[go: up one dir, main page]
More Web Proxy on the site http://driver.im/

De Golf fan Meksiko (Ingelsk: Gulf of Mexico, Spaansk: Golfo de México) is in see yn Noard-Amearika. Lannen oan de Golf fan Meksiko binne Meksiko (mei de dielsteaten Yucatán, Campeche, Veracruz, Tamaulipas), de Feriene Steaten (fan east nei west: Florida, Alabama, Louisiana, Mississippy, Texas) en Kuba.

De Golf fan Meksiko yn 3D
It oaljefjild Cantarell yn de Golf fan Kampesj

De Meksikaanske Golf beslacht likernôch 1.600.000 km². It djipste punt fan de Golf fan Meksiko is 4.384 meter, yn it Sigsbee Deep. De see hat in rûne ovale foarm en is fan west nei east likernôch 1.500 km lang. By de noard- en westkust binne boareilannen dy't nei oalje boare. De Golf fan Meksiko is troch de Strjitte fan Florida ferbûn mei de Atlantyske Oseaan. De Strjitte fan Yacatan jout de Golf fan Meksiko yn ferbining mei de Karibyske See. It súdlike part fan de Golf fan Meksiko wurdt ek de Golf fan Campeche neamd.

De belangrike rivieren dy't yn de Golf fan Meksiko einigje binne de Mississippy, de Rio Grande en de Río Grijalva. Wichtichste havenstêden binne Tampa, New Orleans, Houston, Tampico, Veracruz en Havana. De Golfstream ûntstiet yn de Golf fan Meksiko. Lannen om de Golf hinne wurde ek wol de Golfsteaten neamd (in namme dy't se ek brûke foar de lannen om de Perzyske Golf hinne). Yn de skipfeart wurdt de Golf fan Meksiko ek wol de US Gulf neamd.