[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

De karmeliten is in kleasteroarder dy't ûntstien is op de Karmel yn Palestina as feriening fan klûzeners. Yn Europa wie it in beskôgjende en aktive biddeloarder út 1247. Se stienen ek bekend as de Oarder-sûnder-skuon. Yn de folksmûle waarden de bewenners dêrom ek wol bleate-poate-papen neamd. Yn Fryslân sieten karmeliten yn Wâldsein (1337) en Drylts (1387). Nei lang ferfal ferdwûnen se yn 1580. Yn Drachten stiet noch it Karmelkleaster, oant 1993 brûkt fan karmelitessen.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Karmelieten.
  • Archief van de geschiedenis van het aartsbisdom Utrecht (Utert, 1875 e.f.)
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Carmelites fan Wikimedia Commons.