[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/
Skiednis fan de
boekdrukkeunst
Blokdruk 200 f.Kr.
Losse letters 1040
Drukparse 1453
Ets ± 1515
Mezzotint 1642
Akwatint 1772
Litografy 1796
Gromolitografy 1837
Rotaasjeparse 1843
Stinsel 1869
Leadsetten 1884
Mimeograaf 1886
Kopiearapparaat 1907
Seefdruk 1910
Matrizedruk 1923
Kserografy 1938
Fotosetwurk 1949
Inket(snjit)printer 1951
Kleurstofsublimaasjedruk 1957
Matriks(nulle)printer 1968
Laser(ljocht)printer 1969
Termoprinter ± 1972
3D-printer 1984
Digitale printer 1993

Seefdruk is in druktechnyk dy’t brûkt wurdt foar meardere grafyske doeleinen, lykas tekstylbeprinting, affysjes en keunstdrukken. Ek wurdt dy technyk yndustriëel tapast foar de produksje fan bygeyks printplaten en sinnesellen. In print yn dizze grafyske technyk wurdt ek ‘seefdruk’ neamd.

In lytse seefdruk meitsje mei de hân
T-shirts bedrukke oan in seefdruktafel
In Rondomat seefdrukmasine

It prinsipe fan de seefdruktechnyk is trochdruk. In stik fyn gaas fan side, polyester of stiel wurdt oer in raamwurk spand. It seefdrukraam wurdt dêrnei (meastal) foarsjoen fan in ljochtgefoelige laach dy’t mei in posysjefilm beljochte wurdt. De op it posityf oanwêzige donkere flakken wurde by it ûntwikkeljen fuortwosken sadat trochlittende plakken op it seefdrukraam ûntsteane, dêr’t de inket trochhinne drukt wurdt.

Jo bringe de inket op it raam oan en smarre dy mei help fan in reakel út, wêrtroch de foarm fan de sjabloan op it te beprintsjen foarwerp (de bylddrager) ôfdrukt wurdt. Dy technyk kin werhelle wurde mei ferskate kleuren en foarmen dy’t njonken elkoar of oer elkoar drukt wurde. It prinsipe is frij ienfâldich mar trochdat seefdruk ynsetber is op alle mêden dêr’t wat te bedrukken is wurdt it yngewikkelder. Elts materiaal hat ferskate eigenskippen en foar ferskillende materialen hawwe jo ferskillende soarten inket nedich. Nylon is bygelyks net mei papierinket te beprintsjen mar oarsom kin wol.

Seefdrukinket dekt goed; dat jout dat ek drukt wurde kin op donkere bylddragers. Dat yn tsjinstelling ta flakdruk, heechdruk en djipdruk dêr’t altyd transparante inkten brûkt wurde.

Ek is der wat sibskip mei de klassike stinseltechnyk, dêr’t de inket ek troch lytse gatsjes yn de drukfoarm (it stinsel) hinne op it papier parse wurdt.

De seefdruktechnyk komt út Japan, dêr’t de sjabloandruk ferfine waard troch, yn stee fan brede ferbinings fan it sjabloanmateriaal bestean te litten, hier of side te brûken. Dêrtroch koene folle finere ûntwerpen drukt wurde sûnder plakken dy’t opfolle wurde moasten.

De Japanners Yuzensai Miyasaki (1654-1736) en Zisukeo Hirose (1822-1890) wurde wol beskôge as de útfiners fan de Yuzendruk en Katagamysjabloanen. Dy saneamde hiersjabloanen waarden benammen tapast yn de tekstylyndustry. It is ûntstien trochdat de Japanske keizer borduerde klean allinnich oan heger pleatsten tastie. Gewoane lju mochten allinnich ienfâldige klaaiïng drage. Yuzensai hat dêr mei de seefdruktechnyk in ein oan makke.

It earste patint op de seefdruktechnyk waard op 11 july 1907 ferliend oan Samuel Simon út Manchester (Feriene Keninkryk).

Mei de goede drukinket of pasta is mei de seefdruktechnyk (Ingelsk: silkscreening of screenprinting) sawat alle materiaal te bedrukken, bygelyks ek rûne glêzen flessen. Tsjintwurdich wurdt de technyk op grutte skaal yndustriëel ynset en ek út de keunstwrâld is seefdruk net mear fuort te tinken.

It bekendste foarbyld fan in byldzjend keunstner dy’t de seefdruktechnyk foar syn wurk brûkte is sûnder mis Andy Warhol, dy’t foar syn portretten fan bekende persoanen en foar syn romrofte sopblikken en brilledoazen de seefdruktechnyk brûkte op linnen, papier en hout. De technyk hat de mooglikheid foar massaproduksje yn him, wat foar popartkeunstners as Warhol om konseptuele en kommersjele redenen in tige ynteressant gegeven is.

Technyske tapassings

bewurkje seksje

Flakdruk (offsetdruk), heechdruk en djipdruk stelle spesjale easken oan de fisyske eigenskippen fan de te brûken inket. Sa moat de inket better hechtsje oan it te bedrukken materiaal as oan de drukfoarm, om’t er oars net of net genôch oerdroegen wurdt. By seefdruk is dat probleem der net; de inket wurdt troch it seefroaster hinne op it materiaal drukt. Dêrtroch is seefdrukt geskikt om oars min bedrukbere materialen te bedrukken, lykas bepaalde keunststoffen. Dêrom wurdt de technyk in soad brûkt foar it meitsjen fan sinnesellen en printplaten, wêrby’t se yn stee fan kleure inkten oare emulsjes brûke lykas bygelyks soldearpasta.

  • Brad Faine: DuMonts Handbuch Siebdruck, Geschichte-Technik-Praxis, DuMont, Köln 1991 ISBN 377012653X
  • Jan van Duppen: Handbuch für den Siebdruck, Dräger Druck, Lübeck 1990 ISBN 3925402209
bewurkje seksje