Jeen van den Berg
Jeen van den Berg (De Feanhoop, 8 jannewaris 1928 - It Hearrenfean, 8 oktober 2014) wie in Frysk ûnderwizer en reedrider, dy't benammen bekend waard as de winner fan de Alvestêdetocht fan 1954. Hy wie ûnderwizer fan berop.
Jeen van den Berg | ||
sporter | ||
Jeen van den Berg, de winner fan 1954 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jeen van den Berg | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 8 jannewaris 1928 | |
berteplak | De Feanhoop | |
stjerdatum | 8 oktober 2014 | |
stjerplak | It Hearrenfean | |
etnisiteit | Frysk | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaanriden, Maratonriden | |
O.S. | Cortina d'Ampezzo 1956, Squaw Valley 1960 | |
wichtige prestaasjes | ||
Winner Alvestêdetocht 1954 |
Dy tocht wûn er yn de tiid fan 7 oeren en 35 minuten, in rekord dat pas 31 jier letter ferbettere waard. Yn de tocht fan 1956 einige er as seisde, nei de kopgroep dy't hân-yn-hân oer de finish gie. By de swiere tocht fan 1963 waard er tredde.
Van den Berg wie ek in goed langebaanrider. Hy die twa kear mei oan de Olympyske Winterspullen, beide kearen kaam er út op de 5 en 10 kilometer. Yn 1973 waard er de earste Nederlânsk kampioen maratonriden.
Jeen van den Berg wie ûnderwizer fan berop. Hy is eareboarger fan de gemeente It Hearrenfean.
Resultaten
bewurkje seksjejier | NK Allround | EK Allround | Olympyske Spullen | WK Allround |
---|---|---|---|---|
1950 | NS3 | - | - | |
1954 | 6e | - | - | |
1955 | 5e | - | - | |
1956 | sulver | - | 24e 5000m | - |
1957 | 16e | |||
1958 | 16e | 16e | ||
1959 | 16e | 15e | ||
1960 | 13e | 19e 5000m 22e 10000m |
13e | |
1962 | 11e | - | - | |
1963 | 6e | - | - |
- - = net meidien
- NS3 = net start op de 3e ôfstân
Biografy
bewurkje seksje- Mark Hilberts, Jeen van de Berg. Utjouwerij Noordboek, 2022.