Ilse Kraaijeveld
Ilse Kraaijeveld (Dokkum, 22 desimber 1990) is in Frysk swimster.
Ilse Kraaijeveld | ||
sporter | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 22 desimber 1990 | |
berteplak | Dokkum | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Swimmen | |
ûnderdiel | Frije Slach | |
trener | Henri Koek | |
earste titel | 4x50 m EK koartebaan 2010 | |
debút | 2009 |
Karriêre
bewurkje seksjeOp de Iepen Nederlânske kampioenskippen swimmen 2009 yn Eindhoven stie Kraaijeveld foar de earste kear op het NK-podium, sulver op sawol de 50 as de 100 meter frije slach. Twa wiken letter, op de NK sprint,foldie se oan de limyt foar de Europeeske kampioenskippen koartebaanswimmen 2009 yn Istanboel op de 50 meter frije slach. Yn Istanboel strrâme se yn de searjes fan de 50 meter frije slach.
By de Amsterdam Swim Cup 2010 wist Kraaijeveld in plak te bemachtigjen yn de 4x100 meter frije slach foar de Europeeske kampioenskippen swimmen 2010 yn Boedapest. Nei ôfrin fan de Amsterdam Swim Cup waard bekend dat se nei de simmer oerstapt nei it Nasjonaal Swimynstitút Eindhoven, yn Eindhoven sil se trene ûnder lieding fan Jacco Verhaeren.[1] Op de Europeeske kampioenskippen yn Boedapest waard de Nederlânske útskeakele yn de searjes fan sawol de 50 as de 100 meter frije slach, tegearre mei Saskia de Jonge, Elise Bouwens en Femke Heemskerk einige se as seisde op de 4x100 meter frije slach. Yn Eindhoven nom Kraaijeveld diel oan de Europeeske kampioenskippen koartebaanswimmen 2010, op dit toernoai strâne se yn de searjes fan de 100 meter frije slach. Op de 4x50 meter frije slach swom se mei Inge Dekker, Saskia de Jonge en Marleen Veldhuis yn de searjes, yn de finale ferovere Dekker mei Femke Heemskerk, Hinkelien Schreuder en Ranomi Kromowidjojo de Europeeske titel. Foar har oandiel yn de searjes waard Kraaijeveld leanne mei de gouden medalje.
By de Europese kampioenskippen koartebaanswimmen 2011 yn Szczecin waard se útskekele yn de searjes fan de 100 meter frije slach, mei Tamara van Vliet, Rieneke Terink en Maud van der Meer einige se as fjirde op de 4x50 meter frije slach.
Yn 2012 beslut Kraaijeveld om wer nei Swimferiening Orka yn Ljouwert te gean om te trenen by Henri Koek
Resultaten
bewurkje seksjeYnternasjonale toernoaien
bewurkje seksjeJier | Olympyske Spullen | WK langebaan | WK koartebaan | EK langebaan | EK koartebaan |
---|---|---|---|---|---|
2009 | gjin dielname | 23e 50m frije slach | |||
2010 | gjin dielname | 20e 50m frije slach 23e 100m frije slach 6e 4x100m frije slach |
20e 100m frije slach 4x50m frije slach Kraaijeveld swom inkeld de searjes | ||
2011 | gjin dielname | 33e 100m frije slach 4e 50m frije slach |
Nederlânske kampioenskippen swimmen
bewurkje seksjeJier | NK langebaan | NK koartebaan[2] |
---|---|---|
2006 | 13e 100m rêchslach 9e 200m rugslag 13e 100m rêchslach |
16e 50m frije slach 16e 100m rugslag 12e 200m rugslag |
2007 | 8e 50m frije slach 12e 100m frije slach 10e 200m rêchslach |
4e 50m frije slach 10e 100m frije slach |
2008 | 6e 50m frije slach 9e 100m frije slach |
5e 50m vrije slag 4e 100m frije slach 15e 200m frije slach 13e 50m rêchslach |
2009 | 50m frije slach 100m frije slach 6e 200m frije slach |
50m frije slach 4e 100m frije slach 12e 200m frije slach 7e 50m flinterslach |
2010 | 50m frije slash 100m frije slach |
50m frije slach 100m frije slach 200m frije slach |
2011 | 6e 50m frije slach 13e 50m rêchslach |
14e 50m frije slach 16e 100m frije slach |
Persoanlike rekords
bewurkje seksjeBywurke oant en mei 5 desimber 2010
Koartebaan
bewurkje seksjeOfstân | Tijd | Datum | Plak |
---|---|---|---|
50m frije slach | 24,65 | 11 desimber 2009[3] | Istanbûl |
100m frije slach | 54,38 | 5 desimber 2010 | Amsterdam |
200m frije slach | 1.58,59 | 4 desimber 2010 | Amsterdam |
Langebaan
bewurkje seksjeOfstân | Tiid | Datum | Plak |
---|---|---|---|
50m frije slach | 25,49 | 12 juni 2009 | Eindhoven |
100m frije slach | 55,26 | 14 juni 2009 | Eindhoven |
200m frije slach | 2.03,20 | 14 juny 2009 | Eindhoven |
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|