[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Pien Breeuwsma (Aldeboarn, 8 juny 1990), artystenamme PYN, is in sjongeres, artyste, deejay en komponiste. Neist sjongen spilet se gitaar en treedt se op as live-discjockey.[1]

Pien Breeuwsma
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 juny 1990
berteplak Aldeboarn
wurkpaad
sjongtaal Ingelsk /Frysk
ynstrumint Gitaar
jierren aktyf sûnt 2010

Op har tsiende begûn se mei gitaarles en skreau op har sechtjinde har earste lietsjes. Se hie graach nei it konservatoarium wold, mar de Popakademy yn Ljouwert wie net krekt wat se woe. Hja waard lykwols twa kear ôfwiisd foar it konservatoarium yn Amsterdam. Se die in jier Pabo en folge in skoftke de sekretaresseoplieding fan Schoevers. Dêrnei die se de foaroplieding fan it konservatoarium en wurke in skoftke op in administraasjekantoar yn Fryslân.[2] Op har ienentweintichste ferhuze se nei Haarlim en gie dêr nei it konservatoarium en folge de ôfstudearrjochting Pop.[3] Nei de stúdzje bleau se yn Haarlim wenjen.

Yn 2011 stie se mei har sânkoppige band Blue June yn de finale fan de Lytse Priis fan Fryslân. Yn septimber 2012 stie se mei har band foar de earste kear op it Freeze Festival yn de Ljouwerter Harmonie.
Yn 2014 ferskynde fan Blue June de titelleaze debút EP. De namme Blue ferwiist foar har nei it foar har wat ûngrypber muzikaal gefoel; it hat foar har wat tsjusters en dreamerichs. It twadde diel fan de namme June – har jierdei is yn juny – foarmet dêrmei in kontrast: ljocht en waarm.”Yn 2016 gie se solo fierder ûnder de namme PYN en makke se Indie popmuzyk. Mei Piter Wilkens skreau se foar it jubileumkonsert yn 2017 fan Friesland Pop.[4] Doe’t har broer Daan Breeuwsma as shorttracker meidie oan de Olympyske Spullen die Pyn dêr muzikale optredens. [5] Yn 2019 stie se yn it foarprogramma fan Kim Wilde by dy har tour troch Nederlân en Belgje.

PYN skriuwt har nûmers faak sels, mar docht soks ek wol mei oaren, soks ferskilt per song en perioade.
Yn in gearwurking mei jubilearjende fanfarekorps Greidebrass út Spannum makke se yn 2018 it nûmer Heitelân dat yn 2019 binnenkaam op it tolfte plak fan de Fryske Top 100. It nûmer giet oer mei beide fuotten op de grûn stean, it werom gean nei de eigen Fryske roots. It nûmer waard op 6 april 2019 presintearre op it Spring! Yn'e Greide teäterkonsert fan Greidebrass.[6] Ornaris sjongt hja yn it Ingelsk, mar foar de gearwurking mei Greidebrass song se yn it Frysk.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Omrop Fryslân, 12 desimber 2019
  2. haerlemsbodem.nl
  3. Inholland.nl
  4. De Moanne, juny 2014
  5. Ljouwerter Krante, 6 febrewaris 2018
  6. Webside Greidebrass