[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Adolesinsje

(Trochferwiisd fan Teenager)

Adolesinsje (ek adolessinsje)[1] is de oergong yn de ûntwikkeling tusken de bernetiid en folwoeksenens, dat in perioade represintearret wêryn't in persoan biologysk, mar net noch net emosjoneel folgroeid is. Immen dy't adolesinsje trochmeitsje, is in adolesint of yn 'e folksmûle in teener of teenager.

Adolesinten harkjend nei popmuzyk.

De leeftiden dy't beskôge wurde as ûnderdiel fan de adolesinsje ferskille per kultuer. Yn de Feriene Steaten wurdt adolesinsje beskôge as begjnnend om 13 jier hinne en duorjend oant sawat 24 jier. Mar de Wrâldsûnensorganisaasje definearret adolesinsje as in perioade tusken de 10 en 20 jier. De Dikke Van Dale neamt de periode fan 16 oant 20 jier en makket dêrby ûnderskie mei pubers, dy't de leeftydskategory fan 12 oant 16 jier beslaan soene. De term adolesint hat net de sterke betsjutting fan "dwerslizzer" dy't it wurd puber hat.

Adolesinsje is in kultureel en sosjaal fenomeen en dêrom binne grinzen net maklik te binen oan fysike mylpeallen. It wurdt komt fan it Latynske tiidwurd adolescere dat "opgroeie" betsjut. De perioade kin werkend wurde oan drastyske feroarings yn it lichem, kombinearre mei ûntwikkelingen yn de psychology en akademyske karriêre fan in persoan. By it begjin fan de adolesinsje komme bern faak fan de basisskoalle en begjinne oan de middelbere skoalle.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Taalweb Frysk

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.