Offisjele taal
In offisjele taal is in taal dy't in spesjale wetlike status krigen hat yn in beskaat lân of in beskate provinsje of oare ûnderferdieling fan in lân. De offisjele taal fan in lân is ornaris de taal dy't brûkt wurdt foar it bestjoer (d.w.s. it regear, it parlemint en de rjochterlike macht). De fêststelling fan in beskate taal as de offisjele taal fan in lân hat yn 'e regel gjin ynfloed op it deistich hâlden en dragen fan 'e befolking fan dat lân. Dêrom kin mei de term 'offisjele taal' inkeld ferwiisd wurde nei in bestjoerstaal, en nea nei in sprektaal, hoewol't dy beide gauris ien en deselde taal wêze sille, mei't de offisjele taal yn 'e praktyk faak de taal is dy't troch de mearderheid fan 'e befolking as memmetaal sprutsen wurdt.
Guon lannen hawwe gjin inkele taal by wet fêstlein as de offisjele taal, mar ûntjouwe dan in nasjonale taal, lykas yn 'e Feriene Steaten, dêr't it Ingelsk de facto in offisjele status hat. Fierders kin it ek sa wêze dat der mear as ien taal oantsjut is as de offisjele taal; soks is bygelyks it gefal yn Belgje, dêr't it Nederlânsk, Frânsk en Dútsk alletrije in gelikense offisjele status hawwe. Wrâldwiid hawwe 178 lannen teminsten ien offisjele taal, wylst 101 fan dy lannen mear as ien offisjele taal hawwe. Yn 'e regel is de offisjele status fan ien of mear talen yn 'e grûnwet fan in lân fêstlein. It tal talen dat earne in offisjele status hat foarmet mar in minym persintaazje fan it totaal oantal fan mear as 6.000 talen fan 'e wrâld.
In offisjele taal dy't lânseigen is yn it oangeande gebiet, wurdt endoglossysk neamd; in offisjele taal dy't der net lânseigen is, wurdt eksoglossysk neamd. Fral yn lannen dy't foarhinne koloanjes wiene en dêr't in grut tal ûnderskate lânseigen talen sprutsen wurde, is der faak foar keazen om 'e eksoglossyske koloniale bestjoerstaal as offisjele taal oan te hâlden. Soks is bygelyks it gefal yn Gana, Namybje en Nigearia, dêr't it Ingelsk de offisjele taal is, yn Kameroen, Senegal en Tsjaad, dêr't it Frânsk de offisjele taal is, en yn Angoala, Mozambyk en East-Timor, dêr't it Portegeesk de offisjele taal is. Itselde jildt foar de Suriname, dêr't it Nederlânsk de offisjele taal is, hoewol't dat dêr mar troch in hiel lyts part fan 'e befolking as memmetaal sprutsen wurdt.
De meast foarkommende offisjele taal is it Ingelsk, dat yn 51 lannen offisjeel is. Oare talen dy't yn in protte lannen in offisjele status hawwe, binne it Arabysk, it Frânsk, it Spaansk en it Portegeesk. It Nederlânsk is de of in offisjele taal yn 'e ûnôfhinklike lannen Nederlân, Belgje en Suriname, en yn 'e ôfhinklike territoaria Arûba, Kurasau, Sint-Marten en Karibysk Nederlân. Yn 'e provinsje Fryslân hawwe it Frysk en it Nederlânsk in gelikense offisjele status.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side. |