[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek

Twadde Steedhâlderleaze Tiidrek is de beneaming foar de twadde perioade dat yn de goaen Hollân, Seelân, Utert, Gelderlân en Oerisel gjin steedhâlder beneamd waard.

De perioade duuorren fan 1702 oant 1747, as gefolch fan it ferstjerren fan kening-steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau yn 1702. Meidat de Steaten fan Hollân en Seelân it steedhâlderskip erflik ferklearre hienen foar de neisieten fan Willem III, en dy sûnder bern út de tiid rekke, waard ôfsjoen fan it beneamen fan on opfolger.

It steedhâlderleaze tiidrek gou lykwols net foar de goaen Fryslân en Grinslân. Nei de dea fan steedhâlder Johan Willem Friso yn 1711, waard syn soan Willem IV fan Oranje-Nassau, ûnder fâdij fan syn mem Maria Louise fan Hessen-Kassel, ta steedhâlder beneamd. Yn 1747 kaam der in ein oan it steedhâlderleaze tiidrek mei de beneaming fan Willem IV as steedhâlder en kaptein-generaal fan alle goaen en ferheffing ta erfsteedhâder.