjerke út de 14e iuw. Doe wie it in krústsjerke, no in sealtsjerke dy't wijd wie oan Sint-Gregoarius. De liedklok is fan 1388. Yn de tsjerke leit it prielgrêf fan baron Menno van Coehoorn (1641-1702) de ferneamde festingbouwer. It leit tusken de grêfstiennen fan syn soannen Hindrik Casimir († 1756) en Gozewijn Theodoor († 1736). En stiennen foar in skoansoan fan Gozewijn Theodoor fan Coehoorn, Frederik Willem fan Limburg Stirum († 1747) en Menno syn dochter Geertruyd Alegonde († 1737). Oan de râne fan Wikel leit it oan de Menno van Coehoornbosk. Yn dy bosk, ek wol de "Du Toursbosk" neamd, stie fan likernôch 1680 oant 1811 it slot Meerenstein fan de baron Van Coehoorn. Dêr steane ek in soad stinzeplanten. De bosk wurdt beheard troch It Fryske Gea.
Mienskip
bewurkje seksjeYn Doarpshûs Irene hat de feriening foar Doarpsbelang syn gearkomsten. Om 'e twa jier wurdt it Wikelerfeest organisearre. Op it iepen plak yn de bosk leit no de iisbaan.
Tsjerke
bewurkje seksjeFerienings
bewurkje seksje- "De Kromme Keu" - biljerten
- "Fanfare Melodia Wijckel" - muzyk
- "Oan Set" - damjen en skaken
- DTG - kuorbal
- "De Bargebeck" - toanielferiening
- Sleat - tennisferiening
- De Laatste Eer - útfeartferiening Wikel
- Van Coehoorn - iisklub
Befolkingsferrin
bewurkje seksje1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2008 | 2012 | 2023 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
890 | 862 | 836 | 757 | 706 | 707 | 681 | 650 |
Berne yn Wikel
bewurkje seksje- Edzard van der Laan, dokter en fersetsstrider
- Pieter Leffertstra, politikus
- Marike van Dijk, muzikante
- Marrit Leenstra, reedrydster
Ferneamde (âld-)ynwenner
bewurkje seksjeFerskaat
bewurkje seksje- Yn 2005 ferskynde der in boek oer de skiednis fan Wikel.
- Yn it tichteby lizzende natoergebiet de Sânpoel stiet ek in tsjasker.
Strjitten
bewurkje seksje- Bargebekwei: yn 'e folksmûle komt de namme De Bargebek oan in stik lân dy't op 'e kaart in foarm fan in bargesnút hat. Sûnt 1846 stie der op de trijesprong it hearehûs Jachtlust.
- Bonnebrekkenwei: neamd nei de yn 'e omkriten lizzende natoergebiet de Bonnebrekken.
- De Iedyk: fan Teakesyl nei Sleat rint it farwetter De Ie en is dus de dyk by De Ie del.
- De Vinkebuorren:neamd nei de persoan Vinke dy't dêr wenne.
- Dokter Hattinkstrjitte: nei twa geslachten Hattink dy't as húsdokter yn Wikel wurksum wiene. Hendrikus Hattink (1865-1942) wie húsdokter fan 1890 oant 1930 en syn soan Jan Hendrik Hattink (1900-1964) wie dat fan 1930 tot 1964.
- Du Toursstraat: nei de âlde namme fan de Van Coehoornbosk.
- Festing: nei in festing, mooglik om't Menno Fan Coehoorn in festingbouwer wie.
- Gaestfjûrwei: nei de pleats “It Gaestfjûr”. Dy pleats hat yn 'e Twadde Wrâldkriich in grutte rol spile by wapendroppings. De pleats waard yn 1945 yn brân stusten en yn 1954 weropboud.
- Heerenhoogweg: Heerenhoogh is op al op âlde kaarten te finen.
- Iwert: op âlde kaarten is de namme Ybert (Ieburd) te finen. Burd betsjut ouwer. De Ybert wie de namme fan de ouwer fan De Ie. Yn 'e folksmûle waard de namme Ybert omfoarme ta Iwert.
- Jachthavendyk: de dyk nei de jachthaven.
- Jachtlustweg: nei it hearehûs Jachtlust yn 'e buorskip De Bargebek.
- Jeen Hornstraweg: nei Jeen Hornstra (1900-1945) dy't op in pleats oan dy dyk wenne. Yn 'e kriich waard er troch de Dútsers arrestearre om't se fermoeden dat er wapens ferburgen hie. Op 17 maart 18945 waard er yn Dunegea fusillearre.
- Lunenburgpaed: Pieter Lunenburg wie de grutte foarfjochter en stifter fan de Grifformearde Tsjerke Wikel.
- Lynbaan: nei in eardere touslachterij en lynbaan.
- Lytse Jerden: nei de streek Lytse Jerden
- Meerenstein: nei it bûtenferbliuw fan de famylje fan Menno fan Coehoorn.
- Menno van Coehoornweg: nei Menno, baron fan Coehoorn (1641-1704).
- Munnikeleane: de leane is part fan de rûte dêr't eartiids muontsen fan Starum nei it kleaster fan Aduard rûnen.
- Sânmar: op âlde kaarten komt de namme Zandmeer foar.
- Suderséwei: nei de eardere Sudersee.
- Vogelzangwei: nei de gegoede famylje Vogelzang
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Wijckel fan Wikimedia Commons. |