Rik Witteveen
Rik Witteveen (Ljouwert, 6 septimber 1990) is in Nederlânsk akteur út Amsterdam.
Yn syn hafû-tiid oan de CSG Comenius yn Ljouwert folge Witteveen al aktearlessen. Tusken 2004 en 2005 folge hy workshops by it Parmas Sintrum foar de Keunsten. Sûnt 2005 folge hy trije jier de Jeugdteaterskoalle yn Ljouwert. Nei in tiid yn de Feriene Steaten begûn er yn 2009 oan de oplieding "Media, Ynformaasje en Kommunikaasje" oan de Hegeskoalle fan Amsterdam.
Nei in gastrol yn de jeugdrige Het Huis Anubis en de Vijf van het Magische Zwaard waard er keazen foar de rol fan Sil Selmhorst yn Goede tijden, slechte tijden (GTST). Fan septimber 2010 oant jannewaris 2011 hie hy in fêste rol yn de rige. Mids april 2011 spilet hy nochris de rol fan Sil Selmhorst yn in pear ôfleveringen yn GTST.
Hy spile ek in roltsje yn de rige Raveleijn, basearre op de parkshow fan de Efteling.
Yn april 2011 waard er oannomd op de toanielskoalle yn Amsterdam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |