[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

John Demjanjuk (berne 3 april 1920 as Ivan Mykolajovytsj Demjanjuk yn Dûbovi Macharintsi yn de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk; ferstoarn op 17 maart 2012 yn Bad Feilnbach, Dútslân) wie in nei de Feriene Steaten emigrearre Oekraïner, dy't dêr wurke as automonteur en yn de jierren 1980 oanwiisd waard as de persoan dy't yn de Twadde Wrâldkriich as kampbeweitser mei de bynamme "Ivan de Ferskriklike" yn it ferneatigingskamp Treblinka wurke hie.

John Demjanjuk
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ivan Nikolajevitsj Demjanjuk
nasjonaliteit Oekraynsk, Amerikaansk, letter steateleas
berne 3 april 1920
berteplak Dûbovi Macharyntsi (by Kiëv)
stoarn 17 maart 2012
stjerplak Bad Feilnbach, Dútslân
wurkpaad
reden
  bekendheid
Bewaker fan it kamp Sobibor

Yn 1986 waard John Demjanjuk nei denaturalisaasje troch de Feriene Steaten oerlevere oan Israel om dêr fanwegen fermiende kriichsmisdieden foar it rjocht te stean. Ynearsten waard Demjanjuk skuldich ferklearre en ta de dea feroardiele, mar dat fonnis waard yn 1993 ferneatige om't der sprake wêze soe fan in persoansferwikseling. Demjanjuk gyng werom nei de Feriene Steaten, mar waard yn 2009 oan Dútslân oerlevere, dêr't er as earste net-Dútske útfierder fan nazy-misdieden op 'e nij oanklage waard. Hy moast dêr foar it gerjocht stean fanwegen syn oandiel as bewaker yn it ferneatigingskamp Sobibór.

Op 12 maaie 2011 feroardiele de rjochtbank fan München Demjanjuk ta in finzenisstraf fan fiif jier fanwegen syn help oan it deadzjen fan 28.060 minsken. Der wie lykwols gjin ien yndividueel gefal, dy't op de rekken fan Demjanjuk skreaun wurde koe. Nettsjinsteande dat fûn de rjochtbank syn oanwêzigens as bewaker yn Sobibor yn 1943 foldwaande om him te feroardielen, om't Demjanjuk dêr as "rêd fan de ferneatigingsmasjine" tsjinne hie. Demjanjuk gyng yn berop tsjin it fonnis, mar ferstoar tsien moannen letter sûnder dat it hôf yn berop in binend fonnis útsprutsen hie.

Oant it ein fan de Twadde Wrâldkriich

bewurkje seksje

Nei syn skoaltiid wurke de noch jonge Demjanjuk op de traktor yn in kolchoz. Fan 1940 ôf tsjinne Demjanjuk yn it Reade Leger en yn maaie 1942 waard er op de Krim troch de Wehrmacht finzen nommen. De Dútsers setten him yn in kamp by Chełm fêst, dêr't er as in saneamde Hilfswilliger útsocht waard. Yn it twangarbeiderskamp Travniki (tsjintwurdich yn it easten fan Poalen) krige Demjanjuk militêre foarming en waard er by de SS foege. Dêrnei gyng er nei alle gedachten al gau oan it wurk yn Majdanek. Wat er dêr die is net bekend, mar op 27 maart 1943 moast er nei Sobibor, dêr't er yn in ploech fan 130 Hilfswilligen ûnder in Dútsk kommando fan 20 oant 30 man tsjinne en helpe moast by it beweitsjen fan it kamp. Begjin oktober 1943 waard Demjanjuk nei it Beierske konsintraasjekamp Flossenbürg oerpleatst. Foar it ein fan de kriich tsjinne Demjanjuk nei alle gedachten noch in hoart yn it oan de Dútske kant steande Russyske Befrijingsleger, it saneamde Vlasov-leger.

 
Foto fan Sobibor mei finzenen en bewakers út de kolleksje fan Johann Niemann

Nei de kriich

bewurkje seksje

Yn maaie 1945 ferfoege Demjanjuk him yn it kamp foar Displaced Persons yn Landshut, Beieren. Hy wie yn 1947 frachtweinsjauffeur foar de US Truck Company 1049 yn Regensburg en troude dêr mei in Oekraynske frou dy't er yn kamp kennen leard hie. Nei wat omswalkings en de berte fan in dochter besocht Demjanjuk nei de Feriene Steaten te emigrearjen, mar om't er fertocht waard fan tuberkuloaze moast er him yn Ulm deljaan. Op 29 jannewaris 1952 slagge it de hûshâlding om oer Bremerhaven nei de Feriene Steaten te reizgjen. Dêr feroare Demjanjuk syn foarnamme Ivan yn John. Yn novimber 1958 krige er de Amerikaanske nasjonaliteit. Hy wenne earst yn Indiana en ferhûze letter nei Seven Hills yn Ohio, dêr't er wurk krige by de Ford Motor Company.

Yn 1975 stoerde it regear fan de Sovjet-Uny in list mei 70 nammen fan ûnderstelde nasjonaal-sosjalistyske kollaborateurs nei Amerikaanske senatoaren, fan wa't bekend wie dat se nei de Feriene Steaten emigrearre wiene. Op dy list stie ek de namme fan Demjanjuk. Yn de simmer fan 1976 publisearre in yn New York útjûn tydskrift in útspraak fan Ignat Danilchenk, in feroardielde bewekker fan Sobibor, dy't sei dat er mei Demjanjuk yn Sobibor tsjinne hie. Yn 1977 krigen de Amerikaanske autoriteiten in kopy fan Demjanjuk's identiteitskaart, dêr't de lokaasjes op stiene dêr't er as Hilfswilliger wurke hie. Amerikaanske ûndersikers fûnen ek in oerpleatsingslist, dêr't út opmakke wurde koe dat Demjankuk op 27 maart 1943 nei Sobibor oerpleatst waard. Tagelyk wiene der yn Israel minsken dy't Treblinka oerlibbe hiene, dy't mienden dat se op foto's fan John Demjanjuk de as Ivan de Ferskriklike bekende bewaker fan Sobibor seagen. Yn 1981 waard him de Amerikaanske nasjonaliteit ôfnommen, om't er by syn oankomst yn de Feriene Steaten saken oer syn ferline stilholden hie.

Proses Israel

bewurkje seksje

Yn oktober 1983 tsjinne Israel in útleveringsfersyk oan de Feriene Steaten yn, dat op 27 jannewaris 1986 útfierd waard. Fanôf 25 febrewaris 1987 sette it proses yn Jeruzalim útein, dat in grut ynternasjonaal mediasirkus waard. Demjanjuk sei dêr dat er mear as in jier in ienfâldige kriichsfinzene west hie, mar dat woe de rjochtbank net oan. De omstannichheden yn it kamp by Chełm wiene sa min, dat er sa'n lange tiid nea oerlibbe koe. De rjochtbank achte de tsjûgenissen fan fiif minsken dy't Treblinka oerlibbe hiene en twa ferklearrings fan eardere SS-ers serieuzer en lies op 25 april 1988 syn deafonnis foar.

 
De Israelyske rjochtbank besjocht in foto yn it proses tsjin John Demjanjuk

Demjanjuk gyng tsjin it fonnis yn berop. Troch de ûntbining fan de Sovjet-Uny slagge it om 37 ferklearrings fan yn de Sovjet-Uny feroardielde bewakers fan Treblinka te krijen. Dêrút koe opmakke wurde dat de bynamme "Ivan de Ferskriklike" net foar Demjanjuk, mar foar de bewaker Ivan Martsjenko wie. Ek die bliken dat it Office of Special Investigations fan it Amerikaanske Ministearje fan Justysje stikken efterholden hiene, dy't der op wiisden dat it by Ivan de Ferskriklike net om John Demjanjuk, mar om Ivan Martsjenko gyng. Op 29 july 1993 waard Demjanjuk troch it Israelyske hôf frijsprutsen. Wol fûn it hôf dat it in útmakke saak wie dat Demjanjuk bewekker fan Sobibor west hie, mar dat wie net de oanklacht en dêrom wied er ek net útlevere. Demjanjuk koe werom nei de Feriene Steaten en krige yn 1998 de Amerikaanske nasjonaliteit werom.

Proses yn de Feriene Steaten

bewurkje seksje

Yn 2001 sette in nij proses tsjin Demjanjuk yn de Feriene Steaten útein. In ûndersyksteam fan it Office of Special Investigations ûnder lieding fan Edward Stutman oertsjûge de rjochtbank dat Demjanjuk yn de Twadde Wrâldkriich as bewekker yn de ferskate konsintraasjekampen tsjinne hie. It hie fan gefolgen dat op 30 april 2004 in Amerikaanske rjochtbank de Amerikaanske nasjonaliteit fan Demjanjuk wer ynloek.

Yn desimber 2005 waard opdracht jûn Demjanjuk nei de Oekraïne út te wizen, mar Demjanjuk fersette him dêrtsjin. De ymmigraasjetsjinst makke op 24 maart 2009 bekend dat der kontakt west hie mei it Dútske regear om papieren yn oarder te meitsjen foar in útwizing nei Dútslân. It parket yn München stelde Demjanjuk yn steat fan beskuldiging foar de moard op 29.000 minsken yn it ferneatigingskamp Sobibor. De advokaten fan Demjanjuk besochten begjin april 2009 de útwizing nei Dútslân oan te fjochtsjen, mar yn maaie waard útstel fan útwizing oan Dútslân troch de rjochter fan it Amerikaanske Hegerjochtshôf wegere.

Undersyksprosedures yn Itaalje en Poalen

bewurkje seksje

Demjanjuk waard der fan fertocht yn 1943 yn it Italjaanske konsintraasjekamp Risiera di San Sabbia misdieden pleegd te hawwen as lid fan ien fan de ienheden dy't ûnder lieding fan Odilo Globocnik nei Triëst oerbrocht waarden. Fanwegen it ûntbrekken fan bewiis liet de regionale rechtbank fan Triëst op 29 april 1992 it ûndersyk stopsette.

Ek Poalen ûndersocht de rol fan Demjanjuk by de moard op Poalske boargers troch Oekraynske bewakers yn de ferneatigingskampen fan it generaal-gûvernemint, benammen yn Treblinka. Ek dy prosedure moast fanwegen it ûntbrekken fan bewiis op 19 desimber 2007 stopset wurde.

Proses yn Dútslân

bewurkje seksje

It haadproses sette ûnder lieding fan rjochter Ralhp Alt op 30 novimber 2009 útein en wie juridysk unyk, om't foar it earst yn de skiednis fan de justysje fan de Dútske Bûnsrepublyk in net-Dútske efterútsteande foar it rjocht laat waard, dy't by it útfieren fan nazy-bevelen holp by it moardzjen, sûnder dat er sels direkt oan de moard dielnommen hie. In grut tal tsjûgen waarden heart. Ynearsten soe it proses 35 dagen duorje, mar it waard ferskate kearen ferlinge.

Wichtich foar de proseduere wie de tsjûgenis op 13 jannewaris 2010 fan saakkundige Dieter Pohl fan it Institut für Zeitgeschichte. Neffens Pohl is der net in soad bekend oer it hâlden en dragen fan de Travnini-manlju. De bûtenlânske helpers wiene lykwols konsekwint belutsen by de massamoard op de joaden. Hja waarden ek brûkt as ambachtslju en foar it wurk yn de keuken. By in flecht soene minsken as Demjanjuk de deastraf krije, mar guon waarden ek allinne straft mei it fêstsetten yn in konsintraasjekamp. Ien gefal wie bekend dat twa travniki's mei fiif finzenen tegearre besochten te flechtsjen; de nazy's wisten de travniki's en ien finzene op te pakken en se waarden alle trije ombrocht.

Op 19 jannewaris 2010 tsjûgen Thomas Blatt en Philip Bialowitz, twa dielnimmers oan de opstân fan Sobibor, foar de oanklager. De twa tsjûgen wurken as twangarbeiders yn it kamp yn de tiid dat ek Demjanjuk dêr as bewaker tjinne hawwe soe. Hja fertelden oer harren tiid yn Sobibor en dat de travniki's de slachtoffers mei bajonetten yn de gaskeamers dreaune en manmachtich besochten eltse flecht tefoarren te kommen. Hja koene harren lykwols gjin Demjanjuk as bewaker herinnerje.

Thomas Walther, de eardere haadûndersiker fan de Zentrale Stelle der Landesjustizverwaltungen zur Aufklärung nationalsozialistischer Verbrechen, sei op 2 febrewaris 2010 dat it prinsipe yn it Dútske strafrjocht, dat in konkrete misdied freget, yn it spesjale gefal fan de yndustriële moard fan de nazy's in oanpassing easke. Deadsfabriken lykas Sobibor wiene in unike sitewaasje en dêrom kaam Walther ta de konklúzje dat yn sokke gefallen net yndividueel bewiis nedich hie.

De saakkundige Anton Dallmayer waard op 14 april 2010 troch de Beierske steatsplysje ûnderfrege nei de identiteitskaart. Dy identiteitskaart wie ien fan de meast wichtige bewiisstikken ynbrocht yn it proses en moast bewize dat Demjanjuk yn Sobibor wurke hie. Dallmayer hie earder de kaart mei trije oare dokuminten van bewakers ferlikene en kaam oan de hân dêrfan ta de konklúzje dat it dokumint fan Demjanjuk autentyk wie. It koe lykwols net útsletten wurde dat alle fjouwer identiteitskaarten ferfalskings wiene.

Op 22 febrewaris 2011 joech de ferdediger Ulrich Busch in ferklearring fan Demjanjuk ôf, dy't it hiele proses swijend oanheart hie. Yn de ferklearring kundige Demjanjuk in hongerstaking oan, as in 1400 siden dokumint fan de Russyske geheime tsjinst, dat syn ûnskuld bewize koe, net as bewiis fan de ferdigening talitten waard. Fierder ferklearre Demjanjyk dat er de hongersneed ûnder Stalin, as Dútske kriichsfinzene en dêrnei it Israelyske deadsfonnis, mei in soad deadseangst oerlibbe hie. "No, oan it ein fan myn libben, besiket Dútslân, de naasje dy't sûnder genede en wreed miljoenen ûnskuldige minsken fermoarde, myn wurden, myn siele, myn geast en myn libben mei in polityk showproses te beëinigjen en my, in ienfâldige Oekraynske boer, foar de misdieden fan de Dútsers yn de Twadde Wrâldkriich skuldich te ferklearjen".

It gerjocht sluet de bewiisfiering op 17 maart 2011 ôf.

Oanklager Hans-Joachim Lutz easke yn syn pleit op 22 maart 2011 in finzenisstraf fan seis jier en achte it bewezen dat Demjanjuk yn 1943 dielnommen hie oan de moard op teminsten 27.900 joaden. Neffens de miening fan de oanklager wiene de beskuldigingen ek sûnder yndividueel bewiis deugdlik. Fersêftsjend yn de eask wie dat Demjanjuk ek sels in slachotffer fan de nazy's wie en tsjin it sin bewake moast. Hy wie in helper sûnder sels ferantwurdlikens te hawwen. Der wie lykwols gjin sprake fan Befehlsnotstand (de needsaaklikens om in befel op te folgjen) om't neffens de oanklager in flecht mooglik west hie.

De oare klagers tsjinnen op 13 en 14 april 2011 harren pleit yn. Se makken melding fan it lot fan harren famyljes en harren ein yn Sobibor. In advokaat fan de klagers, Cornelius Nestler, makke gjin gebrûk fan in slotrede, om't elk fan de klagers syn eigen ferwachting fan de straf útsprutsen hie.

De ferdediger fan Demjanjuk, Ulrich Busch, easke begjin maaie 2011 frijspraak en in skeafergoeding foar it fêstsitten foar Demjanjuk. Busch klage dat der yn de saak gjin rekken holden wie mei de tsjûgen en akten yn it foardiel fan Demjanjuk. Der wie gjin bewiis dat de fertochte ea yn it ferneatigingskamp Sobibor west hie en sels as soe dat al it gefal west ha, dan hie Demjanjuk as kriichsfinze gewoan gjin oare kar hân. De fertochte wie boppedat al earder slachtoffer fan dwaling fan justysje, doe't er fanwegen in persoanswikseling acht jier lang ûnskuldich yn in Israelyske finzenis sitten hie, wêrfan't fiif jier yn in deadesel. Dêrom hie Demjanjuk no wol genôch boete dien.

Op 12 maaie 2011 waard Demjanjuk feroardiele ta fiif jier finzenis fanwegen mandélichheid oan de moard op 28.060 minsken. De rjochtbank fûn it bewezen dat er as kriichsfinzene oplaat wie ta ien fan de likernôch 5.000 SS-frijwilligers en dat er fan ein maart oant healwei septimber 1943 tsjinne hie as bewaker yn it ferneatigingskamp Sobibor. Ek al koe him net ien gefal fan in spesifike moard oanwrean wurde, Demjanjuk makke dêr diel út fan de ferneatingsmasjine. It tal 28.060 waard berekkene oan de hân fan de transportlisen fan de treinen dy't yn it tiidrek oankamen yn Sobibor doe't Demjanjuk dêr tsjinne hie. Demjanjuk hie wegerje moatten mei te dwaan oan de foar de hân lizzende misdieden. Hy hie besykje moatten út te piken en it dêrby hearrende risiko foar leaf nimme moatten. De feroardielde joech fierder gjin kommintaar op de ferwiten, mar omskreau himsels yn trije skriflike ferklearrings as slachtoffer fan de Dútsers. De útspraak waard bywenne troch tsien fan de mear dan 30 klagers út Nederlân, fan wa't guon har hiele famylje yn Sobibor ferlern hie.

Nei't it fonnis útsprutsen wie waard it arrestaasjebefel opheven en waard Demjanjuk frijlitten. Nei twa jier finzenis stie de duer fan it fonnis net mear yn ferhâlding ta de âldens fan de doe al 91-jierrige Demjanjuk. Der wie gjin flechtrisiko, om't de fertochte steateleas wie en Dútslân sadwaande net ferlitte koe. Demjanjuk wenne oant syn dea yn in ferpleechhûs yn Bad Feilnbach.

De útspraak tsjin Demjanjuk waard net binend om't sawol de iepenbiere oanklager as de ferdigening yn berop gyngen. It kaam lykwols net ta in beslút fan it Dútske Federale Hôf fan Justysje, om't de fertochte op 17 maart 2012 ferstoar. Yn it Dútske strafrjocht foarmet it ferstjerren fan de fertochte in prosedurele behindering en dêrmei waard de saak seponearre.

Feroardieling Oskar Gröning

bewurkje seksje

Mei it beslút fan 20 septimber 2016 befêstige it Dútske Federale Hôf de feroardieling fan SS-Unterscharführers Oskar Gröning fanwegen "funksjonele meiwurking" oan de moard, sûnder dat Gröning yn it konsintraasjekamp Auschwitz sels oan yndividuele moarden dielnommen hie. Foar de oanklagers foarme de útspraak in belangrike bystelling fan de eardere rjochtspraak.

Fotokolleksje Johann Niemann

bewurkje seksje

Yn 2015 waard in partikuliere fotokolleksje ûntdutsen mei mear as 300 foto's fan SS-Untersturmführer Johann Niemann. De foto's foarmje in wichtige oanfolling op de tige seldsume bylddokumintaasje fan Sobibor. Niemann dokumintearre syn karriêre by de SS yn twa albums fan it konsintraasjekamp Esterwegen, de misdieden fan de eutanasy en de systematyske moard op joaden en Roma yn Belzec en Sobibor.

Demjanjuk's proses yn Israel soe de basis west ha foar de film "Music Box" (1989) fan de regisseaur Constantin Costa-Gavras.[1] Itselde proses tsjinne foar de Amearikaanske skriuwer Philip Roth as materjaal foar syn yn 1993 publisearre roman "Operation Shylock. A Confession".[2]

It libben fan Demjanjuk wie yn de dokumintêre "Der Fall Ivan Demjanjuk" ûnderwerp, dy't yn 2013 yn Dútslân útsjoerd waard. Yn de dokumintêre fan Frank Gutermuth, Sebastian Kuhn en Wolfgang Schoen wurde de lokaasjes, dy't in rol spilen yn it libben fan Demjanjuk, opsocht en in rige fan interviews fêstlein, mei û.o. de Nederlânske professor foar strafrjocht Christiaan Frederik (Frits) Rüter, de Sobibor-oerlibber Thomas Blatt en Kurt Schrimm, it haad fan de Zentrale Stelle der Landesjustizverwaltungen zur Aufklärung nationalsozialistischer Verbrechen. De dokumintêre waard yn opdracht fan de ARD makke en yn it ramt fan it proses tsjin Demjanjuk yn München útstjoerd.[3]

Yn 2019 waard troch Netflix de fiifdielige dokumintêre "The Devil Next Door" fan it proses tsjin John Demjanjuk en de fraach oft er de Oekraynske kampbeul Ivan de Ferskriklike wie oan it oanbod tafoege.[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:John Demjanjuk