[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

Global Positioning System

It Global Positioning System (koart: GPS) is in technyk dêr't men mei help fan satelliten sjen kin wêr't men is.

De ierde mei de GPS-satelliten, dy't der omhinne draaie. Tink derom, hoe’t it tal fan satelliten dy’t men tagelyk sjen kin, oanienwei feroaret. Dat wurdt hjir op elk stuit - sa’t de ierde draait - jûn foar 45° noarderbreedte yn blau.

De satelliten stjoere in sinjaal en mei help fan GPS-ark (lykas autonavigaasje) kin neigien wurde wannear't it sinjaal ferstjoerd is en wêr't it wei komt. Teorysk is it mooglik mei trije satelliten en in GPS-ûntfanger it plak en de hichte nei te gean. It plak dêr't men dan is wurdt berekkene mei in krektens fan op syn heechst 10 meter ôfwiking.

Yn desimber 1993 kaam de 24e satellyt yn in baan om de ierde. Der binne 24 wurkjende satelliten nedich om op elk plak op ierde op syn minst fjouwer satelliten sjen te kinnen. De satelliten folgje seis ferskillende banen om de ierde en stjoere allegear in eigen sinjaal.