First lady
Mei de term first lady (Ingelsk foar "earste dame") wurdt yn 'e regel ferwiisd nei de frou fan 'e presidint fan in lân (gauris spesifyk de Feriene Steaten). Somtiden kin it ek de frou fan in premier fan in lân wêze, en binnen de Feriene Steaten wurde ek de oarehelten fan 'e gûverneurs fan 'e ôfsûnderlike steaten oantsjut as de first lady of the first gentleman (it manlike ekwifalint) fan 'e oangeande steat. Yn 'e Feriene Steaten wurdt fierders de frou fan 'e fise-presidint de second lady ("twadde dame") neamd.
Etymology
bewurkje seksjeIt begryp first lady is letterlik út it Italjaansk oerset fan prima donna. Lykwols is in prima donna de froulike haadrol yn in opera, mar it kin ek in man of frou fan kwizekwânsje wêze.