[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/
Preah-reach-anachâk Kampuchea
Flagge fan Kambodja Wapen fan Kambodja
Flagge Wapen
Lokaasje fan Kambodja
Offisjele taal Kmer
Haadstêd Pnom Pen
Steatsfoarm Monargy
Gebiet
% wetter
181.040 km²
2,5­%
Ynwenners (1998) 11.437.656
Munt Riel (KHR)
Tiidsône UTC +7
Nasjonale feestdei 9 novimber
Lânkoade KHM
Ynternet .kh
Tillefoan 855

Kambodja is in lân yn Súdeast-Aazje. De haadstêd is Phnom Penh en de kening fan de monargy is sûnt 2004 Norodom Sihamoni.

Kambodja wurdt begrinzge troch:

De Tônlé-Sap-bekken en de Mekong-delta foarmje in leechflakte dy't begrinzge wurdt troch bergen. Dizze flakte foarmet it tichtbefolke part fan Kambodja en is tige fruchtber. It wichtichste lânbouprodukt dat hjir ferboud wurdt is rys. Troch de flakte streamt de Mekongrivier fanút Laos út nei de Golf fan Tailân.

Yn it noarden fan Kambodja leit it Dongrek-berchte mei piken oant 700 meter hichte en yn it suden en súdwesten it Kardamom-berchtme mei as heechste pyk de Aoralberch dy't op 1771 meter hichte leit.

It lân hat in fochtich tropysk klimaat mei in fegetaasje dat fariearet fan mangrove oan de kust oer moessonbosken yn it sintrale part, oant reinwâlden yn it berchlân.

 
In Kmer leger set útein ta kriich tsjin de Gam, fan it relyf op de Bayon

Yn de 1e iuw fan de jiertelling sette minsken har nei wenjen yn Kambodja. Fan 802 oant likernôch 1350 hearde Kambodja by it Kmer-Ryk. Dat ryk besloech grutte dielen fan Súdeast-Aazje. Angkor Wat en oare Hindûtimpels binne oerbliuwsels fan dy tiid. Nei ferskate oarloggen mei it keninkryk Ayutthaya en Lan Xhang waard de Phnom-Penh haadstêd fan it Kmer-ryk en yn dy tiid feroaren hja de namme nei Kambû-ja (Kambodja).

Healwei de 15e iuw oant de Frânske tiid hienen de keningen net folle macht, mar wol ynlânske swierrichheden. Troch kriich mei it Keninkryk Ayutthaya en Fjetnam ferliest Kambodja sawol grûngebiet as rykdom. De glory tiid fan it Khmer-ryk soe net wer weromkomme. Tusken 11 augustus 1863 en 9 novimber 1953 wie Kambodja in Frânske kolony. Op 9 novimber 1953 ferklearre kening Norodom Sihanouk de ûnôfhinklikens.

Yn 1970 ûntstie in boargerkriich dy't einige yn it foardiel fan de kommunistyske Reade Kmer. Fan 1975 ôf fierden hja in wier skrikbewâld dat pas troch in ynfal fan Fjetnameeske troepen beëinige wurde soe. Neidat it Fjetnameeske leger har weromluts waarden frije ferkiezings holden. De lêste ienheden fan de Reade Kmer joegen har oer yn 1998.

It meastepart fan de Kambodjanen (94%) hearre etnysk besjoen by de Kmer. De Sjinezen binne de ien nei grutste groep mei sawat 3%, de Moslimske Gams folgje mei 2%. De rest fan de befolking bestiet út Fjetnamezen, Tais en berchfolken.

Der is ek in grutte groep Kambodjanen dy't bûten it lân wenje, nammentlik yn it noardeasten fan Tailân en yn it súdlike diel fan Fjetnam. Kambodja hat in jonge befolking dy't hurd waakst.

De wichtichste religy yn Kambodja is it boedisme dêr't om-en-de-by 88% fan de befolking by heart. De islam is mei 3% fan de befolking de twadde grutste religy. Fierders is der in lytse kristlike minderheid.

 
Rysfjilden spile in wichtige rol yn de enkonomy fan it lân

De lânbou draacht foar 50% by oan it Bruto Nasjonaal Produkt en jout wurk foar 85% fan de befolking. Utsein rys wurde dêr sojabeanen, stynske weet en piper ferboud. Tabak, fisk en tropysk hout wurde allyksa útfierd.

De yndustrysektor is lyts en produsearret fral foar de eigen merk.