[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

De hjerst is ien fan de fjouwer jiertiden. It seizoen leit tusken de simmer en de winter yn. De hjerst begjint op it noardlik healrûn offisjeel op 21 septimber en rint oant en mei 20 desimber, wêrnei de winter begjint. Op it súdlik healrûn is it yn dizze tiid de maaitiid.

Yn de hjerst ferkleuret it blêd fan de beammen wêrnei it fan de beam ôffalt.

Yn de stjerrenkune begjint de hjerst mei de hjerstevennacht as de sinne troch it hjerstpunt giet, om 23 septimber hinne op it noardlik healrûn en om 20 maart hinne op it súdlik healrûn. De dei en de nacht binne dan sawat like lang. De hjerst einiget mei de wintersinnekear, om 22 desimber hinne op it noardlik healrûn en om 21 juny hinne op it súdlik healrûn.

Yn de waarkunde rint de hjerst op it noardlik healrûn op 1 septimber oant 1 desimber en op it súdlik healrûn fan 1 maart oant 1 juny.

Yn de hjerst giet de temperatuer omleech en falt it blêd fan de beammen. Ek is de hjerst de tiid fan it rispjen.